Springe nei ynhâld

Coen Peppelenbos

Ut Wikipedy

Coen Peppelenbos (Raalte, 4 oktober 1964) is een Nederlânsk dichter en skriuwer.

Peppelenbos waard grutbrocht yn Raalte, dêr't er it Florens Radewijns College trochroan. Dêrnei studearre er Nederlânske taal- en letterkunde yn Grins. Syn doktoraalskripsje gie oer de dichter A. Marja, waans gedichten Peppelenbos yn oktober 2008 in karlêzing fan gearstalde.

Fan 1988 ôf wurket er yn it ûnderwiis. Sûnt 1991 is er dosint oan de NHL Hegeskoalle. HY is mei-auteur fan trije ferskillende literatuermetoades foar it middelber en heger ûnderwiis. Sûnt 1995 is Peppelenbos literatuerresinsint foar de Ljouwerter Krante. Maart 2007 wie syn dichtersdebút mei de bondel Sing Sing. De bondel krige goede kritiken fanwegen de heldere taal en de ienfâldigens fan de gedichten. Juny 2008 publisearre er Victorie, in roman dêr't syn bertedoarp Raalte goed yn werom te kennen is.

Peppelenbos wie oant maart 2009 haadredakteur fan it literêr tydskrift Tzum, dat er yn 1998 ek oprjochte hie. Mei Doeke Sijens skreau er de romans Tavenier (2003) en Harde actie (2005). Fan 2003 oant 2006 wie er gearstaller fan poëtyske kuiertochten troch Amsterdam, De Haach, Grins, Rotterdam en Utert. Teffens treedt er geregeldwei op by literêre festivals.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]