Anzegem
Anzegem | ||
Stasjon | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15.029 (2022)[1] | |
Oerflak | 42,35 km² | |
Befolkingsticht. | 355 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8570-8573 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 50' N 3° 28' E | |
Lokaasje Anzegem yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen | ||
Offisjele webside | ||
anzegem.be |
Anzegem is in plak en gemeente yn it suden fan de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat mear as 15.000 ynwenners, dy't 'Anzegemnaars' neamd wurde. Anzegem is nei ferhâlding in plattelânsgemeente yn de heuvels tusken de Leie en de Skelde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1917 waarden spoaren fûn fan in neolityske delsetting. Troch it gebiet rûn de Romeinske dyk fan Tongeren nei Kassel. Ek binne Romeinske munten fûn.
Anzegem is in namme fan Germaanske komôf en waard foar it earst yn 960 as Ansoldingehem neamd. It gebiet waard doe skonken oan de Sint Piterabdij fan Gint. Der wiene tal fan hearlikheden yn it Anzegemgebiet. De doarpshearlikheid hearde by de Sint Piterabdij, mar de hearlikheid fan Hemsrode besloech in grutter part fan Anzegem. De hearen fan Hemsrode wennen yn in kastiel dat yn 1660 werboud waard, mar yn 1940 troch in brân ferneatige waard.
Anzegem hie te lijen fan de religieuze konflikten yn de 16e iuw en yn de jierren 1640-1644 fan Frânske troepen. De Njoggenjierrige Oarloch late ek ta plonderingen troch Frânske en Ingelske legers.
Yn 1834 waard it Kleaster fan de Susters fan Sint-Finsintius stifte. Hja joegen famkes ûnderwiis en fersoargen de âlderein. Yn 1868 waarden it spoar nei Oudenaarde, Kortrijk en Ingelmunster foltôge, dat yn 1950 wer opbrutsen waard.
Nei de Dútske besetting yn 'e Earste Wrâldkriich waard Anzegem op 31 oktober 1918 befrijd. By de striid en Dútske gasoanfallen om Anzegem ferstoaren 200 ynwenners.
Tusken de twa wrâldoarloggen soargen ferskate tekstylbedriuwen foar nije wurkgelegenheid yn Anzegem.
De gemeente waard op 23 maaie 1940 beset troch it Dútske leger en op 6 septimber 1944 befrijd.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Jan Baptisttsjerke is de haadtsjerke yn it sintrum fan Anzegem. It âldste diel fan de tsjerke (de fjouwerkante krusingstoer) datearre út de tolfde en trettjinde iuw en wie boud fan kalkstien út Doarnik. Op 16 oktober waard de tsjerke troch in tige grutte brân ferneatige. De toer waard rekonstruearre, mar fanwegen jildbrek waard it skip ynrjochte as in binnentún.[2]
- De Wettermûne ter Walskerke is de ienige wurkjende wettermûne yn West-Flaanderen. De earste fermelding fan de wettermûne datearret út 1769.
- De Landergemmolen is in houten standermûne út 1781. De mûne bleau oant 1942 yn gebrûk en waard yn 1971 restaurearre.
- Fan it yn 1940 ôfbaarnde kastiel Hamsrode bleau it koetshûs bewarre.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Het Lijsternest is it eardere wenhûs fan de Flaamske skriuwer Stijn Streuvels, pseudonym foar Franciscus Petrus Marie Lateur (1871-1969).
Militêr begraafplak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anzegem Communal Cemetery is in lyts militêr begraafplak oan it gemeentlike begraafplak fan Anzegem. Op Anzegem Communal Cemetery binne de grêven fan 17 Britten en 1 Nij-Seelanner te finen, dy't yn de Twadde Wrâldkriich en Earste Wrâldkriich foelen.
Yndieling gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fúzjegemeente bestiet njonken Anzegem sels ek út de dielgemeenten Gijzelbrechtegem, Ingooigem, Kaster, Tiegem en Vichte.
Gijzelbrechtegem wie de earste gemeente dy't yn 1971 by Anzegem foege waard. Ingooigem, Kaster, Tiegem en Vichte folgen op 1 jannewaris 1977 by de grutte weach fan weryndielings yn Belgje.
In bytsje noardwestlik fan it plak Anzegem leit boppedat noch it buorskip Heirweg. Heirweg hat nea in selstannige gemeente west, mar wol in eigen tsjerke en skoalle. Njonken it âlde doarp Anzegem is súdeastlik om it stasjon hinne ek in kearn groeid.
Nû. | Namme | Oerflak (km²) |
Ynwennertal (2021) |
Kaart |
---|---|---|---|---|
I (VII) |
Anzegem - Anzegem - Heirweg |
16,19 |
4.974 |
|
II | Gijzelbrechtegem | 0,78 | 401 | |
III | Kaster | 4,08 | 802 | |
IV | Tiegem | 7,69 | 1.578 | |
V | Ingooigem | 8,38 | 2.328 | |
VI | Vichte | 4,65 | 4.760 |
- Boarnen: Alle Cijfers
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
- Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Anzegem
|
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |