Springe nei ynhâld

Beamslieper

Ut Wikipedy
beamslieper
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje sliepmûzen (Gliridae)
skaai beamsliepers (Dryomys)
soarte
Dryomys nitedula
Pallas, 1778
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De beamslieper of bosksliepmûs (wittenskiplike namme: Dryomys nitedula) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e beamsliepers (Dryomys), dat benammen foarkomt yn East-Jeropa en Sintraal-Aazje. Dizze soarte waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1778, troch de Dútske soölooch Peter Simon Pallas. De beamslieper is in útsprutsen boskbewenner, dy't yn iepen lânskipstypen net oerlibje kin. Hy is it naust besibbe oan 'e oare beide soarten fan it skaai beamsliepers, mar liket kwa tekening tige op 'e ikelmûs (Eliomys quercinus), al is dy in slach grutter.

It ferspriedingsgebiet fan 'e beamslieper beslacht it grutste part fan East-Jeropa en de Balkan, dêr't er foarkomt fan it Baltikum oant de kust fan 'e Adriatyske See. De eastgrins fan syn areaal falt gear mei de rivier de Wolga en it Oeralberchtme, yn eastlik Jeropeesk Ruslân. Yn it súdeasten heart ek Transkaukaazje ta syn ferspriedingsgebiet. It meast westlike diel fan it areaal leit yn eastlik Switserlân, wylst er yn Eastenryk foarkomt oant justjes besuden de Donau. Der libbet in isolearre populaasje yn it Boheemske Wâld, oan 'e Tsjechysk-Dútske grins. Fierders besteane der ek isolearre populaasjes yn ferskate dielen fan Sintraal- en West-Aazje, wêrûnder parten fan Afganistan en de Sineeske autonome regio Sinkiang-Oeigoerje, de Tjensjan-bergen fan Tadzjikistan, Kirgyzje en Kazachstan, sintraal Iraan en in part fan Israel. De grutste populaasjetichtheid komt foar yn 'e wâlden fan Moldaavje, de Kaukasus en Sintraal-Aazje.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beamslieper hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-11 sm, mei in sturtlingte fan 7-10 sm en in gewicht fan 17-40 g (flak foar de wintersliep útrinnend nei 50 g). De pels fariëarret op 'e rêch fan griisbrún yn it westen fan it areaal oant rodzich brún mear nei it easten ta. Op 'e fangen is de kleur wat ljochter, en de bealch en poaten binne witich oant krêmkleurich. Tusken it brune en wite diel fan 'e pels bestiet in skerpe demarkaasjeline. De kop is boppe-op brún, mei in stikjes wyt tusken de eagen yn en op 'e wangen, it kin en de kiel. Fan 'e snút rint in bân fan swart hier oer de eagen en de frij lytse earen hinne nei de nekke ta, wat dit bist in maskere oansjen jout.

De sturt is grizich, mei soms in wyt puntsje oan 'e útein, en is in plomsturt net wanlyk. De beamslieper kin fan 'e ikelmûs (Eliomys quercinus) ûnderskaat wurde troch syn behindiger stal, lytsere earen en trochdat de sturt fan 'e ikelmûs in lyts kwastje oan 'e útein hat, dat fan boppe swart en fan ûnderen wyt is. Boppedat oerlaapje de ferspriedingsgebieten fan dizze beide bisten inoar net of frijwol net, dat yn it wyld kin men se eins net trochinoar helje.

Beamsliepers binne útsprutsen boskbewenners, al libje se dêrbinnen yn in wiid ferskaat oan habitats. Se kinne foarkomme yn sawol leaf-, mingd as nullewâld, al lykje se oer it algemien de foarkar te jaan oan âlde leafbosken mei in rike ûndergroei fan strewelleguod. Yn it westen fan har ferspriedingsgebiet komme se lykwols gauris foar yn spjirrewâlden, en op oare plakken ek wol yn rivierbosken en oan boskrânen mei beidragende beammen en strûken en yn hôven. Ek rotsige terreinen yn berchbosken en op 'e wâldsteppes fan Aazje hearre ta har wengebiet. Yn 'e Alpen komme se foar oant op in hichte fan 2.300 m, mar yn oare berchtmen binne se waarnommen oant op 3.500 m.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beamslieper libbet foar it meastepart yn beammen, dêr't er sels nêsten fan twiichjes, blêden en moas oanleit, mar ek wol nêstkasten kreaket of gebrûk makket fan âlde fûgelnêsten of beamholten. Faak kringt er ek ferlitten gebouwen binnen, lykas berchhutten, en sels wol minsklike wenten yn stêden. Eigenboude nêsten binne rûn, mei in trochsneed fan 25-30 sm, en befine har yn 'e regel op sa'n 2 m boppe de grûn.

De beamslieper op in Wytrussyske postsegel út 2007.

Beamsliepers binne nachtdieren, dy't it aktyfst binne tusken sinne-ûndergong en ien oere foar de moarnsdage. Soms binne se ek oerdeis yn 't spier. It binne sosjale bisten, dy't it hiele jier troch yn losse groepen libje, útsein yn 'e peartiid, as pearkes fan in mantsje en in wyfke har fan 'e rest ôfsûnderje. Fan oktober oant april (soms oant yn maaie) hâlde se in wintersliep, dy't se trochbringe yn ûndergrûnske hoalen op in djipte fan 30-60 sm.

De peartiid folget koart nei it ûntwekjen út 'e wintersliep, en rint fan maaie oant ein july. Nei in draachtiid fan likernôch 4 wiken smyt it wyfke dan in nêst fan 2-6 jongen, dy't mei in moanne al selsstannich binne, mar yn elts gefal oant yn 'e hjerst yn 'e neite fan har mem omhingjen bliuwe. Beamsliepers hâlde it by ien nêst jongen yn it jier. De libbensferwachting fan beamsliepers bedraacht sa'n 5 (oant maksimaal 6) jier. Natuerlike fijannen binne benammen de wâldûle (Strix aluco) en de oehoe (Bubo bubo), en fierders de beamotter, stienmurd, Jeropeeske wylde kat en oare soarten ûlen.

Beamsliepers binne omnivoaren, dy't behalven plantaardich materiaal ek it hiele jier troch dierlik guod frette. Op it menu steane benammentlik fruchten, planteknoppen, sieden, nuten, blêden, ynsekten, larven en sels fûgelpiken. Oan 'e ein fan 'e simmer lizze beamsliepers itensfoarrieden oan foar de winter.

De beamslieper hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen, al is er yn it westlike part fan syn ferspriedingsgebiet seldsum. Yn Tsjechje hat er de status fan in bedrige bistesoarte. Under de regeljouwing fan 'e Konvinsje fan Bern en de Habitats- en Soarterjochtline fan 'e Jeropeeske Uny is de beamslieper in beskerme bistesoarte wêrfan't it foarkommen befoardere wurde moat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.