Springe nei ynhâld

Bureau of Alcohol, Tobacco, Firearms and Explosives

Ut Wikipedy
Bureau of Alcohol, Tobacco,
Firearms and Explosives
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút Bureau of Alcohol, Tobacco,
   Firearms and Explosives

("Buro foar Alkohol, Tabak, Fjoer-
   wapens en Eksplosiven")
ôfkoarting ATF
lân Feriene Steaten
oprjochte 1972
falt ûnder Ministearje fan Justysje
doel ● ûndersyk misdriuwen mei
   fjoerwapens en eksplosiven
● ûndersyk bomoanslaggen
● ûndersyk brânstifting
● regulearring hannel yn
   fjoerwapens en eksplosiven
● bestriding smokkel fan
   alkohol en tabak
sifers
leden < 2.000
wurknimmers 4.770 (2013)
jierliks budget $1.152.000.000 (2012)
oar
webside www.atf.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske plysjetsjinst ATF. Foar oare betsjuttings, sjoch: ATF (betsjuttingsside).

It Bureau of Alcohol, Tobacco, Firearms and Explosives (Ingelsk foar: "Buro foar Alkohol, Tabak, Fjoerwapens en Eksplosiven"), ornaris bekend as it Bureau of Alcohol, Tobacco and Firearms oftewol ATF, is in Amerikaanske federale plysjetsjinst dy't sûnt 2002 ressortearret ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Justysje. Dizze ynstânsje is ferantwurdlik foar it ûndersyk nei en it foarkommen fan federale misdriuwen dy't te krijen hawwe mei it yllegaal gebrûk, de yllegale produksje en it yllegaal besit fan fjoerwapens en eksplosiven; foar it ûndersyk nei en foarkommen fan gefallen fan brânstifting en bomoanslaggen; en foar it ûndersyk nei en foarkommen fan it smokkeljen fan alkohol en tabak. It ATF regulearret fierders fia it ôfjaan fan fergunnings de ferkeap, it besit en it ferfier fan fjoerwapens, munysje en eksplosiven yn 'e hannel dy't oer de grinzen fan Amerikaanske steaten hinne giet. By in protte fan syn aktiviteiten wurket it ATF nau gear mei pleatslike en steatlike plysjetsjinsten en/of mei de federale resjerzje FBI.

Foarrinners fan it ATF

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ATF giet alhiel tebek op it saneamde Revenue Laboratory ("Belestinglaboratoarium"), dat yn 1886 troch it Amerikaansk Ministearje fan Finânsjes oprjochte waard as ûnderdiel fan it Bureau of Internal Revenue, de foarrinder fan 'e Internal Revenue Service (IRS), de hjoeddeistige Amerikaanske belestingtsjinst. Dêrút kaam yn 1920, yn 'e tiid fan 'e Drûchlizzing, it Bureau of Prohibition ("Buro foar Drûchlizzing") fuort. Yn 't earstoan makke dat ek ûnderdiel út fan it Bureau of Internal Revenue, mar yn 1927 waard it in selsstannich diel fan it Ministearje fan Finânsjes, en yn 1930 waard it oerhevele nei it Ministearje fan Justysje. Yn 1933 waard it foar koarte tiid in ûnderdiel fan 'e FBI.

Doe't der yn desimber 1933 in ein oan 'e Drûchlizzing kaam, waard it Bureau of Prohibition wer weromskood nei it Ministearje fan Finânsjes, dêr't it omfoarme waard ta de Alcohol Tax Unit (ATU) fan it Bureau of Internal Revenu. De ferneamde agint Eliot Ness en ferskate oare leden fan syn team, de saneamde Untouchables, dy't namme makke hiene mei harren wurk foar it Bureau of Prohibition, waarden doe oerpleatst nei de ATU.

It ynsinje fan aginten fan it ATF.

Yn 1942 waard de ATU behalven foar it ynjen fan belestings op alkohol ek ferantwurdlik foar it ôftwingen fan it neilibjen fan federale wetjouwing oangeande de produksje, it besit en de hannel yn fjoerwapens. Oan it begjin fan 'e 1950-er jierren waard it Bureau of Internal Revenu omneamd ta de Internal Revenu Service, en tagelyk dêrmei krige de ATU de ferantwurdlikheid taskood oangeande it tafersjoch op it neilibjen fan 'e federale tabaksbelestingwetten. De namme fan 'e ienheid waard doe feroare yn Alcohol and Tobacco Tax Division (ATTD).

Doe't yn 1968 de Gun Control Act oannommen waard, feroare de ynstânsje op 'e nij fan namme en waard doe de Alcohol, Tobacco and Firearms Division fan 'e IRS. It wie doe dat men foar it earst nei de ienheid begûn te ferwizen mei de ôfkoarting ATF. Yn 1970 naam it Amerikaanske Kongres nije wetjouwing oan om 'e produksje en it besit en gebrûk fan en de hannel yn eksplosiven te regulearjen. It Ministearje fan Finânsjes waard ferantwurdlik foar it tafersjoch dêrop, en binnen dat ministearje kaam it by it takepakket fan 'e Alcohol, Tobacco and Firearms Division te hearren.

Op 1 july 1972 waard it ATF yn syn moderne foarm oprjochte, as it Bureau of Alcohol, Tobacco and Firearms, dat doe in selssannige ynstânsje binnen it Ministeraje fan Finânsjes waard. Rex D. Davis, dy't it tafersjoch oer de feroarings hie, waard de earste direkteur fan it nije buro. Neitiid naam it bestriden fan misdriuwen wêrby't gebrûk makke wie fan fjoerwapens en/of eksplosiven foar it ATF fierwei de measte tiid yn beslach, hoewol't bestriding fan alkohol- en tabaksmokkel wichtich bleaune fanwegen de miljarden dollars dy't it ATF op dat mêd oan belesting binnenhelle. Yn 'e 1970-er jierren hie it buro ek in soad ynfloed op it ta stân kommen fan 'e nije regels oangeande de etikettearring fan wynflessen.

It haadkertier fan it ATF yn Washington, D.C.

Skandalen fan 'e 1990-er jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ATF bleau in frij ûnbekende ynstânsje fan 'e Amerikaanske oerheid oant it buro yn 'e 1990-er jierren troch twa ynsidinten yn it mulpunt fan 'e mediabelangstelling kaam te stean. Yn juny 1990 waard in Randy Weaver troch ATF-ynformant Kenneth Fadeley ûnder druk set om 'e lopen fan twa jachtgewearen ôf te seagjen en de wapens dêrnei oan Fadeley te ferkeapjen. Weaver hold letter út dat de lopen nei it ôfseagjen noch langernôch wiene om legaal te wêzen, mar nei't Fadeley se yn ûntfangst nommen hie, waard letter fêststeld dat se koarter wiene as de wet tastie. Dat betsjutte dat Weaver in registraasje fan 'e wapens as ôfseage jachtgewear oanfreegje moast en dat er in boete fan $200 krige.

Doe't it ATF in oanklacht tsjin Weaver yntsjinne mar oanbea om 'e oanklacht falle te litten as er ynformant wurde woe, wegere Weaver om mei te wurkjen. De reäksje fan it ATF wie om falske ynformaasje oer Weaver oan oare oerheidsynstânsjes troch te jaan, dy't ûnderdiel waard fan in misliedend dossier wêryn't Weaver omskreaun waard as in bommebouwer mei geheime tunnels en bunkers ûnder syn hûs, dy't marihûana ferboude, in lang strafblêd mei eardere feroardielings foar gewelddieldige misdriuwen hie, en oan 'e kost kaam as bankberôver. Doe't de oanklacht fan it ATF foar de rjochter kaam, waard fêststeld dat it in gefal fan útlokking wie en waard Weaver frijsprutsen.

Doe't Weaver op 20 febrewaris 1991 net yn 'e rjochtseal ferskynde wylst er dêr wol wêze moatten hie (om't syn reklassearringsamtner him by fersin de foute datum fan 20 maart trochjûn hie), waard de United States Marshals Service (USMS) ynset om Weaver op te pakken. Dyselde ferbleau mei syn gesin en ferskate oaren yn syn blokhutte yn 'e bergen. Wat folge, kaam bekend te stean as it Belis fan Ruby Ridge. Op 21 augustus 1992 fûn dêr in sjitpartij plak, wêrby't U.S. marshal Bill Degan, Weaver syn fjirtjinjierrige soan Samuel en syn hûn deasketten waarden. It Hostage Rescue Team ("Gizeldersbefrijingsteam") fan 'e FBI waard ynset, en de folgjende deis iepene Lon Horiuchi, in skerpskutter fan it FBI HRT, it fjoer op 'e Weavers, wêrby't Weaver syn frou Vicki omkaam en Weaver sels en in maat fan him ferwûne rekken. Undersyk wiisde letter út dat ATF, USMS en FBI HRT allegear slimme flaters makke hiene yn 'e ôfhanneling fan 'e saak.

In oare saak dêr't it ATF by belutsen wie, dy't ek bûten de Feriene Steaten bekendheid krige, wie it Belis fan Waco, dêr't op 28 febrewaris 1993 in belegering begûn fan it gebouwekompleks Mount Carmel Center, it haadkertier fan in religieuze sekte dy't bekend stie as de Branch Davidians. Aginten fan it ATF, beselskippe fan 'e media, woene dêr dy deis in ynfal dwaan, mei't se berjochten krigen hiene dat de Branch Davidians ûnder harren messiaanske lieder David Koresh in hiel arsenaal oan fjoerwapens oan it sammeljen wiene. De Branch Davidians krigen lucht fan 'e op hannen wêzende ynfal, mar it ATF besleat troch te setten, ek al wie it ferrassingselemint folslein teneate dien. De ynfal rûn út op in sjitpartij wêrby't seis sekteleden en fjouwer ATF-aginten omkamen. Neitiid naam de FBI de lieding oer de operaasje oer. Nei in belegering fan 51 dagen waard op 19 april besletten ta in bestoarming. Dêrby briek yn it gebouwekompleks in útslaande brân út, mooglik as gefolch fan 'e brânbere soarte triengas dy't de FBI der nei binnen sketten hie, mar mooglik ek om't Koresh sels de gebouwen oanstiek. Yn elts gefal kamen 76 leden fan 'e sekte, wêrûnder tweintich bern, om yn 'e flammen.

It segel fan it ATF oant 2002, doe't it noch ûnder it Ministearje fan Finânsjes foel.

Sawol it Belis fan Ruby Ridge as it Belis fan Waco wurde troch Amerikaanske wapenaktivisten noch altyd sjoen as it bewiis dat de oerheid net fertrouwen is.

Nei de terroristyske oanslaggen fan 9/11, op it World Trade Center yn New York, op 11 septimber 2001, waard yn 2002 de Homeland Security Act oannommen. Behalven dat dy wet it nije Amerikaansk Ministearje fan Thúslânbefeiliging kreëarre, waard dêrmei ek op 'e nij it ATF ferpleatst fan it Ministearje fan Finânsjes nei it Ministearje fan Justysje. De namme fan it buro waard feroare yn Bureau of Alcohol, Tobacco, Firearms and Explosives, hoewol't de âlde, ynboargere ôfkoarting ATF oanholden waard. Tagelyk waard de taak fan it ynjen fan federale belestings op 'e produkje en tabak en alkohol oerhevele fan it ATF nei it nije Alcohol and Tobacco Tax and Trade Bureau (TTB), dat ûnderdiel fan it Ministearje fan Finânsjes bleau. Alle neamde feroarings giene yn op 24 jannewaris 2003.

It ATF hat krapoan 4.800 wurknimmers, wêrfan't minder as 2.000 beëdige aginten binne. Om ATF-agint te wurden, moat men in bachelorgraad hawwe, en dêropta minimaal fjouwer jier wurkûnderfining by in pleatslike of steatlike plysjetsjinst. Boppedat moat men noch in trainingsprogramma fan 27 wiken trochrinne oan it Federal Law Enforcement Training Center yn Glynco, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Dy training duorret folle langer en is folle yngeander as aginten fan oare Amerikaanske federale plysjetsjinsten, lykas de FBI, de DEA of de USMS folgje.

It ATF hie yn 2012 in budget fan goed $1,15 miljard. Yn 'e earste helte fan 2011 droech it ATF (mei minder as 2.000 aginten) 5.203 saken oer oan it Amerikaanske Iepenbier Ministearje, wylst de FBI (mei mear as 13.000 aginten) yn dyselde perioade 8.819 saken oerdroech. Dat komt del op 5,0 saken yn it jier per agint foar it ATF en 1,2 saken yn it jier per agint foar de FBI.

De aginten fan it ATF binne yndield by ferskate taakgroepen mei allegear harren eigen rol oangeande it takepakket fan it buro. Oan it haad fan 'e organisaasje stiet de direkteur, dy't oansteld wurdt troch it Amerikaanske Kongres. It haadkertier fan it ATF is fêstige yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., mar it buro ûnderhâldt saneamde 'fjildkantoaren' yn 'e folgjende Amerikaanske stêden: Atlanta, Baltimore, Boston, Charlotte, Chicago, Columbus, Dallas, Denver, Detroit, Houston, Kansas City (Missoery), Los Angeles, Louisville, Miami, Nashville, Newark, New Orleans, New York, Philadelphia, Phoenix, St. Paul, San Francisco, Seattle en Tampa. Dêrnjonken binne der ek 'fjildkantoaren' om utens, yn Amerikaanske diplomatike fertsjintwurdigings yn Kanada, Meksiko, El Salvador, Kolombia, Irak en foar it Karibysk Gebiet (fêstige yn Miami). It ATF hat ek in unyk Fire Research Laboratory yn Beltsville (Marylân), dêr't ûndersyk dien wurdt nei brân troch gefallen fan brânstifting op wiere grutte nei te meitsjen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.