Steven Sterkpriis

Ut Wikipedy

De Steven Sterkpriis wurdt sûnt 2005 útrikt by de jierlikse Fryske talintejacht Liet yn Ljouwert. In sjuery ken de priis ta oan de skriuwer fan de bêste tekst fan in liet dat by Liet sjongen wurdt. De priis fan €500 wurdt beskikber steld troch útjouwer Steven Sterk.

Sjoch foar de winners fan de Steven Sterkpriis it artikel Liet.