Jaap Krol
Jaap Krol (Drachten, 13 jannewaris 1970) is Frysk skriuwer dy't yn it Frysk en it Nederlânsk publisearret. Hy wennet yn Grins, dêr't hy oan de Ryksuniversiteit godstsjinstwittenskippen studearre. Hy wurke mear as tweinich jier by Ikea as fekkefuller[1].
Bepalend foar syn ûntwikkeling wienen ûnder oare syn lidmaatskip fan de Fryske studinteferiening Bernlef en it dispút Neoem Benej Nebiim.
Yn 2005 waard hy nominearre foar de Fedde Schurerpriis 2005 (bêste debút). Yn 2008 waard er wer nominearre en wûn hy de sjuerypriis mei syn roman "M/F". Sûnt 2006 skriuwt hy resinsjes en kollums foar it Frysk Deiblêd. Fan 2010 ôf oan skriuwt er kollumns foar De Riepe, de strjitkrante fan Noard-Nederlân. Teffens is er resinsint fan Tzum literêr webloch en De Moanne.
It boek 'Nûmers' wie ien fan de tsien Frystalige boeken dy't yn 2013 ôffurdige waarden nei de Franfürter Buchmesse.
Yn 2020 ferskynde syn earste Nederlânsktalige wurk, de ferhalebondel De hond die overstak'.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferhalebondels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wettersek (2002)
- Nûmers (2004)
- It fûgelgebed (2013)
- De hond die overstak (2020)
Roman
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- M/F (2006)
M/F
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn roman M/F, dêr't er de Fedde Schurer priis mei wûn, beskriuwt it libben fan in span dat yn in boufallich hûs wennet en harren dagen scrabbeljend en drinkend trochbringe. Yn it boek wurdt allinnich út 'e doeken dien oer it hûs dêr't sy yn wenje en oer de tankshop fyftich meter fierderop. Yn de tankshop keapje sy sjips, drinken en blikfoer foar it deistige libben. Ienfâld, by it saaie ôf, want Jaap Krol hâldt neffens eigen sizzen fan monotoane dingen (LC 19 desimber 2008, Freed, side 2).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |