De Veldmuis
De Fjildmûs | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Westsaan | |
koördinaten | 52° 26' N 4° 46' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | wenhûs | |
oarspr. gebrûk | snúfmûne | |
flecht | 16 m | |
boujier | 1689 / 2020 | |
sloopjier | 1916 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | partikulier | |
Kaart | ||
De Fjildmûs, offisjeel De Veldmuis (bynamme De Kikkert), is in stellingmûne yn it Noard-Hollânske plak Westsaan. De mûne stiet op it plak dêr't eartiids in mûne mei deselde namme stie, mar is dêr gjin krekte rekonstruksje fan.
Oarspronklike mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike Fjildmûs wie in latteseager, mar waard yn 1689 as snúfmûne foar it meitsjen fan tabak boud. De eigner wie doe Cornelis Dirckss. IJff, dy't op 3 novimber 1689 in wynbrief foar de mûne krige. Dy wie eastlik fan it doarp Westsaan efter de J.J. Allanstraat 48 boud. Doe't de famylje de mûne yn 1738 ferkocht, wie dat op betingst dat de mûne nei in oar plak moast. De keaper wie Aris Engel en dy boude de mûne op 'e nij oan 'e westkant fan it doarp op en rjochte de mûne as latteseager yn.
De lêste mûnder dy't op wynkrêft mei de mûne hout seage wie Piet Kee, dy't yn 1916 de mûne foar ôfbraak ferkocht om njonken de seachskuorren in petroaljemotor te setten foar it oandriuwen fan it seachmechanisme. Neffens de oerlevering waard it seiskant troch in Amerikaan kocht om de mûne yn syn eigen lân wer op te bouwen, mar it skip dat de ûnderdielen nei de Feriene Steaten transportearre, waard torpedearre en sonk. Mei't yn 1977 in ein oan 'e seagerij kaam, waard de seacherij ferwidere en bleaune de skuorren stean.[1]
Werbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin 2000 waard wat der noch stie oankocht troch de firma Somass út Wormer. De oprjochters fan dat bedriuw, Gé Sombroek en Gerrit van Assema, hiene har al in hiel skoft ynset foar it behâld en de werbou fan 'e typyske Saanske houtarsjitektuer. Der waard in ûntwerp makke en de noch te bouwen mûne waard te keap set. Fanwegen de ekonomyske krisis duorre it oant 2017 dat der in keaper wie. Dy woe de mûne lykwols as wenhûs ynrjochtsje. De wjukken kinne draaie en enerzjy opwekke. Mei de bou waard yn 2018 útein set. Yn juny wie de romp ree en yn septimber is de kape op de romp set. In grut ferskil mei de âlde mûne is dat de hjoeddeiske mûne gjin seiskant mar in achtkant hat.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en oare ferwizings op nl:De Adriaan (Haarlem)
|
Wynmûnen yn 'e Saankrite | ||
---|---|---|
Oaljemûnen: De Bonte Hen • De Ooijevaar • De Os • Het Pink • De Zoeker | ||
Seachmûnen: De Gekroonde Poelenburg • De Held Jozua • Het Jonge Schaap | ||
Oare types: De Bleeke Dood • Herkules • De Huisman • De Kat • De Koker • Het Prinsenhof • De Schoolmeester • De Veldmuis | ||
Lytse mûntsjes: De Hadel • De Jonge Dirk • Kaatmolen • Het Klaverblad • De Kroosduiker • De Windhond • De Windjager • De Zwaan • Het Zwarte Kalf | ||
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen | ||
· · |