Harelbeke

Ut Wikipedy
Harelbeke
Salvatortsjerke
Salvatortsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 29.095 (2022)[1]
Oerflak 29,4 km²
Befolkingsticht. 990 ynw./km²
Oar
Postkoade 8530-8531
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 51' N 3° 18' E
Lokaasje Harelsbeke yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Harelsbeke yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
harelbeke.be

Harelbeke (West-Flaamsk: Oarelbeke) is in stêd yn it suden fan de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd leit oan de rivier de Leie en grinzget fuort oan de stêd Kortrijk, dy't likernôch fiif kilometer fierder de stream op leit. De gemeente Harelbeke omfiemet ek de doarpen Bavikhove en Hulste, dy't alletwa oan de noardlike kant fan de Leie lizze. De stêd hat mear as 29.000 ynwenners (2022), sadat Harelbeke de op sân nei grutste is fan de 22 stêden yn West-Flaanderen. Ynwenners fan de stêd wurde 'Harelbekenaren' of 'Harelbekanen' (Oarelbekoanen) neamd.

Sûnt 2019 brûkt de lokale oerheid by de marketing fan de stêd it West-Flaamske biedwurd Oarelbeke Weireldstad (Harelbeke Wrâldstêd).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harelbeke is ûntstien op in droege sânrêch op de rjochteroever fan de Leie, dêr't it syn namme oan te tankjen hat (harula = sânrêch). De stêd kent in lange en rûzige skiednis en waard al bewenne yn de lette Romeinske tiid.

Harelbeke (1560)

De earste fermelding fan Harelbeke giet op it jier 629 werom, dêr't it plak 'Harlebecca' neamd wurde. Oare nammen binne 'Harlebeke' (1027), 'Herlebecca' (1042), 'Harlebecca' (1078), 'Harlebeca' (1111), 'Haerelbeke' (1302).

Yn de Earste Wrâldkriich leveren weromlûkende Dútske troepen yn de Slach oan de Leie yn oktober 1918 striid mei Newfoundlânske en Skotske troepen. It Newfoundland Memorial betinkt de oerstek fan 'e Kanadeeske troepen.

Belgyske troepen besochten yn maaie 1940 it Dútske leger by de oerstek oer de Leie te kearen. Om strategyske redenen blaasde it Belgyske leger doe de slústoer en de kariljontoer njonken de Sint-Salvatortsjerke op. Sa'n 40 Belgyske soldaten ferstoaren by de slach.

Harelbeke is benammen bekend as muzykstêd. Al yn 'e 11e iuw waard dêr muzykûnderwiis jûn. In grut tal fan ferneamde komponisten waarden yn Harelbeke berne, lykas de Flaamske komponist, muzykûnderwizer en dirigint Peter Benoit (1834-1901). Hy krewearre foar de ferflaamsking fan it muzykûnderwiis en learde syn folk sjongen. De muzikale tradysje fan de stêd late ta de stifting fan twa bloeiende keunst- en muzykakademy's en in soad muzykmeitsjende ferienings en organisaasjes, lykas de harmony Vooruit, dy't in ynternasjonale reputaasje opboud hat. Harelbeke is ek it start- en einpunt fan de alle jierren organisearre hurdfytsklassiker, de E3 Harelbeke, dy't ûnderdiel is fan de UCI World Tour.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Leie yn Harelbeke

Harelbeke leit yn de sterk yndustrialisearre krite fan Kortrijk yn it suden fan West-Flaanderen. Wat de gemeentegrinzen oanbelanget leit Harelbeke ynklamme tusken de twa stêden Kortrijk yn it west en de stêd Waregem yn it easten. Oare buorgemeenten binne: Ingelmunster, Kuurne, Lendelede, Oostrozebeke, Wielsbeke, Deerlijk en Zwevegem. Likernôch de helte fan it gebiet makket diel út fan de regionale stêdekloft fan Kortrijk, dat wurdt omklamme troch de ringwei N36, de autodyk E17 en it kanaal Bossuit-Kortrijk.

Yndieling gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Harelbeke hat trije dielgemeenten. Njonken Harelbeke sels binne dat Bavikhove en Hulste.

Harelbeke leit foar in grut part oan de rjochter igge fan 'e Leie. It gebiet is tige stedsk en hast folslein folboud. De bebouwing oan de rivier en de dyk Kortrijk-Gent grinzget fuort oan de kearn fan Kortrijk. Eartiids lei der in lânskip fan sompige wetterkes en sânrêgen, mar dat is hielendal ferdwûn. Yn it suden fan Harelbeke leit oan it kanaal Bossuit-Kortrijk de buorskip Stasegem. De buorskip wurdt fan de oare stedsdielen skieden troch it yndustryterrein Harelbeke-Súd en it natuergebiet De Gavers.

De dielgemeenten Bavikhove en Hulste lizze mear nei it noarden, oan de oare kant fan de Leie. Bavikhove hat in status as lânbou- en yndustrydoarp, wylst it doarp Hulste troch de fierdere ôfstân fan de stêd it plattelânske karakter better bewarje koe.

Nû. Namme Oerflak
(km²)
Ynwennertal (2021) [2] Kaart
I
 
(IV)
Harelbeke
- Harelbeke
- Stasegem
14,57
 
 
21.559
 
 
II Bavikhove 6,69 3.741
III Hulste 7,86 3.304

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Banmûnen
Bavikhove, Sint-Amandustsjerke
  • De Sint-Salvatortsjerke datearret fan de 18e iuw. De krusingstoer fan in eardere romaanske tsjerke út de 12e iuw waard yn de Twadde Wrâldoarloch fernield en is dêrnei wer opboud. Under de tsjerke bleau in krypte bewarre fan in noch âldere tsjerke út de 10e iuw. De âldste tsjerke fan Harelbeke soe yn de 9e iuw troch de Wytsingen fernield wêze. De neoklassisistyske preekstoel datearret 1779. Yn in kapel fan de tsjerke wurdt in stikje fan de toarnekroan fan Jezus bewarre.
  • It kleaster fan de Susters fan de hillige Augustinus stiet oan de Marktstraat 86 is sûnt 2014 in monumint. It kleaster wurdt net mear troch susters bewenne.
  • De Westlike Banmûnen en de Eastlike Wettermûnen oan de Watermolenstraat op it Moleneiland foarmje in kompleks fan wettermûnen.
  • It kastiel fan Stasegem is in 19e-iuwsk kastiel yn 'e styl fan de Flaamske neorenêssânse.
  • It 'Newfoundland Memorial' fan in brûnzen rindier is in monumint dat de aksjes fan it Royal Newfoundland Regiment yn 'e de Earste Wrâldkriich betinkt yn de Slach by Kortrijk (1918). Oant de oanlis fan de R8 stie it monumint op it grûngebiet fan Harelbeke, mar sûnt siet it krekt oer de gemeentegrins yn Kortrijk.
  • It provinsjale rekreaasjedomein De Gavers is in drokbesocht natuergebiet. Yn it gebiet stiet in restaurearre standermûne, de Koutermolen.
  • Op it heechte punt fan de gemeente stiet yn Hulste de Muizelmolen, in nôt- en oaljemûne.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Militêre begraafplakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harlebeke New British Cemetery (Flanders Fields) is in militêr begraafplak fan it Britske Mienebest, dêr't 1126 oarlochsdeaden (1116 fan 'e Earste Wrâldoarloch en 10 fan 'e Twadde Wrâldoarloch ) begroeven waarden.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Harelbeke


 
West-Flaanderen
Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem