Tzum
Tzum wie in Nederlânsk literêr tydskrift mei artikels, resinsjes en reportaazjes.
Tzum waard 1998 oprjochte en ferskynde ynearsten by de Fryske útjouwer Frysk en Frij. Nei in skeel tusken redaksje en útjouwer ferfear Tzum nei Grins, dêr’t it ûnderbrocht waard by de nije Utjouwerij Kleine Uil. Nei trettjin jier waard it blêd opheft. It lêste nûmer fan Tzum ferskynde yn 2011. In part fan de redaksje hie gjin aardichheid mear oan it tydskrift. Tzum gie dêrnei fierder as literêr webloch, www.tzum.info.
Tzumpriis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2002 bestiet de Tzumpriis foar de bêste literêre sin yn ferheljend proaza dy't alle jierren útrikt wurdt. De winner fan de Tzumpriis kriget in bokaal plus in symboalysk jildbedrach (it tal wurden fan de sin, is it tal euro's dat de winner krijt).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |