Springe nei ynhâld

Westwurk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 jan 2019 om 17.54 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It westwurk fan de Abdij fan Corvey

It westwurk, ek wol westbou of westkoer neamd, is in monumintaal bouwurk oan de westkant fan in tsjerke, dy't út it Karolingyske, Ottoanske en Romaanske tiidrek komt.

It westwurk ferfangt de narteks mei westtoer, dy't ornaris boud waard. By de âldste westwurken is fan bûten in ferdieling tusken de middenromte en de treptuorren tekenjend. De foarhal ûntbrekt almeast, want dy is op in oar plak, bygelyks gauris oan de súdkant. It westwurk is fan binnen ferdield yn ferdjippings en hat op de grûnflier in ekstra koer, it westkoer. Bytiden is der ek in kapel op ien fan de ferdjippings. By gruttere westwurken binne om in atrium hinne nei it skip rjochte galeryen.
Westwurken waarden benammen boud yn de Iere en Lette Midsiuwen. It westwurk waard benammen brûkt by katedralen en kapitteltsjerken, dêr't gauris ferlet wie fan in ekstra koer en in skieding fan romten ornearre foar parochy en kapittel. As in tsjerke in bân mei in kening of keizer hie, wie der gauris in priveekapel yn it westwurk ynrjochte.

Wichtige westwurken yn Nederlân dy't no noch bestean, binne ûnder oaren dy fan de Abdij Rolduc, de Sint-Amelbergabasilyk yn Susteren en de Us Leaffroubasilyk en de Sint-Servaasbasilyk yn Maastricht. De earstneamde tsjerke fan Maastricht hat in massyf fertikaal westwurk mei twa smelle tuorren oan wjerskanten. De lêstneamde dêre hat in útsûnderlik swier westwurk, dy't like heech as breed is, mei in westkoer, in atrium mei galeryen dêr omhinne en in saneamde keizersferbliuw en fierder op de boppeferdjippings in proastekapel en de Keizerseal. It westwurk fan de Sint-Servaasbasilyk is benammen ferneamd om syn wichtige bouskulptuer.
Yn Dútslân binne de wichtichste westwurken dy fan de Abdij fan Corvey, dat nei alle gedachten it âldst bewarre westwurk is, de dom fan Minden, de Meunstertsjerke fan Essen, de Dom fan Aken en de Sint-Pantaleontsjerke yn Keulen.
Yn Belgje hawwe bygelyks de Sint-Bartolomeüstsjerke fan Luik en de Sint-Oda-en-Sint-Joaristsjerke fan Amay wichtige westwurken. It westwurk fan de Sint-Gertrudistsjerke fan Nijvel is foar it grutste part in weropbou.
Yn Sweden hat de tsjerke fan Husaby, by Lidköping, in ûntsachlik westwurk.
Yn Frankryk hat de Abdij fan Saint-Riquier, yn it noarden fan Frankryk, in bysûndere narteks mei foarhôf, dy't ek wol as westwurk sjoen wurde kin. Fan de ferwoastge katedraal fan Mâcon stiet it skansearre westwurk foar it grutste part noch oerein, lykas it westwurk fan de ruïne fan de abdij fan Jumièges.

Redusearre westwurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Redusearre westwurk is in ferienfâldige foarm fan westwurk, mei in ynboude toer, dêr't in kapel ynboud is.[1] Dy foarm fan westwurk komt benammen yn de Fryske lannen foar. In tal foarbylden binne: Jehannestsjerke yn Britsum[2], Michaeltsjerke yn Eanjum, Niklaastsjerke yn Hijum [3], Petrustsjerke yn Lichtaard [4] en Marijetsjerke yn Wierum yn Fryslân en de Sint-Fitustsjerke yn Doezum yn Grinslân.

Redusearre westwurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: