Springe nei ynhâld

Borigsem

Ut Wikipedy
Lizzing op Feer
Borgsumer Mühle

Borigsem (Dútsk: Borgsum) is in plak op Feer yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, en is part fan it distrikt Noard-Fryslân.

Borigsem hie 602 ynwenners yn 2010 en noch mar 331 yn 2023.

Borigsem wurdt karakterisearre troch lânbou en toerisme. Der binne ek in pear ambachtlike bedriuwen. Borigsem hat de iennige bowlingbaan op it eilân.

Lembecksburg (2016)

De plaknamme betsjut 'delsetting by it kastiel'. Dat ferwiist nei Kastiel Lembecksburg, in 10 meter hege ringmuorre mei in diameter fan 95 meter, dy't yn de 9e iuw boud waard as beskerming tsjin de Wytsingen. De fêsting is ferneamd nei ridder Klaus Lembeck, dy't hjir yn de 14e iuw wenne hawwe soe as gûverneur fan de Deenske kening Waldemar IV. Neidat er syn eed fan trou brutsen hie, soe er dêr belegere wêze troch it leger fan'e kening. Neffens oare ferslaggen hat Lembeck lykwols nea in foet op it eilân set. Borgsum waard foar it earst neamd yn in dokumint út 1462 [1].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schleswig-Holstein-Topographie. Bd. 2: Boren - Ellerau. Flying-Kiwi-Verl. Junge, Flensburg 2002, ISBN 978-3-926055-68-2, s. 12 (dnb.de [sjoen 12 juny 2020])