Doar Boek

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Doar Boek is in ferhalebondel mei in seleksje teksten fan skriuwers tusken de 3 en 33 jier dy 't earder publisearre waarden op de webside Doar. Doar Boek is besoarge troch Arjan Hut en Elizabeth Hietkamp, beide redakteurs fan Doar. It boek ferskynde by Utjouwerij Venus yn febrewaris 2006. De presintaasje wie by boekhannel Van der Velde oan de Nijstêd yn Ljouwert. It earste eksimplaar waard oanbean oan Cor Jousma, earder fan de Ried fan de Fryske Beweging. Skriuwers dy't yn Doar Boek oan de oarder komme binne ûnder oaren Rixt Weiland, Henk Wolf, Grytsje Schaaf, Else Feike van der Berg, Trevor Scarse en Martin Kobus. Doar Boek telt 214 siden.