Arjan Hut

Ut Wikipedy
Arjan Hut
skriuwer
Arjan Hut
Arjan Hut
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Goaitsen Andringa
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 19 jannewaris 1976
berteplak Drachten
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Poëzy, proaza
prizen Steven Sterkpriis

Arjan Hut (Drachten, 19 jannewaris 1976, opgroeid yn Surhústerfean) is in Fryske skriuwer/dichter. Hy publisearre ûnder oare yn De Moanne en Hjir. Yn 2004 ferskynde syn dichtbondel Nachtswimmers. Syn wurk wurdt omskreaun as donker-romantysk, surrealistysk, dreamerich en ek wol okkult. Hut wie fan 2003 oant 2006 de sintrale figuer by it ynternettiidskrift Doar. Fan de webstee Doar ferskynde begjin 2006 by útjouwerij Venus 'Doar Boek'. Nei Doar stapte Hut yn de redaksje fan in oar ynternetpoadium, Go-gol.

Stedsdichter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Dichtersdei 2005 waard Hut út 35 kandidaten keazen ta stedsdichter fan Ljouwert. Fjouwer fan syn stêdsgedichten waarden opnaam yn de earste nasjonale stedsdichtersbondel De stad en ik. Ien wike foar de útferkiezing wie Hut al yn tsjinst komd as ien fan de fêste radiokollumnisten fan Omrop Fryslân.

As stedsdichter hat Hut Ljouwert fertsjinwurdige op de earste nasjonale stedsdichterdei yn Lelystêd, op 30 oktober 2005. Mei Adriaan Jaeggi, stedsdichter fan Amsterdam, iepene hy yn 2006 mei in gedicht de Nationale Week van de Poëzie. De bekendste stêdsgedichten fan Hut binne Under de Toer, dat ûnder oaren yn it Ljouwerter stêdhûs syn plak fûn hat, It Unfolsleine Spoar en it lange foardrachtsfers Fjoertoer de Aldehou, in poëtyske selfevaluaasje mei in politike ynslach, opdroegen oan de Wolf, dêr 't op syn minst kollega-skriuwer Henk Wolf mei bedoeld wurdt. Foar de liettekst Mata Hari krige Hut yn 2005 de Steven Sterkpriis. It lêste stêdsgedicht wie Onder de klokslag, skreaun op fersyk fan Adriaan Jaeggi foar in lyts stedsdichterstreffen yn it Parool theater te Amsterdam, desimber 2007. Twa moanne letter loste Derwent Christmas him as Ljouwerter stedsdichter ôf.

Nei syn stedsdichterskip hat Hut noch ien kear as 'dichter yn tsjinst' west. Fan Falentynsdei 2009 oant Maaie 2009 wie er húsdichter fan jongereinwebside Fynst. Foar Fynst waard der in klip makke by it gedicht De Fermisten, en ek in animaasje fan it fers Krisis Gedicht. Krisis Gedicht waard jûns live fan it Gûverneursplein ôf op in sydmuorre fan it Ljouwerter stêdhûs projektearre.

Tsjerketour[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de simmer fan 2007 wie Hut mei dichter Eeltsje Hettinga en de bands Ljoubjr en Novelle ûnder de namme Tsjerketour op toernee troch Fryslân. Optredens wiene der ûnder oaren yn de midsiuwske tsjerken fan Sânfurd, Ketlik, Eastrum, Bears en Boksum.

Poster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Septimber 2008 ferskynde de nije rymposter fan de berneboeketiid, mei in gedicht fan Hut. It gedicht hjit fan "Streken", skilderesse Misja Sirag fersoarge de yllustraasje.

Tin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bondel Tin is yn oktober 2010 ferskynd by de Afûk. Krekt as Nachtswimmers, is Tin wer in folslein Frysktalige bondel, mei útsûndering fan it fers Alle Vogels, dat oer taal giet. Tagelyk mei it ferskinen fan de bondel, is in spesjaal webstee lansearre, dêr't ûnder oaren foardrachten fan it nije wurk te hearren binne.

Reaksjes op Tin: "Wat wol Hut no útdrukke? Ik ha der net folle hâldfêst oan, en kin ek gjin djippe gedachten of emoasjes ûntdekke. Lykwols, Hut kin wier wol dichtsje! Rigels as 'in fikse fisker op de skaal fan richter' of 'sy swimt yn de tatoeaazje fan in hert' befetsje sterke, troch assosjaasje ûntstiene bylden" (Cornelis van der Wal, It tsjil op 'e nij útfûn, Friesch Dagblad, feb 2010)

"Hut schrijft in Tin fascinerende gedichten, nu eens bloedserieus, dan weer grillig, soms speels, en vaak in gedreven beeldende taal. Geregeld roepen die gedichten meer vragen op dan dat ze antwoorden geven. Maar is dat niet ook de taak van poëzie?" (Jelle van der Meulen, Friese Literatuersite)

Hjoed-de-dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 desimber 2016 ferskynt Aurora Bossa Nova. Dichter Syds Wiersma neamt de bondel op syn Facebookside 'wûnderlik moai' en de measte fersen 'in lust om te lêzen.' Hy hellet dêrby it gedicht Flam as foarbyld oan. Jelle van der Meulen skriuwt op syn site:

"Hut gaat de menselijke misère niet uit de weg, maar biedt meestal wel een uitweg daaruit. Daarbij maakt hij gebruik van aangename, tegelijk eenvoudige en poëtische zinnen als “Simmer falt op in freed fan ’t jier”, de beginregel van het gedicht ‘Hotpants’. Ook schakelt Hut moeiteloos tussen beeldspraak – mooi gevonden, sobere personificaties vaak – of tussen beschrijvingen van wat je om je heen kan zien en diepzinnige overpeinzingen."

Yn 2017 krige Hut foar it fers Opgean in Rely Jorritsmapriis. Anno 2020 is Hut al in pear jier Wâlddichter foar de gemeente Achtkarpelen. Yn dy funksje skriuwt er by spesjale gelegenheden in gedicht. In tal dêrfan ferskynden yn de bondel Fjoertoer yn it Wâld.

Op 16 novimber 2023 waard Hut beneamd ta Dichter fan Fryslân.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nachtswimmers - gedichten (Bornmeer, febrewaris 2004)
  • Doar Boek - (mei Elizabeth Hietkamp) (Venus, febrewaris 2006)
  • Poetisch Leeuwarden - (kleine Uil, desimber 2006)
  • 05 06 - gedichten (Bornmeer, jannewaris 2007)
  • Toe No - (mei Elizabeth Hietkamp) (Bornmeer, septimber 2007)
  • Onferjitlik Lok - kollems (Bornmeer, feb 2008)
  • Goeie - (mei Elizabeth Hietkamp) taalgids Fryslân (In Boekvorm, juny 2009)
  • Tin - gedichten (AFÛK, septimber 2010)
  • Aurora Bossa Nova - gedichten (AFÛK, 2016)
  • Ik hâld fan it lûd fan in trein yn de fierte - Cityboek (Huis DeBuren, 2018)
  • Fjoertoer yn it wâld - gedichten (AFÛK, 2020)
  • Ien tel de ierde stil - gedichten (AFÛk, 2023)

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The Cornish Language in Education in the United Kingdom - (Mercator, novimber 2001)
  • Wurdboek Frysk - (co-auteur) (Prisma, juny 2007)

Oer Hut (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]