Springe nei ynhâld

Kuurne

Ut Wikipedy
Kuurne
Gemeentehûs
Gemeentehûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 13.975 (2022)[1]
Oerflak 10,11 km²
Befolkingsticht. 1.382 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 51' N 3° 17' E
Lokaasje Kuurne yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Kuurne yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
kuurne.be

Kuurne (Frânsk: Cuerne) is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. Kuurne leit oan de Leie en is fergroeid mei de stêd Kortrijk. De gemeente hat krekt likernôch 14.000 ynwenners.

It gebiet fan Kuurne waard al yn de neolityske tiid bewenne. Dat docht bliken út fynsten fan fjoerstienark en soks. Ek binne tal fan oerbliuwsels út de Romeinske tiid fûn, lykas in put, brângrêven, oerbliuwsels fan wyntonnen, ierdewurk en in munt út de tiid fan keizer Trajanus.

It plak ûnstie nei alle gedachten yn de 11e iuw, doe't de bosken en sompen yn de krite ta lân makke waarden. De earste fermelding fan Kuurne wie yn 1123 as filla de Curnes, doe't de abdij fan Voormezele by Iper hjir lân krige. Yn 1146 waard Kuurne neamd as Cuerna.

Sint-Michaeltsjerke

In tsjerke yn Kuurne waard foar it earst yn 1146 neamd, doe't de patronaatsrjochten oan de Sint-Martinusabdij fan Doarnik jûn waarden. Yn 'e rin fan 'e 14e iuw ûntstie. Dy yndustry bloeide yn de 16e ieu. In soad linnen waard ferkocht oan Latynsk-Amearika.

De twadde helte fan de 17e iuw stie yn it ramt fan oarloggen en pas nei de Spaanske Suksesjeoarloch bloeide de linnenyndustry wer op. Om 1750 hinne waard de Brugsesteenweg oanlein. Yn 1798 briek mei de Frânske tiid de Boerekriich út, dy't ek foar Kuurne gefolgen hie mar koart duorre.

Underwilens groeide de flaaksyndustry wer en yn 1847 waard it spoar oanlein. De flaaksyndustry waard oan it begjin fan 'e 20e iuw allinnich mar wichtiger en it tal ynwenners fan Kuurne naam ta. Benammen sûnt 1930 waarden in protte flaaksbedriuwen meganisearre. Oant healwei de 20e iuw bleau de Leie tige belangryk foar de ekonomy fan Kuurne, net allinne foar it transport mar ek foar it rotsjen fan 'e flaaks. Tsjintwurdich is Kuurne fral in forinzeplak mei in soad sosjale wenningbou yn de Kortrijkske stêdekloft.

Njonken it plak Kuurne bestiet de gemeente ek út de kearnen Sint-Pieter en Sint-Katrien. Yn it suden leit oan de Leie de histoaryske kearn fan it plak Kuurne. Lang groeide Kuurne fral by de diken lâns en om de tsjerke hinne. Sûnt de jierren 1960 waarden ferskillende grutte wiken oanlein. De skelnamme fan de ynwenners is ezels.

Efkes noardliker leit Sint-Pieter, dat troch útwreiding oan it plak Kuurne fêstgroeide. Yn it noardwest fan de gemeente leit Sint-Katrien, dat mar foar in diel yn de gemeente Kuurne leit en foar de rest yn de gemeenten Lendelede en Heule. Sint-Katrien is ferneamd nei de hillige Katarina fan Aleksandrje.

Nû. Namme Kaart
I Kuurne
II Sint-Katrien
III Sint-Pieter

Kuurne leit oan de kanalisearre Leie, dêr't de Heulebeek op útmûnet. De hichte fan 'e krite ferskilt fan 12,5 meter oant 23 meter. De gemeente hat in soad bebouwing en allinne yn it noardwest is noch iepen gebiet. Njonken de Heulebeek rinne noch trije oare beken troch de gemeente: de Langebeek, de Hazebeek en de Vaernewijckbeek. Eartiids streamde ek de Oude Ieperbeek troch Kuurne, mar dy waard drûchlein.

Griene sônes binne der by in âlde earm fan 'e Leie en de delling fan 'e Heulebeek.

Om in diel fan de Heulebeek leit it yn 2018 iepene 14.000 m² grutte Vlaspark. De namme ferwiist nei de bou en it rotsjen fan flaaks op it plak. Yn it park stiet û.o. in âld gebou fan in flaaksrotterij.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Kuurne


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje