Springe nei ynhâld

Audomarus

Ut Wikipedy
Stânbyld fan Sint-Audomarus

Audomarus, Audomar,Omaar of Otmar (berne om 600 hinne, ferstoarn om 670 hinne) wie in biskop fan Terwaan en de flakby lizzende stêd Sint-Omaars yn it noarden fan Frankryk is nei him neamd.

Hy waard berne yn Coutances yn Normandje om 600 hinne en kaam út in begoedige famylje. Nei it ferstjerren fan syn mem ferfear er mei syn heit nei de Abdij fan Luxeuil, nei alle gedachten om 615 hinne. Under de lieding fan Eustachius, studearre Audomarus de Hillige Skriften en waard al rillegau kundich dêryn.

Kening Dagobert I woe in biskop oanstelle yn de wichtige stêd Terwaan dy't de âlde haadstêd fan it eardere gebiet fan de Morynjers yn it noarden fan Galje wie. Yn 637 waard Audomarus oansteld as biskop dêre. Alhoewol't de Morynjers earder al bekeard wiene, wie it Kristendom yn dy tiid suver út dat gebiet ferfearn.

Doe't Audomarus ree wie om mei syn sindingswurk útein te setten, stjoerde de abt fan Luxueuil ferskate mûntsen mei om te helpen sa as bygelyks Bertinus, Mommolinus en Ebertram. Audomarus seach der op ta dat it evangeelje gau ferspraat waard yn it gebiet en yn in koart skoftke tiid wie it gebiet al hast folslein bekeard.

Hy stifte de Abdij fan Sint-Piter (letter de Abdij fan Sint-Bertinus) yn Sithiu, dat al rillegau in rivaal fan de âldere Abdij fan Luxeuil waard. Yn 649 luts er de Tsjerke fan Us Leaffrou fan Sithiu op, dêr't in lyts kleaster oan taheakke waard, dy't er oan de mûntsen fan Sint-Bertinus joech, mei de betingst dat hy dêr begroeven wurde soe en dat de tsjerke in begraafplak foar mûntsen wurde soe.

De wiere datum fan syn ferstjerren is net bekend, mar nei alle gedachten moat dat om 670 hinne west hawwe. Hy waard letter hillichferklearre troch de Katolike Tsjerke. Syn feestdei is op 9 septimber.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.