De Trije Toeristen

Ut Wikipedy
De Trije Toeristen
keunstwurk
De Trije Toeristen
De Trije Toeristen
bysûnderheden
jier 1982
keunstner Annet Haring
materiaal brûns op bakstiennen sokkel
plak De Jouwer
lokaasje Midstrjitte

De Trije Toeristen is in keunstwurk oan de Midstrjitte op De Jouwer.

It byld fan trije toeristen bestiet út in man, in frou en in bern. De 'toer'isten sjogge omheech nei de Jouster Toer. It byld waard makke nei de werynrjochting fan de Midstrjitte en ûntbleate troch Kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel. It byld dat ferwiist nei it toeristyske karakter fan De Jouwer is faak fernield. Yn 1988 waard de froulike figuer stellen, yn 1990 waard it famke fan de sokkel lutsen. Yn de jierren dêrnei stie op in koperen plaatsje de tekst Spitigernôch binne it mar twa. Fandalen gongen yn 2003 mei de dochter oan de haal. Yn 2007 waard it byld wer makke. De makster Annet Haring sette der doe in nij famke by, en in sittend hûntsje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: