Springe nei ynhâld

Dagebüll

Ut Wikipedy
Dagebüll / Doogebel
Lokaasje fan 'e gemeente Dagebüll (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje fan 'e gemeente Dagebüll (read) yn Noard-Fryslân.
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtSüdtondern
Sifers
Ynwennertal914 (31.12.2024)[1]
Oerflak36,92 km²
Befolkingsticht.25 ynw./km²
Hichte1 m
Oar
Stifting1704 (Dagebüller Koog ynpoldere)
1978 (hjoeddeiske gemeente)
Postkoade25899
Offisjele webside
www.gemeinde-dagebuell.de
Kaart
Dagebüll (Sleeswyk-Holstein)
Dagebüll

Dagebüll ( Noardfrysk: Doogebel; Deensk: Dagebøl) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Südtondern en hat 914 ynwenners (2024).

De gemeente Dagebüll bestiet út de fjouwer Ortsteilen Dagebüll-Kirche, Dagebüll-Hafen, Osewoldter Koog en Fahretoft.

It lân fan Dagebüll wie earder in hallig dy't Westermarsch neamd waard. Yn it jier 1626 wie dy 895 deimt grut, wat oerienkomt mei likernôch 447,5 hektare. Yn 'e 16e en 17e iuw waard ferskate kearen om 'e nocht besocht om 'e Bocht fan Dagebüll yn ien kear yn te dykjen. It slagge lykwols net om alle rillen yn it waad tagelyk yn te daamjen, wêrtroch't der hieltyd wer oerstreamings en lânferlies wiene. Benammen by de Burchardifloed yn 1634 hie de hallig, dy't doe allinnich troch in simmerdyk beskerme waard, mei in soad lânferlies te meitsjen.

Fjoertoer.

Yn it jier 1700 krigen de ynwenners de mooglikheid om in stevige seedyk oan te lizzen. De yndiking fûn plak yn 'e jierren 1702 en 1703. De Dagebüller Koog wie no 502,5 hektare grut en ferlei it geografyske middelpunt yn ferliking mei de âlde hallig fierder nei it easten. Yn 1704 waard de keech troch in nij oanleine daam ferbûn mei it foarlân fan 'e âlde Christian-Albrechts-Koog. Troch it yndykjen fan 'e Kleiseerkoog yn 1727 kaam de Dagebüller Koog lang om let oan it fêstelân te lizzen.

De hjoeddeiske omfang fan it gemeentegebiet ûntstie yn 1978 troch it opnimmen fan 'e oant doe ta selsstannige gemeenten Fahretoft, Juliane-Marien-Koog en Waygaard. Dy skiednis is hjoed-de-dei geografysk noch foar in part werom te sjen yn 'e delsettingsstruktuer. In pear fan 'e delsettings lizze nammentlik op terpen.

De twa protestantsk-lutherske tsjerkegemeenten ha in mienskiplike dûmny en twa gebouwen: de Sint-Laurentiustsjerke yn Fahretoft út 1703 en de yn 1731 boude Sint-Dioniysiustsjerke yn Dagebüll.

De haven biedt in boatferbining mei fêste tiden nei de eilannen Feer en Amrum. Ek lytse frachtskippen en kotters kinne oanlizze. De pier yn Dagebüll hat in treinferbining mei it stasjon fan Niebüll.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje