Springe nei ynhâld

Cécile Corbel

Ut Wikipedy
Cécile Corbel
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cécile Corbel
nasjonaliteit Frânsk
berne 28 maart 1980
berteplak Pont-Croix (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
sjenre Keltysk, wrâldmuzyk
sjongtaal Frânsk, Bretonsk, Italjaansk,
Ingelsk e.o.
ynstrumint stim, harp
grutste hit(s) Arrietty's Song
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
cecile-corbel.com

Cécile Corbel (Frânske útspr.: [seːˈsil kɔʁˈbɛl], likernôch: "see-syl koch-bel"; Pont-Croix, 28 maart 1980) is in Frânsk sjongster, harpiste, lietsjeskriuwster en komponiste fan etnysk Bretonsk komôf. Hja makket muzyk dy't ta de sjenres Keltyske muzyk en wrâldmuzyk rekkene wurde moat, en sjongt yn it Frânsk, Bretonsk, Italjaansk en Ingelsk. Dêrnjonken hat se teminsten ien ferske yn it Spaansk, Dútsk, Japansk, Iersk, Welsk en Turksk songen. Bûten Frankryk krige Corbel bekendheid troch har meiwurking as filmkomponiste oan 'e tekenfilm Arrietty (2010). Har libbenspartner is lietsjeskriuwer Simon Caby, dy't ek har mei-komponist is.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cécile Corbel waard yn 1980 berne yn Pont-Croix, yn it Frânske departemint Finistère, yn 'e histoaryske regio Bretanje. As bern wie se altyd op 'en paad mei har âlden, dy't in marionetteshow hiene en dêrmei hiele Bretanje trochreizgen. Corbel learde al jong gitaarspyljen, mar pas as teenager ûntdiek se de harpe by in konsert fan 'e Grykske harpiste Elisa Vellia, dy't letter har leararesse waard. Mei achttjin jier ferfear Corbel nei Parys foar har stúdzje argeology, dy't se jierren letter súksesfol ôfrûne mei in mastergraad. Yn har studintetiid fertsjinne se by mei optredens yn kafees yn Parys en as strjitmuzikante, mar har earste formele konsert joech se nei it beëinigjen fan har stúdzje, yn 2002 yn it kafee Ti Jos.

Cécile Corbel by in konsert yn Tokio ta gelegenheid fan it útkommen fan it soundtrackalbum fan 'e tekenfilm Arrietty yn 2010.

Yn 2005 brocht Corbel yn eigen behear in EP út mei dêrop seis nûmers ûnder de titel Harpe celtique et Chants du monde. Op basis dêrfan tekene se letter in platekontrakt mei platemaatskippij Keltia Musique, dêr't yn 2006 har earste album útkaam: SongBook 1. Dat befette tradisjonele folksferskes yn it Bretonsk, Welsk en Iersk. Corbel gie op toernee, wêrby't se behalven Parys ek Austraalje, Birma, Dútslân, Estlân, de Feriene Steaten, Ingelân, Itaalje, Nederlân, Paraguay, Poalen, Switserlân en Tsjechje oandie. Yn 2008 kaam har twadde album út, SongBook vol. 2. Tsien fan 'e tolve lieten dêrfan wiene troch Corbel sels skreaun. Yn 2009 spile Corbel de titelrol fan 'e tragyske hartoginne Anna fan Bretanje yn 'e rockopera Anne de Bretagne fan Alan Simon, dy't opfierd waard yn it Kastiel fan 'e Hartoggen fan Bretanje yn Nantes.

Nei't se yn 2008 klear wie mei de marketing fan SongBook vol. 2 hie Corbel noch wat eksimplaren fan it album oer. Dy besleat se ta te stjoeren oan lju dy't se bewûndere, wêrûnder de Japanske tekenfilmstudio Studio Ghibli. Hja wie nammentlik al jierren fan fan 'e films dy't dêr produsearre waarden. Op dat stuit wie de tekenfilm Arrietty (ek bekend as The Borrower Arrietty, Arrietty the Borrower of The Secret World of Arrietty) yn preproduksje. Filmprodusint Toshio Suzuki woe foar dy film in Keltyske soundtrack hawwe en wie him datoangeande krekt oan it oriïntearjen. Corbel har album foel der by him wakker yn, en binnen tsien dagen krige se in e-mailberjocht werom mei de fraach oft se beskikber wie om 'e titelsong foar Arrietty te skriuwen. Corbel griep dy kâns mei beide hannen oan en skreau Arrietty's Song. Doe't dat nei tefredenheid stimde, frege Suzuki har om noch inkele lieten te skriuwen, en tsjin 2009 waard ôfsprutsen dat se de hiele soundtrack dwaan soe. It wie de earste kear dat Studio Ghibli gearwurke mei in filmkomponist dy't gjin Japanner wie.

Cécile Corbel by in konsert yn 2014.

Yn 'e soundtrack fan Arrietty kombinearre Corbel Keltyske folksmuzyk mei Midsiuwske Turkske lieten, barokke madrigalen en Ierske marsen. De muzyk waard yn Frankryk opnommen mei in lyts orkest dat spilers omfette fan in akoestysk gitaar, basgitaar, fioele, altfioele, sello, akkordeön, doedelsek, Ierske fluit, bodhrán (Keltyske tromme) en ferskate oare perkusje-ynstruminten. It soundtrackalbum wûn de priis foar bêste orizjinele filmmuzyk by de Japan Gold Disc Awards. It wie tige populêr yn Japan en waard dêr in gouden plaat. Dat wie foar Yamaha Music Communications, de platemaatskippij dy't de soundtrack publisearre, oanlieding om Corbel har earste beide studio-albums yn Japan op 'e nij út te bringen.

Corbel brocht yn juny 2011 har trêde studio-album út, SongBook vol. 3 – Renaissance. Yn 2012 waard se troch de Alliance française útnûge om op te treden op in evenemint ta fiering fan 'e Frânske kultuer yn 'e Maleizyske stêden Kuala Lumpur en Penang. Begjin 2013 naam Corbel diel oan 'e saneamde Nuit de la Bretagne ("Nacht fan Bretanje"), yn it ramt wêrfan't se mei Dan Ar Braz optrede yn Nantes, Risel en Caen. Har fjirde studio-album, SongBook vol. 4 – Roses, kaam út yn juny 2013. Dêrop stiene lieten mei Mediterrane en Midsiuwske ynfloeden yn it Frânsk, Ingelsk, Bretonsk en Sefardysk (Judeo-Spaansk). Datselde jiers skreau Corbel mei Fabien Cali de soundtrack foar de natoerdokumintêre Terre des ours ("Lân fan 'e Bearen"), dy't yn febrewaris 2014 by it platelabel Polydor Records op cd útbrocht waard.

Neitiid hat Corbel noch fjouwer studio-albums útbrocht, te witten: La Fiancée (2014), Vagabonde (2016), Enfant du Vent (2019) en SongBook vol. 5 – Notes (2021).

Studio-albums en EP's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Cécile Corbel mei twa fan har fêste begelieders, eftergrûnsjonger en basgitarist Pascal Boucaud (l.) en gitarist Cyril Maurin (rj.).
útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
nov. 2005 Harpe celtique et Chants du monde (EP) Keltia Musique
13 nov. 2006 SongBook 1 Keltia Musique
16 nov. 2008 SongBook vol. 2 Keltia Musique
7 juny 2011 SongBook vol. 3 – Renaissance Keltia Musique
24 juny 2013 SongBook vol. 4 – Roses Keltia Musique
6 okt. 2014 La Fiancée Polydor Records
4 okt. 2016 Vagabonde Polydor Records
29 maart 2019 Enfant du vent Polydor Records
30 sept. 2021 SongBook vol. 5 – Notes Bran Music

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
6 july 2009 The Cécile Corbel Collection Bran Music
26 nov. 2010 Le Coffret Keltia Musique
16 sept. 2014 Best of SongBooks Bran Music
31 okt. 2015 SongBooks Collection Keltia Musique

Soundtrackalbums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
7 apr. 2010 The Borrower Arrietty Image Album Yamaha Music Communications
14 july 2010 The Borrower Arrietty Soundtrack Album Yamaha Music Communications Japan Gold Disc Award: bêste filmmuzyk flagge fan Japan (goud)
26 febr. 2014 Terre des ours
(mei Fabien Cali)
Polydor Records
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
2010 Arrietty's Song The Borrower Arrietty Soundtrack Album
2013 The Riddle SongBook vol. 4 – Roses
2014 Entendez-vous La Fiancée
2018 Sayonara no Natsu
(さよならの夏; mei Misaki Iwasa)
Enfant du vent
Vent frais
2019 Petit fantôme
Le bal des chats
2020 Valse sur un Banc SongBook vol. 5 – Notes
2022 Vous allez bien? net op album ferskynd
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
2012 Take Me Hand
(mei Daishi Dance)
Wonder Tourism
2020 Take Me Hand (akoestyske ferzje)
(mei Daishi Dance)
net op album ferskynd

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.