De Held Jozua
De Held Jozua | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Saandam | |
adres | Held Jozuapad 3 | |
koördinaten | 52° 26' N 4° 48' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | paltrokmûne | |
funksje | houtseachmûne | |
flecht | 20,50 m | |
boujier | 1751 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Paltrokmolen Zaandam | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 40094 | |
Kaart | ||
De Held Jozua is in paltrokmûne yn it Noard-Hollânske plak Saandam. De mûne stiet oan 'e Houtveldweg op in eilân tusken de bebouwing fan 'e yn 'e jierren 1980 oanleine nijbouwyk Westerwatering. De houtseachmûne wie in balkeseager.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn of flak foar 1719 boud. De wynbrief is op 25 july 1719 ôfjûn, mar it barde faak dat dy wynbrief ôfjûn waard wylst de mûne al wurke. De mûne waard ferneamd nei de Bibelske Jozua, de opfolger fan Moazes.
Nei de ynstallaasje fan in elektryske seagerij yn 1946 rekke de mûne yn 1949 bûten gebrûk. Oant 1970 draaide de Jozua út en troch, mar dêrnei slagge dat net mear en rekke de mûne yn it neigean. Nei in soad wederwaardichheden kocht J.J. Koeman yn 1987 de mûne oan, dy't de mûne troch de stifting De Held Jozua restaurearje liet.
By de bou fan 'e nijbouwyk yn 'e jierren 1980 is goed rekken holden mei de mûne, sadat ek hjoed-de-dei de mûne noch draaie kin op wyn.
It eigendom fan 'e mûne is ein 2022 oerdroegen oan 'e stifting Paltrokmolen Zaandam. De mûne is noch kompleet mei houtloadsen, allinne ha de skuorren hjoed-de-dei de funksje fan in restaurant.
Yn 'e regel draait de mûne saterdeis en dan is in besite mooglik.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e Saankrite | ||
---|---|---|
Oaljemûnen: De Bonte Hen • De Ooijevaar • De Os • Het Pink • De Zoeker | ||
Seachmûnen: De Gekroonde Poelenburg • De Held Jozua • Het Jonge Schaap | ||
Oare types: De Bleeke Dood • Herkules • De Huisman • De Kat • De Koker • Het Prinsenhof • De Schoolmeester • De Veldmuis | ||
Lytse mûntsjes: De Hadel • De Jonge Dirk • Kaatmolen • Het Klaverblad • De Kroosduiker • De Windhond • De Windjager • De Zwaan • Het Zwarte Kalf | ||
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen | ||
· · |