Abdij fan Sint-Bertinus

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ruïne fan de abdij
De ruïne fan de abdij yn 1850

De Abdij fan Sint-Bertinus (Frânsk: Abbaye Saint-Bertin) wie in Benediktynske kleaster yn de stêd Sint-Omaars (Saint-Omer) yn Frankryk. De gebouwen binne hjoed-de-dei ruïnen, dy't iepen binne foar it publyk. It waard ynearsten wijd oan de hillige Petrus, mar waard letter fannijs wijd oan Bertinus, dy't de twadde abt fan it kleaster wie. It kleaster wie ferneamd om syn Latynske kartularium (Chartularium Sithiense), dêr't it earste part fan tawiisd is oan Folkwinus fan Terwaan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard stifte oan de ouwer fan de rivier de Aa yn de sânde iuw troch biskop Audomarus fan Terwaan. Hy stjoerde de mûntsen Bertinus, Momelinus en Ebertram fan Sithiu (hjoed-de-dei Sint-Omaars) en bekear de heidenske befolking dêre. It kleaster waard al rillegau ien fan de meast ynfloedrike kleasters yn noardlik Jeropa lykas de kleasters fan Elnon (hjoed-de-dei de Abdij fan Sint-Amand) en Sint-Vaast.

De bibleteek befette de kodeks fan de Leiske Aratea, dêr't twa kopyen fan makke binne. De Annalen fan Sint-Bertinus wiene in wichtige boarne fan de skiednis fan Frankryk yn de njoggende iuw.

Yn de njoggende iuw hie it kleaster in priorij yn Poperinge. In Romaanske tsjerke waard yn it midden fan de alfde iuw boud. It gebou wie 25 meter heech mei in toer fan 48 meter heech. It befette in grutte fjirtjinde iuwske healrûn hillichdom mei fiif kapellen deromhinne tsjinoan boud. It tsjinne as model fan de tsjerke dy't yn de sechtjinde iuw reekaam.

Fan 1106 ôf, krige it kleaster it rjocht en beneam preesters yn Lissewege en Ruiselede. Willem Klito, greve fan Flaanderen, waard yn 1128 it kleaster begroeven. It kleaster hie ek in 'refúzjeehûs' yn Brugge.

It kleaster rekke yn it neigean nei de trettjinde iuw, alhoewol't it oant it sluten yn de Frânske Revolúsje iepen bleau. De mûntsen waarden yn 1791 fuortstjoerd troch troepen fan de Frânske Revolúsjonêre Garde en yn 1799 waarden it kleaster en de tsjerke ferkocht op in feiling. Yn 1830 oardere de gemeente it ôfbrekken fan de tsjerke, mar de toer bleau besparre. De pylder dy't boud waard om de toer te stypjen is noch hieltyd te sjen, mar de toer sels foel yn 1947 yninoar, om't dy skansearre waard troch besjittings yn de Twadde Wrâldkriich. It stedshûs fan Sint-Omaars waard yn 1834 boud mei stiennen fan it kleaster.