Springe nei ynhâld

David II fan Skotlân

Ut Wikipedy
David II fan Skotlân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 5 maart 1324
berteplak Dunfermline (Skotlân)
stjerdatum 22 febrewaris 1371
stjerplak Edinburch (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Skotsk
Iersk
Ingelsk
Normandysk
kening fan Skotlân
regear 13291371
foargonger Robert I
opfolger Robert II
greve fan Carrick
amtsperioade 13241329
foargonger Robert
opfolger Aleksander

David II of David fan Bruce (Ingelsk: David Bruce; Midsiuwsk Skotsk-Gaelysk: Daibhidh a Briuis; modern Skotsk-Gaelysk: Dàibhidh Bruis; Normandysk-Frânsk: Dauid de Brus; Skotsk: David Brus; Dunfermline, 5 maart 1324Edinburch, 22 febrewaris 1371) wie kening fan Skotlân fan 1329 oant 1371. Hy wie de soan fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce, en groeide ûnder de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch fierhinne op yn ballingskip yn Frankryk. Nei syn weromkear yn Skotlân joech er persoanlik lieding oan ferskate militêre aksjes tsjin Ingelân, wêrby't er yn 1346 kriichsfinzen nommen waard. Dêrnei brocht David alve jier troch yn 'e Ingelske finzenskip, û.m. yn 'e Toer fan Londen, foar't er yn 1357, oan 'e ein fan 'e oarloch, tsjin in meunsterlik hege lospriis frijlitten waard. Hy wie de twadde en lêste Skotske kening út it Hûs Bruce.

David II waard yn 1324 berne yn it Paleis fan Dunfermline, yn Fife, as de soan fan 'e Skotske kening Robert I en dy syn twadde frou Elizabeth fan Burgh. Sawol oan heite- as memmekant stamme er út foarname Normandyske aadlike geslachten, mei dêropta Skotsk, Ingelsk en Iersk bloed. David wie de âldste fan in twilling; syn jongere broer Jan kaam yn 1327 mei trije jier te ferstjerren, itselde jiers dat ek harren mem stoar.

Under de betingsten fan it Ferdrach fan Edinburch-Northampton, dat yn 1328 in ein makke oan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, troude David op 17 july 1328, doe't er fjouwer jier wie, te Berwick-upon-Tweed mei de doe sânjierrige Jehanna fan Ingelân (1321-1362). Syn jonge breid, better bekend ûnder de bynamme 'Jehanna fan 'e Toer', wie de dochter fan kening Edwert II fan Ingelân en dy syn frou Isabella fan Frankryk, en it houlik tusken harren wie bedoeld om 'e frede tusken Skotlân en Ingelân te besegeljen.

It segel fan David II fan Skotlân.

Regear ûnder regintskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it ferstjerren fan syn heit, op 7 juny 1329, folge David him mei fiif jier op as kening fan Skotlân. De eigentlike kroaning fan him en syn jonge keninginne fûn op 24 novimber 1331 plak, yn Scone, dêr't fan âlds alle Skotske keningen kroane waarden. Om't David noch mar in bern wie, waard Tomas Randolph, 1e greve fan Moray, in goede freon en trouwe folgeling fan syn heit, oansteld as beskermhear fan Skotlân, om foar him it regear oer it lân waar te nimmen. Dat wie ek wol nedich, want it wiene nuodlike tiden foar Skotlân. Yn 1332 briek de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch út doe't in groep Skotske ballingen mei Ingelske stipe in ynfal yn Skotlân die; dat wiene eallju dy't al har besittings kwytrekke wiene om't se it yn 'e earste oarloch mei de Ingelsen holden hiene.

Doe't Moray op 20 july 1332 hommels kaam te ferstjerren, wierskynlik oan in nierstien, waard Donald II, greve fan Mar, foar him yn 't plak oansteld, mar dy kaam tsien dagen letter om yn 'e Slach by Dupplin Moor. Dêrnei waard it beskermhearskip opnommen troch de ridder Andréas fan Murray, dy't troud wie mei David syn muoike Kristina fan Bruce. Nei't dyselde yn april 1333 troch de Ingelsen kriichsfinzen makke waard by Roxburgh, waard er as beskermhear ferfongen troch Archibald Douglas, dy't lykwols yn july fan dat jier sneuvele yn 'e Slach by Halidon Hill.

Nei de Ingelske oerwinning by Halidon Hill waard David II mei keninginne en hofhâlding yn it ramt fan 'e Auld Alliance yn feilichheid brocht yn Frankryk, dêr't er op 14 maaie 1334 yn Boulogne-sur-Mer oankaam. Hy en Jehanna waarden mei grutte pracht en preal ûnthelle troch kening Filips VI fan Frankryk, en hoewol't der hast neat bekend is oer it ferbliuw fan 'e Skotske kening yn Frankryk, sil er grif in hoart trochbrocht hawwe oan it Frânske Keninklik Hof yn Parys. Filips VI joech David it Kastiel fan Gaillard, yn Normandje, om him yn nei wenjen te setten, en dêr sil er sadwaande it grutste part fan 'e tiid trochbrocht hawwe.

David II (loftsûnder) finzen nommen yn 'e Slach by Neville's Cross.

Fierders is bekend dat David yn oktober 1339 oanwêzich wie by it bloedleaze treffen fan 'e Ingelske en Frânske legers te Vironfosse (no Buironfosse), yn Pikardje. Tsjin dy tiid wiene de Skotten, foar in diel troch de stipe dy't se fan 'e Frânsen krigen, wer fierhinne baas yn eigen lân. Sadwaande waard it feiligernôch achte foar David om werom te kearen nei Skotlân, dêr't er op 2 juny 1341 te Inverbervie yn Kincardineshire oankaam. Hy wie doe santjin jier âld, en besleat it bestjoer oer syn keninkryk no yn eigen hannen te nimmen.

Finzenskip yn Ingelân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

David II wie wisberet om 'e oantins oan syn heit Robert I eare oan te dwaan en syn tankberens oan Filips VI foar de Frânske stipe blike te litten. Dêrta joech er sels lieding oan ferskate ynfallen yn noardlik Ingelân. Op 17 oktober 1346 waard it Skotske leger yn Noardumberlân lykwols ferslein yn 'e Slach by Neville's Cross, wêrby't David kriichsfinzen nommen waard troch de ridder Jan fan Copeland. Hy waard dêrnei troch Edwert III fan Ingelân alve jier lang finzen holden, yn 't earstoan yn 'e Toer fan Londen, doe yn it Kastiel fan Windsor, yn Berkshire, en noch letter yn it Kastiel fan Odiham, yn Hampshire.

David syn finzenskip wie net botte swier, mei't Edwert III syn sweager wie. Underwilens waard Skotlân regearre troch David syn (âldere) omkesizzer Robert Stewart, 7e grutsteedhâlder fan Skotlân, de soan fan syn muoike Marjorie fan Bruce. Yn 1357 waard David einlings en te'n lêsten troch de Ingelsen frijlitten. Under de betingsten fan 'e Frede fan Berwick, dêr't de frijlitting ûnderdiel fan útmakke, moast Skotlân de ûnbidich hege lospriis fan 100.000 Skotske marken betelje (ien Skotske mark wie ⅔ fan in Britsk pûn).

De sweagers David II fan Skotlân (l.) en Edwert III fan Ingelân (rj.).

Werom yn Skotlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn weromkear yn Skotlân brocht David syn keninkryk suver oan 'e biddelstêf troch te besykjen en bring de ôfsprutsen lospriis byinoar. Tsjin 1363 bliek it ûnmooglik om noch oan 'e jierlikse ôfbetellings te foldwaan. Dêrop reizge David nei Londen ta en stimde der mei yn dat as hysels sûnder bern ferstoar, Edwert III of ien fan dy syn soannen him opfolgje soe. De measte histoarisy sjogge dy oerienkomst lykwols as in falsk besykjen om 'e Ingelsen safier te krijen dat se de rest fan 'e lospriis kwytskelden, wat se net diene. Hoe dan ek, it Skotske parlemint ferwiisde dizze oerienkomst yn 1364 nei de foddekoer. Ferskate jierren dêrnei ûnderhold David geheime ûnderhannelings mei syn sweager Edwert, wêrmei't er it spul blykber glêd wist te striken.

Nei it ferstjerren fan syn frou Jehanna, yn 1362, mei wa't er gjin bern krigen hie, wertroude David omtrint 20 febrewaris 1364 mei Margareta Drummond1340-nei jannewaris 1375), in widdo fan lege adel. Mei dat houlik, dêr't er him neffens de measten fan syn tiidgenoaten mei fergoaide, jage er in protte Skotten tsjin him yn it harnas. Om 20 maart 1370 hinne skiede David fan syn twadde frou om't dy ûnfruchtber wêze soe, mar Margareta liet it dêr net by sitte. Hja reizge alhiel nei it Pauslik Hof yn Avignon en gie mei súkses by paus Gregoarius X yn berop tsjin 'e skieding dy't yn Skotlân tsjin har útsprutsen wie.

Fan 1364 ôf regearre David krêftich, wêrby't er koarte metten makke mei oerhearrige eallju en wiere opstannelingen. Hy hold oan mei it neistribjen fan in duorjende frede mei Ingelân, en klaude Skotlân finansjeel wer by de wâl op. David II stoar hommels en op it hichtepunt fan syn macht op 22 febrewaris 1371 yn it Kastiel fan Edinburch, yn 'e âlderdom fan 46 jier. Hy waard begroeven yn 'e Abdij fan Holyrood, yn Edinburch. By syn dea hied er gjin bern út syn beide houliken, en wied er fan doel om te trouwen mei syn mêtresse Agnes Dunbar (in muoikesizzer fan 'e ferneamde Swarte Agnes). Sadwaande waard er opfolge troch syn omkesizzer Robert Stewart, 7e grutsteedhâlder fan Skotlân, dy't as Robert II op 'e troan kaam, de earste kening út it Hûs Stuart. Doe't Edwert III fan Ingelân yn 1377 stoar, moasten fan 'e lospriis foar David II noch 24.000 Skotske marken betelle wurde, mar dêr waard net mear oan foldien.

Foarâlden fan David II

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
8. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
4. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
9. Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Isabella Marshal, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
2. Robert I, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Cailean, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
10. Neil, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
5. Marjorie, grevinne fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
11. Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Bethóc, grevinne fan Angus
 
 
 
 
 
 
 
1. David II, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Richard fan Burgh, 1e baron fan Konnacht
 
 
 
 
 
 
 
12. Walter fan Burgh, 1e greve fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Egidia fan Lacy, baronesse fan Konnacht
 
 
 
 
 
 
 
6. Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Jan FitzGeoffrey
 
 
 
 
 
 
 
13. Isabella FitzJohn
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Isabella Bigod
 
 
 
 
 
 
 
3. Elizabeth fan Burgh, grevinne fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Hubert fan Burgh, 1e greve fan Kent
 
 
 
 
 
 
 
14. Jan fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Beätriks fan Warenne
 
 
 
 
 
 
 
7. Margareta fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Willem III fan Lanvaley
 
 
 
 
 
 
 
15. Hawise fan Lanvaley
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Maud fan Peche
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.