De Bleeke Dood
De Bleke Dea | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Zaandijk | |
adres | Lagedijk 28 | |
koördinaten | 52° 28' N 4° 48' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 22,60 m | |
boujier | 1782 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 40100 | |
Webside | ||
De Zaansche Molen | ||
Kaart | ||
De Bleke Dea, offisjeel De Bleeke Dood of koartwei De Dood, is in nôtmûne op 'e hoeke fan 'e Guisweg/Lagedijk skeef foar de Saanske Skâns oer yn it doarp Zaandijk (gemeente Saanstêd). It is boppedat noch ien fan 'e twa restearjende nôtmûnen fan 'e Saankrite.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wynbrief fan 'e mûne datearret út 1656 en op basis fan 'e wynbrief waard lang tocht dat it de âldste stellingmûne fan Nederlân wie. Dochs wie der wol twifel oer de âldens fan 'e mûne en nei dendrogronologysk ûndersyk die bliken dat mûne foar it grutste part net fan ikehout, mar fan dinnehout út Dútslân boud wie en dat it hout om 1778 hinne kapt waard. Fierder is der noch in âld ôfbyld fan 'e mûne fûn, mei it jiertal 1782 op it mûneburd. Dêrmei koe fêststeld wurde dat de mûne in opfolger west hawwe moat fan 'e yn 1656 boude mûne. Hjoed-de-dei wurdt as boujier 1782 oanholden.
De mûne krige yn 1910 in elektromotor, dy't it geande wurk fan 'e mûne oandriuwe koe, mar de mûne bleau ek op wynkrêft draaien. Oant yn of fuort nei de Earste Wrâldkriich koe mei in boat oant yn 'e mûne fearn wurde om te laden en lossen. It haventsje bûten de mûne is pas yn 'e jierren 1960 tichtsmiten.
In brân op 9 april 1922 makke hast in ein oan 'e mûne, mei't fonken fan in oare brân oersprongen en it reiden tek yn fjoer setten. De brânwar wist it fjoer te beheinen en te dwêsten, mar oant de dei fan hjoed binne de brânspoaren noch te sjen.
Om 't ien fan 'e roeden yn minne steat wie en gjin hekwurk mear hie, waard op it lêst noch mei ien roede draaid. Yn 1931 waard it wjukkekrús ferwidere en in pear jier letter folge de ferwidering fan 'e sturt en stelling, wylst der fierder elektrysk mealle waard. Hieltiten mear saken waard út de mûne ferwidere, oant yn 1950 de feriening De Zaansche Molen de mûne yn eigendom krige. Dy feriening renovearre de Bleke Dea yn 1955 en makke de mûne wer mealree. Sûnt 1967 is de mûne in ryksmonumint.
It mûndershûs stiet is foar in part yn 'e mûne en foar in part bûten de mûne boud.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e súdkant fan Zaandijk stiet hjoed-de-dei de nôtmûne de Dea, mar oant de sloop yn 1904 stie oan 'e noardkant de poldermûne it Libben ('t Leven). Dêrfandinne waard der faak sein dat de ynwenners fan it doarp tusken dea en libben ferkeare.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e Saankrite | ||
---|---|---|
Oaljemûnen: De Bonte Hen • De Ooijevaar • De Os • Het Pink • De Zoeker | ||
Seachmûnen: De Gekroonde Poelenburg • De Held Jozua • Het Jonge Schaap | ||
Oare types: De Bleeke Dood • Herkules • De Huisman • De Kat • De Koker • Het Prinsenhof • De Schoolmeester • De Veldmuis | ||
Lytse mûntsjes: De Hadel • De Jonge Dirk • Kaatmolen • Het Klaverblad • De Kroosduiker • De Windhond • De Windjager • De Zwaan • Het Zwarte Kalf | ||
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen | ||
· · |