Springe nei ynhâld

Oldsum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Olersem)
Oldsum / Olersem
Lokaasje gemeente Oldsum (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje gemeente Oldsum (read) yn Noard-Fryslân.
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtFöhr-Amrum
Sifers
Ynwennertal552 (31.12.2024)[1]
Oerflak13,3 km²
Befolkingsticht.41 ynw./km²
Hichte4 m
Oar
Postkoade25938
Offisjele webside
www.amt-foehr-amrum.de
Kaart
Oldsum (Sleeswyk-Holstein)
Oldsum

Oldsum (Noardfrysk:Olersem) is in plak en gemeente op it eilân Feer yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Föhr-Amrum en hat 552 ynwenners (2024).

Oldsum.

Oldsum leit yn it noardwesten fan it eilân Feer. De gemeente bestiet út de trije doarpen Oldsum (Noardfrysk: Olersem), Klintum (Klantem) Toftum (Taftem). De doarpen lizze fan west nei east oer in lingte fan twa kilometer oan inoar rige oan 'e Hauptstraße. Oldsum hat noch in soad reiddutsen boerehûzen, mar de blikfanger is de âlde reiddutsen wynmûne. Oarspronklik datearre dy mûne út 1700, mar nei in brân moast de mûne twa iuwen letter wer opboud wurde. De mûne waard oant 1954 brûkt en sûnt 1972 is de mûne in wenhûs.

Oldsum waard yn 1462 foar it earst yn in oarkonde as Uluersum neamd. Yn 'e 17e iuw libben in soad ynwenners fan 'e walfiskfangst. Ien fan 'e meast suksesfolle kommadeurs wie de yn 1632 berne Matthias Petersen, dy't yn Oldsum wenne. Hy fong yn syn libben 373 walfisken. Syn grêfstien stiet hjoed-de-dei noch op it tsjerkhôf fan Sint-Laurentiustsjerke yn Süderende.

De doarpen foelen oant 1864 as enklaves streekrjocht ûnder de Deenske Kroan, wylst Osterland Föhr mei Wyk by it hartochdom Sleeswyk hearden. Nei it Deenske ferlies fan Sleeswyk oan Prusen kamen ek dizze doarpen by de provinsje Sleeswyk-Holstein. Dêrby ferlear de gemeente Oldsum it súdlik lizzende doarpsdiel Süderende, dat sûnt dy tiid in selsstannige gemeente is. Sûnt dat ferlies hat Oldsum súdlik fan Süderende noch in ûnbewenne, 122 ha grutte eksklave, dat net oan Süderende tadield waard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje