Springe nei ynhâld

Alveringem

Ut Wikipedy
Alveringem
Sint-Audomarustsjerke (2015)
Sint-Audomarustsjerke (2015)
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal5.025 (2022)
Oerflak80,71 km²
Befolkingsticht.62,25 ynw./km²
Oar
Postkoade8690-8691
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten51° 0' N 2° 42' E
Offisjele webside
webstee gemeente
Kaart
Alveringem (West-Flaanderen)
Alveringem

Alveringem is in plak en gemeente yn 'e Westhoeke yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen tusken Veurne en Poperinge. De gemeente hat likernôch 5.000 ynwenners dy't Alveringemnaars neamd wurde. Troch it suden fan de gemeente rint de Izer; troch it plak Alveringem de Lovaart.

It gebiet om Alveringem hinne waard al troch Romeinen besocht en yn de 5e iuw bewenne troch Franken. Saksen soene har dêr yn de 7e iuw nei wenjen setten ha en in Adolfried soe syn lângoed skonken hawwe oan Sint-Audomarus. Sa kaam it lang om let by de Abdij fan Sint-Bertinus yn Sint-Omaars telâne en ûntstie de hearlikheid fan de Frije fan Sint-Omaars, in hearlikheid dy't ôfhinklik wie fan it kapittel fan Sint-Omaars. De earste fermelding fan Alveringem wie yn 1066. Yn 1604 ferkocht it kapittel in grut part fan de hearerjochten oan de kasselrij Veurne.

Oan it begjin fan 'e 14e iuw fochten in soad ynwenners fan Alveringem yn it leger fan de boerelieder Nicolaas Zannekin tsjin de Frânske kening en de greve fan Flaanderen. Dy opstân einige yn 1328 mei de Slach by Kassel, dêr't de rebellen ferslein waarden.

In opstân fan boargers yn Veurne soarge derfoar dat de hegerein him weromloek yn Alveringem, dêr't in protte states stiene, dêr't eallju wennen of dy't ôfhinklik wiene fan de Sint-Niklaasabdij yn Veurne.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente waard op 23 maaie 1940 troch it Dútske leger beset en op 7 septimber 1944 befrijd. Yn de Nacht und Nebel-kampen waard teminste ien fersetsstrider út de mienskip troch ûnthalzing deamakke.

Gemeenteyndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Alveringem is in tinbefolke gemeente, wêrfan't it ynwennertal de lêste jierren ôfnimt. Yn it útwrydske gemeentegebiet binne njoggen dielgemeenten, allegear plattelânsdoarpen. De wichtichste dielgemeente is it plak Alveringem sels, dat yn it noardeasten fan de gemeente leit. Yn 1971 binne by gemeentlike weryndielingen de doarpen Hoogstade, Oeren en Sint-Rijkers oan Alveringem tafoege. Yn 1977 kamen ek de doetiidske gemeenten Leisele en Stavele by de gemeente. Leisele omfieme sûnt 1971 ek de doarpen Gijverinkhove en Izenberge; Beveren-aan-de-IJzer waard yn itselde jier oan Stavele ferbûn.

Sûnt 1977 hat de fúzjegemeente njoggen lannelike dielgemeenten. Krekt eastlik fan it doarpssintrum fan Alveringem leit it buorskip Fortem oan de Lovaart.

Nû.Plaknamme /
Westflaamske namme
Oerflak
(km²)
Ynwenners (2019)Kaart
IAlveringem *
Oalveringem
18,981813
IIOeren
Oern
2,8936 (1)
IIISint-Rijkers
Sint-Rykers
3,72110 (2)
IVIzenberge
Yzenberge
4,51392
VLeisele
Leisel
15,38815
VIHoogstade
Oogstoade
5,66351
VIIGijverinkhove
Gyverienkove
3,92320
VIIIBeveren
Bevern-a'n-Yzer
12,35736
IXStavele
Stoavel
12,63619
  • (1) mei Oeren en Sint-Rijkers
  • (2) 2020

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke en parochy fan Alveringem-sintrum binne wijd oan Sint-Audomarus. De letgoatyske halletsjerke út de 16e-17e iuw is nei skea yn de Earste Wrâldoarloch restaurearre en sûnt 1971 in beskerme monumint. De trijeskippige sealtsjerke hat in 46 meter hege toer.

It gemeentehûs rekke ek yn de Earste Wrâldoarloch swier skansearre. Nei de oarloch waard it ôfbrutsen en kaam der in nij gebou, ûntwurpen yn Flaamske neostyl troch arsjitekt C. Van Elslande. It waard yn 1922 iepene en tsjinne as gemeentehûs oant de fúzjes fan 1977. No tsjinnet it gebou as iepenbiere biblioteek.

Fierder:

  • De Hof van Wyckhuize, in 17e iuwske kastielpleats
  • De Sint-Annakapel fan 1735
  • Mout- en Brouwhuis De Snoek
  • Iepenloftmuseum 'Bachten de Kupe'
  • Kapelanij Verschaeve, Alveringem in de Groote Oorlog; in museum oer de Earste Wrâldkriich en de preester Cyriel Verschaeve, dy't fan 1911-1939 ûnderpastoar fan Alveringem wie en letter yn de Twadde Wrâldkriich kollaborearre mei de Dútske besetter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Alveringem


    West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
    Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
    · · Berjocht bewurkje