Agnes Dunbar (mêtresse)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Agnes Dunbar
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
nasjonaliteit Royal Arms of the Kingdom of Scotland.svg Skotsk
bertedatum ±1350
berteplak ? (Skotlân)
stjerdatum nei 1372
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs Dunbar
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk

Agnes Dunbar (fl. twadde helte fjirtjinde iuw) wie in Midsiuwsk Skotsk ealfrouwe, dy't de lêste mêtresse wie fan 'e kening David II fan Skotlân.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Agnes Dunbar har mem wie Isabella Randolph, in dochter fan Tomas Randolph, 1e greve fan Moray, de fertrouling fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce. Agnes har heit, de ridder Patrick Dunbar, wie de soan fan 'e ridder Aleksander Dunbar en de pakesizzer fan Patrick, 7e greve fan Dunbar. Agnes sels wie in muoikesizzer fan Agnes Randolph, grevinne fan Dunbar, better bekend as 'Swarte Agnes', dy't ûnder de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1332-1357) namme makke troch de lieding fan it garnizoen fan it Kastiel fan Dunbar op har te nimmen doe't dat troch de Ingelsen belegere waard.

Der is net sa'n soad oer Agnes Dunbar bekend, mar yn elts gefal wie hja oarspronklik troud mei in man dy't fan Robert hiet, mei wa't hja teminsten ien en mooglik mear bern hie. It hat der sterk fan dat har man ein 1360-er jierren stoarn is. Omtrint 1369 liket Agnes de mêtresse wurden te wêzen fan 'e Skotske kening David II, de soan fan Robert de Bruce, mei't der fan dy tiid ôf keninklike betellings oan har dien waarden. In moanne foar't David II yn febrewaris 1371 hommels kaam te ferstjerren, waard der in betelling fan 1.000 Skotske marken oan har dien, wat doedestiden in útsûnderlik grut bedrach wie. Dat wiist derop dat de kening, dy't him yn 1369 fan syn twadde frou Margareta Drummond skiede litten hie, nei alle gedachten fan doel wie om mei Agnes te trouwen.

Nei David syn dea troude Agnes op 21 novimber 1372 mei de ridder Jakobus Douglas fan Dalkeith. Mei him krige hja in soan, Jakobus Douglas, 1e hear fan Dalkeith (nei 1372-1441). Agnes har oerbeppesizzer wie Jakobus Douglas, 1e greve fan Morton (1426-1493). It is ûnbekend wannear't hja stoarn is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.