Kolumbanus fan Luxeuil
Kolumbanus (Iersk: Columbán, 'wite do', provinsje Leinster, Ierlân om 540 hinne - Bobbio, Itaalje 23 novimber 615) wie in Ierske muonts, sindeling en stifter fan ferskate kleasters op it Jeropeeske fêstelân, dêr't dy fan Marmoutier (Maursmünster) yn de Elzas ien wie.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy hie syn oplieding yn it kleaster fan Bangor, dêr't er sels ek tritich jier ûnderrjochte. Yn 590 ferfear er mei in selskip fan tolve manlju (Gallus, Kolumbanus de Jongere, Deikolus, Attala, Cummain, Eogain, Eunan, Gurgano, Libran, Lua, Sigisbert en Waldoleno) nei it Merovingyske Galje, dêr't er de Abdij fan Luxeuil stifte.[1]
Hy skreau strange kleasterregels (Regula monachorum en Regula coenobialis) foar dy mienskippen. Dy regels waarden yn de njoggende iuw ferfongen troch de Regel fan Benediktus.
Hy waard freonlik ûntfongen troch de Merovingyske kening fan Boergonje, Guntram fan Boergonje. Om't er fragen hie oer de ûnseedlikens oan it hôf, waard er troch Guntram syn skoansuster, keninginne Brunhilde fan Austraasje yn 610 út Boergonje ferballe. Nei in swerftocht troch Switserlân kaam er yn 614 yn Itaalje telâne yn it Lombardyske keninkryk fan Agilulf en Teodelinde dêr't er de Abdij fan Bobbio stifte. Hy ferstoar dêre op 23 novimber 615.
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kolumbianus wie tsjin it arianisme. Hy kaam ek foar guon Frankyske biskoppen oer te stean yn in skeel oer it berekkenjen fan de Peaskedatum, om't er fêsthold oan de metoade dy't ornaris brûkt waard yn it Keltyske kristendom (sjoch kwartodesimanen). As Ierske sindeling hie er op it fêstelân in grutte ynfloed op de godstsjinstlike en kulturele ûntjouwing fan West-Jeropa hân.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|