Springe nei ynhâld

Ingelmunster

Ut Wikipedy
Ingelmunster
Kastiel fan Ingelmunster
Kastiel fan Ingelmunster
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 11.294 (2022)[1]
Oerflak 16,43 km²
Befolkingsticht. 687 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 51' N 3° 17' E
Lokaasje Ingelmunster yn it arrondissemint Roeselare yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Ingelmunster yn it arrondissemint Roeselare yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
ingelmunster.be

Ingelmunster is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat mear as 11.100 ynwenners en wurdt ek wol de Brigandsgemeente neamd, in ferwiziing nei de Brigandssnein dy't 28 oktober 1798 foel, doe't de opstân fan 'e Brigands yn Ingelmunster yn 'e Boerekriich ûnderdrukt waard troch de Frânsen.

Robrecht I fan Flaanderen liet om 1075 by de rivier de Mandel in kastiel bouwe. Dêrfoar brûkte er de ruïnes fan in kleaster, dat yn de 7e iuw stifte wie troch Ingelske muontsen. Neffens de 17e-iuwske skiedkundige Anthonius Sanderus stamt de namme 'Ingelmunster' fan Anglo-monasterium ('Ingelsk kleaster'), mar oaren tinke dat de namme Ingelmunster fan it 'Angle-Monastère' stamt, in kleaster dat op de hoeke fan de hearlikheid fan Dendermonde stie. Yn dat ramt moat yn stee fan in kleaster eins mear tocht wurde oan in lytse tsjerke of in kapel.

Mei de lokaasje tusken de twa grutte midsiuwske stêden Brugge en Kortrijk yn naam Ingelmunster in sintraal plak yn. Fanwegen dy lokaasje neamden guon Ingelmunster sels 'de kaai fan Flaanderen'. Dat die bygelyks bliken troch it ferbliuw fan Filips I fan Frankryk yn 1297. Fiif jier foar de Slach by Kortrijk woe Filips mei de stêd Brugge ôfweve om't dy wegere belesting ôf te dragen. De boargers fan Brugge wiene lykwols sa benaud dat harren stêd ferneatige wurde soe, dat hja dimmen nei Ingelmunster kamen om har ûnder him del te jaan.

It kastiel fan Ingelmunster
(Sanderus 1641)

Yn 1580 fûn de Slach by Ingelmunster plak. Frânske Hugenoaten ûnder lieding fan François de La Noue fochten tsjin de Spaanske besetters fan it kastiel. De la Noue ferlear en waard troch Aleksander Farnese finzen nommen. (Yn 1878 waard in tapyt weefd mei as tema dy slach).

Troch it grutte tal oarloggen rekke Frankryk oan 'e râne fan reapsein en om oan jild te kommen waard yn 1583 de hearlikheid fan Ingelmunster ferkocht oan de Dútske kolonel Otto von Phloto. De famylje Von Phloto hie in grutte ynfloed op de hiele hearlikheid en dat die bliken út de relaasje tsjerke-kastiel. Yn 1825 waard it kastiel trochferkocht oan de famylje Descantons de Montblanc, neffens guon boarnen in famylje dy't út in ûnecht bern fan de Von Phloto's stamde. Hja brûkten it kastiel allinne simmerdeis, de rest fan de tiid sieten hja yn Parys. It hjoeddeiske kastiel (1736) is gjin midsiuwske boarch, mar mear in grut lânhûs.

Yn 1986 kocht in brouwerijfamylje it kastiel, dy't dêr yn de jierren 1990 in brouwerijmuseum ûnderbrocht. It kastiel waard mei it museum op 17 septimber 2001 troch in slimme brân troffen. Sûnt dy tiid wurdt besocht it kastiel yn de oarspronklike steat werom te restaurearjen.

Yndieling gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de gemeentlike fúzjes fan 1977 yn Belgje waard Ingelmunster net gearfoege mei oare gemeenten. It buorskip Krieke, dat yn it suden fan Ingelmunster leit, falt ek noch ûnder de gemeente.

Ingelmunster sels ûnstie oan de noardlike kant fan it rivierke de Mandel. It doarp wreide him letter nei it suden ta út en sa bestiet Ingelmunster út twa fan inoar skieden dielen, dy't elts in eigen parochy foarmje.

Namme Kaart
I Ingelmunster
II Krieke

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kastiel waard yn 2001 troch in grutte brân troffen, wertroch it ynterieur ferlern gie. Sûnt is it net mear foar publyk tagonklik. It kastielpark grinzget oan it natoerreservaat 'De Mandelhoek'. Sûnder ek mar wat fan de bebouwing te sjen is it mooglik om troch it natoerreservaat dwers troch Ingelmunster te kuierjen.

De Sint-Amanduskerk is in neoromaanse katolike tsjerke mei in skiednis dy't werom giet op de iere midsiuwen, doe't it in ûnderdiel wie fan it kleaster.

Oan de Heirweg-Zuid tichteby de grins mei Lendelede stiet de Doornmolen, de lege romp fan in stiennen stellingmûne dy't yn 1883 ôfbaarnde. De mûneromp fan de Zandbergmolen is te sjen oan de Bruggestraat 182. Dy romp wurdt brûkt as wente. Alle twa mûnen wiene eartiids nôt- en oaljemûne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Ingelmunster


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje