Merovingysk skrift

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Merovingyske skrift)
Jump to navigation Jump to search
Galloromaansk skrift

Merovingysk skrift of Galloromaansk skrift wie in midsiuwsk fariant fan it Latynske skrift dat ûntwikkele waard yn Galje ûnder de Merovingyske hearskers. It waard brûkt yn de sânde en achtste iuw foar de tiid fan de Karolingyske hearskers en de ûntwikkeling fan de Karolingyske minuskel.

Untjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't it Romeinske Ryk sintraal fanút Rome wei bestjoerd waard, bleau de taal en it skrift standert yn it gânse ryk. Nei it Grutte Folkeferfarren fan de Germanen yn it Westromeinske Ryk stie de ienheid faai. It skrift dat de ynfallers fan de Romeinen oernaam hiene ûntjoech him yn de ferskillende streken oars faninoar en doe ûntstiene stadichoan ferskate nasjonale skriften. It Romeinske kursyf wie it grûnwurk yn Spanje, Itaalje en Frankryk en ûntjoech him ta it Wisigoatysk, Lombardysk (ek wol Beneventaansk skrift) en Merovingysk skrift. Binnen de nasjonale farianten fan it skrift ûntstiene der ek noch wol regionale ferskillen.
It Merovingyske skrift ûntstie út it Romeinske minuskelkursyf. Dat wie in skrift dat mei de hân skreaun waard yn lytse letters (ûnderkast). It Merovingyske skrift wie in skrift dat fluch en rompslompich skreaun waard. It wie ynearsten in kânselarijskrift dat brûkt waard foar de administraasje fan de Merovingyske keningen. It earste foarbyld komt út 625.

Typen skrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wiene ferskate wichtige sintrums dêr't it skrift makke waard, mar de wichtichsten wiene de abdijen fan Luxeuil, Laon, Corbie en Chelles.