Bertinus
Bertinus, of Sint-Bertinus de Grutte, (om 615 hinne - om 709 hinne), wie in Frankyske abt fan in kleaster yn Sint-Omaars, Frankryk, dy't letter nei him, de Abdij fan Sint-Bertinus, neamd waard. Bertinus waard hillichferklearre troch de Katolike Tsjerke.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Betrinus waard berne by Konstanz, dat doe yn it Frankyske hartochdom Alemanje lei. Al jong ferfear er nei de Abdij fan Luxeuil, dêr't abt Kolumbanus in skrielhâns belied fierde. Bertinus makke himsels klear foar takomstich sindelingswurk. yn 638 ferfear er mei e bruorren Mommolinus en Ebertram nei it fiere noarden fan Galje en help syn freon en kollega, biskop Audomarus, mei it bekearen fan de Morynjers. Dat gebiet, dat no yn it departemint Pas-de-Calais leit, wie sompich mei hjir-en-dêr heuvels en oerwoeksen mei seewier en tuorrebout. Op ien fan dy heuvels bouden Bertinus en syn selskip in lyts hûs, dêr't se it kristlike leauwen oan de noch almeast heidenske befolking dêre preekten.
Stadichoan sleaten guon bekearde heidenen by harren oan, en doe moast der in grutter kleaster boud wurde. In streek lân, dat Sithiu neamd waard, wie troch in Adrowald, dy't in bekearde ealman wie, oan Audomarus jûn. Audomarus joech dat streek lân oan de sindelingen, dy't in gaadlik plak fûnen en bouden dêr harren nije Abdij fan Sint-Piter.
Oare doarpen waarden jûn troch greve Waldebert. Greve Waldebert waard letter sels in mûnts yn it kleaster fan Bertinus yn Sithiu en dêrnei waard er abt fan Luxueil en waard hillichferklearre. Hy joech syn soan oan it doopfont oan Bertinus, dêr't de jonge nei neamd waard en syn stúdzje fan krige. De mienskip woeks yn in koart skoftke tiid en doe waard it kleaster ek al te lyts. In nij kleaster waard boud op it plak dêr't de stêd Sint-Omaars no leit.
Bertinus waard al rillegau ferneamd om syn ûnderrjocht en hilligens dat yn in koart skoftke tiid mear as 150 mûntsen ûnder syn lieding kamen te libjen. Doe't de omkriten hast sa goed as bekeard waard ta it Kristendom, en it sompige lân oanmakke waard ta fruchtber lânbougrûn, en Bertinus wist dat er net al te lang mear libje soe, neamde er Rigobert fan Reims ta syn opfolger, wylst er himsels klearmakke foar in lokkich ferstjerren. Syn feestdei wurdt op 5 septimber fierd.
Mommolinus wie abt fan de beide kleasters, om't er nei alle gedachten de âldste fan de sindelingen wie, oant er de ferstoarne Eligius as biskop fan Noyon om 659 hinne opfolge. Waldebert syn soan Bertinus, dy't troch Bertinus de stifter oannaam waard, waard doe de tredde abt.
Jierren letter waard it kleaster in ferneamd sintrum as hillichdom en foar it ûnderrjocht. Yn de alfde iuw waard de namme fan it kleaster feroare ta Sint-Bertinus. De Annales Bertiniani (830-882) binne wichtige boarnen foar de skiedskriuwing fan it Westfrankyske keninkryk. De abdijtsjerke, dy't no in ruïne is, wie ien fan de geefste Goatyske bouwurken fan de fjirtjinde iuw. Yn lettere jierren wiene de bibleteek, de argiven en keunstwurken ferneamd yn en bûten Frankryk.
De mûntsen waarden yn 1791 fuortstjoerd troch troepen fan de Frânske Revolúsjonêre Garde en yn 1799 waarden it kleaster en de tsjerke ferkocht op in feiling.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |