Rafael van der Vaart

Ut Wikipedy
Rafael van der Vaart

Rafael Ferdinand fan der Vaart (Heemskerk, 11 febrewaris 1983) is in Nederlânske eardere fuotballer. Van der Vaart spile tusken 2001 en 2013 foar it Nederlânske fuotbalalvetal, wêrfoar't hy fiifentweintich kear skoarde.

Klupfuotbal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ajax[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Vaart fuotballe by De Kennemers yn Beverwijk en stapte dêrnei oer nei AFC Ajax. Hy debutearre hjir op 19 april 2000, yn de útwedstriid tsjin FC Den Bosk. Op 20 oktober fan dat jier makke hy syn earste kompetysjedoelpunt foar de Amsterdamske klup, yn de mei 4-2 wûne wedstriid tsjin Roda JC.

Hamburger SV[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 27 maaie 2005 makke Van der Vaart syn oerstap nei it Dútske HSV bekend. De transfersom wie € 5 miljoen Hy hoopte troch de transfer wer rêst en foarm te finen, dy’t hy by Ajax ferlern wie. Op freed 10 juny 2005 troude Van der Vaart mei Sylvie Meis. Se hawwe in soantsje: Damián Rafael, berne op 28 maaie 2006.


Op 4 novimber 2018 einige hy syn spylkarriêre fanwegen blessueres.