Springe nei ynhâld

Annet Haring

Ut Wikipedy
Annet Haring (1966)
De trije toeristen op De Jouwer (1982)
Boartsjende bern (Jistrum) (1985)

Annet Haring (Hoarn, 1934) is in Nederlânsk keunstner.[1]

Haring hat har oplieding hân oan de keunstakademy yn Amsterdam (Rietveldakademy) net ôfmakke omdat abstrakt wurk har net befoel. Letter folge se noch in oplieding oan de ABK Arnhim en Giacomo Manzu yn Milaan. Se wurke seis jier oan it Ynstiytút foar Byldzjende ekspresje yn Amersfoart. Yn de perioade 1978 - 1996 hat se yn Fryslân wenne en wurke, it lêst yn Oerterp. Nei alve jier reizge te hawwen is se sûnt 2008 wer werom yn Nederlân.

Se makke ûnder oare de brûnzen trofee dy't sûnt 1990 jierliks op it Festival Frouljufilms[2] útrikt wurdt oan in frou dy't har fertsjinstlik makke hat op it mêd fan frou en film. Yn 1995 waard in gruttere útfiering[3] hjirfan troch de organisaasje fan it festival oan de gemeente Assen oanbean.

Haring is mem fan byldzjend keunstner Marco Goldenbeld.

Wurken yn de iepenbiere romte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
lokaasje titel/omskriuwing materiaal jier
Assen, De Vaart Filmdoek brûns 1995
Balk Boartsjende bern brûns 1983
Bûtenpost Boartsjende bern brûns 1984
Bueren Ritskemooi brûns 1980
Droegeham Droegehamsterko mei Boer en keapman brûns 1982
Jistrum Bern yn hoepel brûns 1985
Folsgeare, Tsjaerddyk De Muontsen brons 1995
Harns Frou mei dowen by plysjeburo brûns 1986
De Jouwer De Koperjitter brûns 1979
De Jouwer Bern oan fiver brûns 1980
De Jouwer, Midstrjitte De Trije Toeristen brûns 1982[4]
Ljouwert, Harnzertrekwei Groepen minsken dy't de sikefûnsklanten útbyldzje brûns 1984
Nijeberkeap It harjen fan de seine stiel komposysje 1996
Oentsjerk Tryntsje-muoi brûns 1986
Skearnegoutum, Legedyk De nonnen fan it Nijkleaster brûns yn betonsokkel 1996
Waskemar De Trilker brûns 1980
  1. Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
  2. Festival Vrouwenfilms
  3. ôfbyld op Drinte keunstbreed yn byld
  4. It orizjinele byld is stellen. Yn 2008 makke Haring in nij byld.