Springe nei ynhâld

Poperinge

Ut Wikipedy
Poperinge
Stedhûs
Stedhûs
Emblemen
               
Polityk
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 19.713 (2023)[1]
Oerflak 120,37 km²
Befolkingsticht. 165,7 ynw./km²
Oar
Postkoade 8970
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 04' N 2° 39' E
Offisjele webside
webstee Poperinge
Kaart
Poperinge (West-Flaanderen)
Poperinge

Poperinge is in stêd yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd hat goed 19.000 ynwenners en leit yn it Westflaamske Heuvellân. Tegearre mei de stêden Veurne, Ieper en Diksmuide is de stêd in regionaal tsjinstesintrum foar de regio Westhoeke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poperinge waard foar it earst om 850 hinne neamd as Villa Pupuringa. Fynsten út de neolityske tiid wize út dat it plak doe al bewenne wie. Yn de Romeinske tiid waard in sydwei fan in romeinske wei (deverticulum) oanlein, dy't Kassel mei Poperinge en Aardenburg ferbûn.

Al yn de iere midsiuwen spile de Sint-Bertinusabdij yn Sint-Omaars in wichtige rol yn it tsjerklike en ekonomyske libben fan de ynwenners fan Poperinge. De abten fan de abdij wiene feodale hearen fan Poperinge en bleaunen dat oant de Frânske Revolúsje.

Poperinge yn 1641

De wichtichste driuwende krêft efter Poperinge syn bloeitiid yn de 13e iuw wie de lekkenyndustry. De stêd wreide út en krige yn 1290 tastimming fan de biskop fan Terwaan om njonken de besteande Sint-Bertinustsjerke twa nije tsjerken te bouwen. In soad boeren stapten oer op de nije yndustry sadat boeren fan oare plakken frege waarden om it fjild te bewurkjen.

Hopplantaazje

Yn 1436 waard Poperinge oant de grûn ta ôfbaarnd troch it leger fan hartoch Humphrey fan Gloster. Dy fierde syn kampanje út Calais wei nei't in belis troch hartoch Filips de Goede krekt mislearre wie. Gloster rôp himsels ek yn 'e stêd út as greve fan Flaanderen, mar luts him doe yn sân hasten werom.

Doe't de lekkenyndustry yn de 16e iuw yn it neigean rekke, waard der nije fertsjinst fûn yn de hoptylt.

Yn de Earste Wrâldkriich wiene Poperinge en Veurne de iennige Belgyske stêden, dy't net fan 'e Dútsers beset waarden. It Militêre Begraafplak Lijssenthoek is mei 10.800 grêfstiennen it op ien nei grutste Britske begraafplak fan de Earste Wrâldkriich. It lei tichteby in grut fjildsikehûs en dat ferklearret ek de grêven fan in Britske ferpleechster, Sinezen, Amerikanen, Frânsen en Dútsers.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jehannestsjerke

Poperinge is trije grutte goatyske tsjerken ryk: De Sint-Bertinustsjerke is in dekanaatsjerke en oarspronklik in krústsjerke út 1147. Yn 1419 ferneatige in brân de tsjerke en neitiid waard de Bertinustsjerke as in letgoatyske sealtsjerke wer opboud. Opmerklik binne de brânskildere ramen fan de hoptylt.
De Us-Leaffrouwetsjerke waard tusken 1290 en 1490 boud en hat in 70 meter hege toer.
Mei de bou fan de Sint-Jehannestsjerke waard yn 1290 útein set. Healwei de 14e iuw wie de tsjerke foltôge.

It neogoatyske stedhûs datearret fan 1911. Op de binnenhôf fan en yn it stedhûs binne de deadesellen en in eksekúsjepeal, dêr't 25 Britske en 2 Kanadeeske soldaten eksekutearre waarden fanwegen desersje of "lef hanneljen".

De tusken 1769 en 1782 boude Weeuwhôf wie foar allinnichsteande froulju en widdofroulju, dy't harren dwaande holden mei kantklossen.

It kleaster fan de Grauwe Susters leit oan de Krom- en Bruggestraat en bestiet út 17e-, 18e-, 19e- en 20e-iuwske gebouwen.

Om Poperinge hinne binne in soad oantinkens oan de Earste Wrâldoarloch:

Lijssenthoek Military Cemetery

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Optocht Hoppefeesten
  • De freed foar de fjirde snein yn 'e fjirtichdagentiid set yn Poperinge it Keikoppenkarnaval útein.
  • Op de earste snein fan july fynt de Marijeprosesje plak.
  • De Ynternasjonale Hopfeesten fine ienris yn 'e trije jier healwei septimber plak. De feesten geane werom op in âld folksfeest dat nei de rispinge fan de hop fierd waard. Der wurdt in hopkeninginne keazen, der binne optochten en der is in grutte feesttinte.

Gea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poperinge leit op in hichte fan likernôch 25 meter yn de delling fan de Vleterbeek, dy't yn noardeastlike rjochting oergiet yn de Poperingefeart. Oan de Poperingefeart leit it Burggraaf Frimoutpark.

Opfallend yn it lânskip om Poperinge hinne binne it grutte tal hopplantaazjes.

Gemeenteyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de stêd Poperinge lizze der yn de gemeente ek de dielgemeenten Krombeke, Proven, Reningelst, Roesbrugge-Haringe en Watou. Ek Abele en Sint-Jan-ter-Biezen binne doarpkes yn de gemeente, mar dat binne gjin dielgemeenten.

Nû. Namme Oerflak
(km²)
Ynwennertal
(01/01/2007)
Kaart
I Poperinge 47,61 13.318
II Krombeke 8,54 712
III Proven 13,10 1.366
IV Reningelst 15,20 1.413
V
(VII)
(VIII)
Roesbrugge-Haringe
- Roesbrugge
- Haringe
11,60
 
 
1.068
723
345
VI
(IX)
(X)
Watou
- Sint-Jan-ter-Biezen
- Abele
23,28
 
 
1.881
 
 
Boarne: Stêd Poperinge


Befolkingsferrin hjoeddeiske gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente (dus ynklusyf de dielgemeenten), lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarne:NIS, 1831 oan en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Poperinge


 
West-Flaanderen
Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem