Springe nei ynhâld

Feer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mai 2019 om 15.41 troch Holder (oerlis | bydragen) (corr using AWB)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In satellytfoto fan Feer

Feer (Deensk: Før, Dútsk: Föhr) is ien fan de Noard-Fryske eilân. It eilân leit súdlik fan Sylt en hat in oerflak fan sa’n 82 kante kilometer. Dêrmei is it it twadde Noardfryske eilân en it grutste sûnder fêste ferbining nei de wâl.

It eilân in breedte fan sawat 7 kilometer en is 12 kilometer yn de lingte. It heechste plak op Feer leit besuden it plakje Oevenum en leit 13 meter boppe de seespegel. Der wenje sa'n 8.700 minsken op Feer. Op Feer lizze sechtjin doarpen. Wêrfan Wyk fierút de grutste is. Yn Wyk wenje sa’n 4.400 minsken. Fan Wyk út wurde fjirtjin feartsjinsten ûnderhâlden nei it Dagebüll op it fêstelân fan Dútslân. Wyk beskikt ek oer in lyts fleanfjild.

Op Feer wurdt troch sa’n 2.000 ynwenners it Noardfrysk, dat dêr Fering of Föhring neamd wurd, sprutsen. It Noard-Frysk wurdt op it eilân it meast sprutsen op it westlike part fan Feer.

Feer is in toeristysk eilân en beskikt oer likernôch 15 kilometer sânstrân. Op de seepromenade fan Wyk ha jo útsjoch op de Halligen, in tsiental eilannen dy’t net troch in dyk beskerme wurdt.

Plakken op Feer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aalkersem, Borigsem, Dunsem, Madlem, Njiblem, Guating, Ööwnem, Olersem, Taftem, Klantem, Söleraanj, Ödersem, Hedehüsem, Wiisem, Wraksem, Wik

Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

· · Berjocht bewurkje