Breda
Breda | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Noard-Brabân |
Gemeente | Breda |
Sifers | |
Ynwennertal | 184.077 (gemeente, 1 jannewaris 2020) 150.500 (stêd 1 jannewaris 2020) |
Oerflak | 128,68 km² (gemeente) 125,74 km² (lân) 2,94 km² (wetter) |
Befolkingstichtens | 1464/km² |
Stêdekloft | 180.420 (agglomeraasje) 324.812 (metropoalregio) 1,932,055(Brabânske Stêderige) |
Hichte | 3 m |
Oar | |
Stifting | 1252 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 51° 35′ NB, 4° 46′ EL |
Webside | www.breda.nl |
Breda is in gemeente en in âlde garnizoens- en festingstêd yn de provinsje Noard-Brabân. It is ek in Oranjestêd troch de histoaryske bân mei it hûs Nassau. Oant 1795 wienen de boargers fan Breda ûnderdienen fan de Hear fan Breda (letter Baron neamd), dy't sûnt 1403 teffens Greve fan Nassau (ek wol oantsjutten as Nassau-Breda) en sûnt 1538 de Prins fan Oranje-Nassau wie. It gebiet om en benammen besuden Breda wurdt noch as de Barony fan Breda oantsjutten.
De gemeente Breda hie op 1 jannewaris 2020 184.077 ynwenners en makket diel út fan it stêdlik netwurk BrabantStad, en is nei ynwennertal ien fan de 10 grutste gemeenten fan Nederlân. De hiele agglomeraasje Breda telt ± 314.000 minsken. Fan de Brabânske stêden komt Breda fuort nei Eindhoven en Tilburch, dy't al oer de grins fan 200.000 sitte.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rivieren Mark en Aa of Weerijs komme gear yn Breda. Foardat de Aa yn de Mark streamde, spjalte dy noch earst ôf yn twa aparte streamkes; de Donk en de Gampel. Dat barde op 'e hichte fan in s-foarmige donk, dat letter de Haagdijk wurde soe. Dochs waard der fan de Aa sprutsen. Aa is in ôflieding fan it Aldgermaanske wurd ahwô, besibbe mei it Latynske aqua. It betsjutte oarspronklik wetter. Yn Nederlân is der mear wetter mei de namme Aa of in ôflate foarm dêrfan. De namme Breda is ôflaat fan 'Brede Aa'. De reden dêrfan is dat dêrmei ferwiisd wurdt nei de ferbreding fan de Aa op it punt dêr't dy yn de Mark útrûn. It is wol nijsgjirrich dat de rivier de namme fan de stêd bepaald hat, ynstee fan de Mark. Yn 1125 waard foar it earst in delsetting Breda neamd.
Fanâlds hat Breda de bynamme: it Haachje fan it Suden. Yn dy namme wurdt it steatlike karakter fan Breda fergelike mei dy fan De Haach, te ferlykjen mei It Hearrenfean as It Fryske Haachje. Hy soe ek ferbân hâlde kinne mei de namme Princenhage, dat earder in selsstannich doarp by Breda wie. Sûnt 1942 foarme it al foar in grut diel in stedsdiel fan Breda, en sûnt 1997 wie it dat folslein.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Delsetting en boarch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat der yn 1125 in delsetting neamd waard, waard der yn de 12e iuw oan de rjochterouwer fan de Mark by dy delsetting in boarch, it Kastiel fan Breda, boud. De lokaasje wie oan 'e grins fan it Hartochdom Brabân mei it Greefskip Hollân. De delsetting lei op in útrinner fan grutte sângrûnen. Op dat sângrûn leinen al oare stêden, lykas Bergen op Zoom. Ek leinen by dy delsettings al ferskate krúspunten fan wegen dy't fan it noarden nei it suden gienen en fan east nei west.
De keap fan privileezjes troch Breda fan hear Hindrik IV fan Skoat, yn 1252 wurdt yn 'e regel beskôge as de hanneling dêr't Breda stedsrjochten troch krigen hat. Dêrom kin dat jier ek beskôge wurde as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Lunet B is it iennige oerbleaune stik fan it ferdigeningswurk. Breda wie in militêre stêd. Der wienen seis kazernes yn Breda. De Keninklike Militêre Akademy sit noch yn Breda.
Bân mei de Nassaus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanâlds is der in bân tusken Breda en it Hûs Nassau troch de Hearen fan Breda wenjende op it Kastiel fan Breda. Ingelbrecht I fan Nassau-Dillenburg leit begroeven yn it Prealgrêf fan Ingelbrecht I fan Nassau yn de Grutte- of Us Leaffroutsjerke oan de Grutte Merk yn Breda.
Mark en Aa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boarch dy't by de delsetting boud waard, moast de skipfeart op de Mark kontrolearje en waard al gau bewenne troch de Hearen fan Breda. Yn 1198 waard foar it earst it Castellum fan Breda neamd. De natuerlike ferbreding op it plak dêr't de Mark en de Aa gearrûnen, wie tige gaadlik foar in oanlishaven. De rivier de Mark begjint as in neatich streamke by Merksplas yn Belgje. Pas nei Breda, dêr't er gearrint mei de Aa wurdt er in ûngefear tweintich meter brede, djippe stream. De rivierdelling is lykwols inkelde hûnderten meters breed. De delling koe, benammen by floed, maklik ûnderstrûpe. De Mark stie ommers yn iepen ferbining mei de see. Iuwenlang bestie der in sterke tijwurking dy't sels oan Hoogstraten ta te fernimmen wie. Yn de Bredaaske haven wie it ferskil sa'n sechtich sintimeter.
De Mark wie yn it nijs, omdat de rin fan de âlde rivier troch de binnenstêd fan Breda foar in part fannijs útgroeven waard. Krektas yn guon oare plakken (sa as yn Utert en Drachten) waard ek yn Breda it wetter yn it sintrum werombrocht, nei't it earder foar it ferkear tichtsmiten wurde moast. Op 30 nnijs 2007 waard de moaie renovearre âlde haven, dy't oanslút op it Spanjertsgat, feestlik f iepene.
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Inkelde wichtige of bekende bouwurken yn Breda binne:
- de Grutte- of Us-Leaffroutsjerke mei û.o. it prealgrêf fan Greve Ingelbrecht II fan Nassau fan Nassau en oare grêfmonuminten fan de Hearen fan Breda op de Grutte Merk.
- it Kastiel fan Breda mei de Keninklike Militêre Akademy (KMA) (Oprjochte 1828) by Park Valkenberg
- it Spanjertsgat
- it begynhof Breda
- it stêdhûs fan Breda
- it kastiel Bouvigne
- de St. Joast-Kapel
- de Sint-Antoniuskatedraal
- Chassé teater
- Waalske tsjerke (Breda)
- de Koepelfinzenis
- âlde Haven
Monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Breda binne ferskate monumintale bouwurken dy't yn it ferline in oare bestimming hienen mar dy't bewarre bleaun binne, lykas:
- Chassékazerne
- St. Ignatius sikehûs
- Laurentius sikehûs
- Gerjochtsgebou Breda
- Lange Stâlen
- Hûs Ocrum
- Keninginne Wilhelmina Paviljoen, foarhinne HBS Breda oan it Kastielplein
- Stêdsskouboarch Concordia
- Alde Postkantoar
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Karnaval wurdt yn de hiele gemeente Breda fierd. Elke eardere gemeente hat syn eigen karnaval. Sa hjit Breda sels Kielegat, Bavel hjit Bavianelân, Prinsenbeek hjit Boemeldonck en Teteringen hjit dan Totdenringen.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Breda Jazz Festival
- Breda Barst
- BredaPhoto
- Valkenbergkonserten
- Dancetour Breda
- POBparade
- Brûsend Ginneken
- Breda Ballon Fiësta
- Breda Hippique
- Brabânske Kastieledei
- Brakkenfestival
- Kultuernacht
- Dei fan de Beafeart
- Filmfestival Breda
- Harley-dei Breda
- Kermis Breda
- Roodharigendag
- Smaakvol Breda
- Stripbeurs
- Frijmerk Princenhage
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente leit yn de lânskiplike gebieten De Rith, it Liesbosk, de Mastbosk, de Teteringske Bosk, Vrachelske heide en de Lege Vuchtpolder. Breda is bekend om syn boskrike omkriten, benammen súdlik fan de stêd. In oar natoergebiet is it Markdal.
De Mastbosk is it âldste kultuerbosk fan Nederlân. De Liesbosk by Princenhage en de Ulvenhoutske bosk dogge dêr net foar ûnder. Nei it súdeasten ta rint it boskgebiet oer yn de Chaamske bosken en it bosk- en fennegebiet fan Strijbeek. Mei elkoar foarmet dat grutte gehiel fan kultuerbosken in grutte toeristyske trekpleister.
Fertier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breda is in bekende útgeansstêd benammen om de Havermerk en de Grutte Merk Breda. Breda hat gjin grutte diskoteken oan de râne fan de stêd, mar wol in pear lytse en middelgrutte nachtkafees (ofwol diskoteken). Lizzend tusken oare kroegen yn, binne dy oerdei dan wol ticht, mar bliuwe nachts inkelde oeren letter iepen. Ek oan de Ginnekenmerk yn it Ginneken binne fierders noch hoarekagelegenheden.
Yn it sintrum de eardere Kleasterkazerne oan de Klaudius Prinsenleane sit tsjintwurdich it Holland Casino Breda. Dat kasino is dêrhinne ferhuze en siet earst oan de Bijster. Neist it kasino sit dêr ek it troch Herman Hertzberger ûntwurpen Chassé Teater. Bioskoop MustSee Breda sit yn it Turfskip op it Chasséfjild.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1850 hinne wiene der ferskate yndustryen yn Breda lykas bierbrouwerijen, lusifersfabriken en izerjitterijen. Sa sieten dêr ûnder mear Etna, Bredasche Beetwortel Sûkerfabryk (CSM), de De Faam, Kwatta in sûkelarjefabryk, Hero en Van Melle. Tsjintwurdich is Breda benammen in tsjinstferliende stêd. Nije inisjativen binne ûnder oare de Triple O Campus.
Yn 2012 waard de Hegefaasjeline Schiphol - Antwerpen (HSL) iepene, en dêrtroch waard Breda noch mear in ynternasjonaal knooppunt en leit dan sintraal tusken Amsterdam en Parys.
Kultureel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Breda binne ferskate musea:
- Breda's Museum
- Begynhof Breda Museum
- Generaal Maczek Museum
- Bierreklame Museum
- Graphic Design Museum (foarhinne de Beyerd)
- NAC Museum
- Hiemkundich Museum Paulus van Daesdonck
- Museum Oarloch en Frede Breda
- Stifting Princenhaags Museum
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Breda binne in soad skoallesoarten, foar Basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal ûnderwiis, Middelber beropsûnderwiis en Heger beropsûnderwiis. Te neamen binne ûnder oare:
- Prinsentuin College
- Us Leaffroulyceum
- Steedlik Gymnasium Breda
- Mencia de Mendozalyceum
- Markenhage College
- Tessenderlandt
- Newmancollege
- De Nassau
- Prisma College
- Radius College
- Cingel College
- Florijn College
- NHTV ynternasjonaal heger ûnderwiis Breda
- Academie voor ICT en Media (ûnderdiel fan Avans Hegeskoalle)
- Avans Hegeskoalle
- Akademy foar Keunst en Foarmjouwing St. Joost (ûnderdiel fan Avans Hegeskoalle)
- Regionaal opliedingssintrum - ferskate skoallen en opliedingen (ûnderdiel fan ROC West Brabân)
- Keninklike Militêre Akademy (KMA)
- Praktyskskoalle Breda
Ferkear en Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breda hat twa spoarstasjons: Stasjon Breda yn it sintrum en Stasjon Breda-Prinsenbeek tusken Haagse Beemden en Prinsenbeek. Tusken 2000 en 2009 waard der hurd wurke oan de HSL-Súd en de ferbreding fan de A16 om Breda hinne. De berikberens fan Breda waard dêrtroch sterk ferbettere. Troch de flugge shuttleferbining dy't yn 2008 ree kaam, waard Breda ferbûn mei de Noard-Súd-line fan de HSL-Súd nei Rotterdam, Schiphol en Amsterdam en rjochting it suden nei Antwerpen en Brussel.
Weiferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breda is maklik te berikken oer de autodyk A16 út Rotterdam wei, en leit net fier fan Belgje dat oer de grinsoergong Hazeldonk gau te berikken is. Breda is ek goed te berikken út Utert wie oer de autodyk A27 en út Tilburch wie oer de autodyk A58 rjochting Etten-Leur, Roosendaal en fierder nei Seelân. Mei de A59 (Zierikzee-Oss) makket it fjouwerkant fan autodiken om de stêd hinne suver in ringwei.
Bekende ynwenners Breda
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tiësto
- Corry Brokken
- Pierre Kartner
- Corry Konings
- Dries van Kuijk, de manager fan Elvis Presley.
- Hans van Mierlo
- Hardwell
- Onno Ruding
- Ton Lokhoff fuotballer
- Pierre van Hooijdonk
- Jurgen van den Goorbergh motoracer
- Sylvie Meis frou fan fuotballer Rafael van der Vaart
- Guido Weijers, kabaretier
- Abel muzykband fan û.o. it nûmer Onderweg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Noard-Brabân | |
---|---|
Alfen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Haaren - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
· · |