Springe nei ynhâld

Brongergea

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Brommegea)

Brongergea of Brommegea is in buorskip ûnder It Oranjewâld yn de gemeente It Hearrenfean. De namme betsjut de parochy fan Bronger.

Brongergea wie yn earder tiden in lyts tsjerkedoarp (14e – 16e iuw). It gebiet lei tusken de lettere Skoatterlânske Kompanjonsfeart oant de rivier de Tsjonger.

Eartiids stuon hjir de Pauwenburch, boud om 1600 hinne troch de Oenema's. Yn 1992 kaam it terrein yn besit fan Steatsboskbehear dy it ta heide omfoarme.
Ek it bûten Carolineburch hat hjir stuon oan de súdkant fan it tsjerkhôf. Fan de lytse bûtens yn it Wâld is Klemburch yn Brommegea noch it ienige foarbyld.

De tsjerke, wijt oan Sint Agatha, wurdt yn 1315 al neamd, mar wie healwei de 17e iuw al ferfallen, it tsjerkhôf is der noch altiten. It tsjerkhôf hat in klokkestoel en der binne grêfkelders fan de famyljes Van Limburg Stirum en De Blocq fan Scheltinga. Yn de buert op de Berch fan Brongergea, tsjinoer Klemburch, stiet in Belvedêre, dy't in moai útsicht oer de omjouwing jout.

Oan de noardkant fan Brongergea, ûntstie by de kompanjonsfeart it buorskip Nij Brongergea (Benedenknipe), dat letter mei Nij Ketlik it hjoeddeiske doarp De Knipe foarme. By de Tsjonger ûntstie it doarp Mildaam. It oerbleaune gebiet yn de midden heart no by de himrik fan Oranjewâld. Earst yn de Frânske tiid is it Wâld in doarp wurden.

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje