Abdij fan Luxeuil
De Abdij fan Luxeuil (Latyn: Luxovium of Lussovium) wie in Benediktynsk kleaster yn Luxeuil-les-Bains yn it Frânske departemint Haute-Saône. It wie ien fan de wichtichste abdijen yn de Merovingyske tiid.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 590 hinne ferfear de hillige Kolumbanus, in Ierske muonts en sindeling fan it Keltyske kristendom, mei syn selskip fan alve manlju nei Luxeuil yn it Merovingyske Galje. Luxeuil wie in earder Keltysk hillichdom, dat yn 451 ferwoaste wie troch Attila, kening fan de Hunnen. Hja bouden dêr de Abdij fan Luxeuil, in kleaster dêr't hja libben neffens de kleasterregel fan Kolumbanus. It waard al gau ien fan de meast woltierige kleasters fan Galje.
Yn 603 krige er spul mei keninginne Brunhilde, regintesse fan har beppesizzer kening Teodoarik II fan Austraasje en Boergonje, en waard ferballe. Hy ferfear nei Itaalje, dêr't er de Abdij fan Bobbio stifte. De Abdij bleau goed troch draaien, benammen ûnder syn opfolger Eustasius fan Luxeuil.
Fan 670 ôf waarden der hânskriften skreaun mei lytse letters (ûnderkast). De Abdij wie ien fan de wichtichste plakken dêr't dit Merovingyske skrift ûntwikkele waard.
Yn 731 waard de Abdij ûtmoarde en útbaarnd troch de Sarasenen. Guon, dy't it oerlibbe hiene, bouden de abdij fannijs. Yn de njoggende iuw waard de Abdij troch de Wytsingen plondere. Mei help fan keizer Loadewyk de Fromme waard de abdij yn 817 wer opboud ûnder lieding fan de hillige Ansegisus. De Regel fan Benediktus waard doe ynfierd. Yn 820 waard de doe 19-jierrige Drogo fan Metz, dy't in ûnwettige soan fan Karel de Grutte wie, beneamd ta abt.
Yn 1201 befêstige kening Filips fan Swaben de status as keningskleaster. It nije prinsdom hie it dreech en hâld syn ûnôfhinklikens. Yn 1248 kaam it ûnder beskerming fan it hartochdom Loataringen en yn 1258 ûnder it greefskip Sjampanje. Einlings kaam it ûnder beskerming fan it greefskip Boergonje. Yn it Ferdrach fan Atrecht fan 1435 erkende de abdij dy beskerming. Yn 1534 ûnder keizer Karel V waard de prinsdom foargoed by it greefskip Boergonje ynlive.
Fan de fyftjinde iuw ôf rekke de Abdij yn in delgong, om't it in commendam ferklearre wie. Dat hold yn dat abten fan bûten de mienskip fan muontsen beneamd wurde koene. Dat waard in karriêre dêr't de beneamde abten safolle mooglik úthellen foar harren eigen gewin. Ien fan de ferneamdste abten in commendam wie Giuliano della Rovere, de lettere paus Julius II, dy't der fan 10 desimber 1473 oant 2 desimber 1474 abt wie. Yn 1643 kaam de Abdij ûnder tasicht fan de herfoarme kongregaasje fan Saint-Vanne (Ferdun). Yn de Frânske Revolúsje waarden de muontsen fannijs ferjage.
Hjoed-de-dei binne der mar inkele gebouwen oerbleaun fan de Abdij. De goatyske tsjerke fan 1330 wurdt noch hieltyd brûkt as parochytsjerke fan Luxeuil-les-Bains.
Abten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kolumbanus, 590–610
- Eustasius, 615–625
- Waldebert, 625–670
- Ansegisus, 817–822
- Drogo fan Metz, soan fan Karel de Grutte, 820–855 (Karolinger)