Sint-Fitustsjerke (Doezum)

Ut Wikipedy
Sint-Fitustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Doezum
adres Provinsjalewei 65
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18773
offisjele webside
Side fan de gemeente

De Sint-Fitustsjerke is de eardere herfoarme en tsjintwurdich de protestantske tsjerke fan Doezum. It noch foar in part út dowestien besteande gebou datearret út de tolfte iuw.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklik oan Sint-Fitus wijde tsjerke waard yn de 12e iuw boud. Fan de fan dowestien boude tsjerke út de 12e iuw bleaune allinne in part fan it westwurk en de toer bestean. De súdlike en westlike muorre fan de toer binne fersierd mei bôgefriezen. It skip rint oan de súdlike kant fan it skip wat fierder troch as oan de noardlike kant, wêrtroch't de toer dêr opnommen wurdt yn it skip. Opmerklik binne de twa bline spitsbôgen yn de noardlike muorre fan de toer en de trije tichtmitsele yngongen yn de súdlike muorre fan de toer en it skip. Hjoed-de-dei hat de toer in sealtek, mar de toer hat ea in opmitsele spits as bekroaning hân.

Yn it earste fearn fan de 13e iuw waard de eastlike muorre fan it skip ôfbrutsen om de tsjerke mei in bakstiennen koer langer te meitsjen. It tsjerkeskip fan dowestien waard yn de 16e iuw ôfbrutsen en op 'e nij boud mei bakstien. It skip waard nochris ferfongen troch in nij skip yn 1808, wêrby't de nije muorren grutte rûnbôgefinsters krigen. Ek it fiifsidige koer krige sokke rûnbôgefinsters, dy't by in lettere restauraasje ferfongen waarden troch rekonstruearre romaanske finsters.

Yn 1957 en 2010 folgen der grutte restauraasjes oan it gebou.

De herfoarme en grifformearde gemeente fan Doezum foarmen yn 2008 in PKN-gemeente. Oant 2017 waarden de tsjinsten om bar holden yn de herfoarme tsjerke en grifformearde tsjerke. Tsjintwurdich tsjerkje de gemeenteleden allinne noch yn de Fitustsjerke.[1]

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De preekstoel stiet oan de súdlike muorre en is wyt oerfarve. Tegearre mei it klankboerd datearret er út 1829. Op de fjilden fan de preekstoel binne froulike figueren oanbrocht. Njonken de preekstoel hinget in rouboerd foar Daniel Onno de Hertoge, in feanter út Gruttegast. Njonken it noarmannepoartsje steane foar de preekstoel oer twa 18e-iuwske hearebanken; de koperen kandlers oan de banken binne oarspronklik ôfkomstich út de tsjerke fan Gruttegast. Ek de koperen kroanluchter is ôfkomstich út dy tsjerke. Boppe de banken hingje trije roubuorden foar de bewenners fan de boarch yn Lytsegast. Fierders lizze der noch in tal 17e-iuwske grêfsarken yn de flier.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienmanualige oargel datearret út 1866 en is in iennige ynstrumint fan Grinzer oargelbouwer Geert Pieters Dik (1799-1870) dat noch bestiet. Yn 1911 waard it wite front yn in iken kleur oerskildere. Fanwegen de restauraasje fan de jierren 1950 waard it oargel demontearre en letter wer opboud, itjinge net saakkundich barde sadat yn de jierren 1980 it oargel net mear te bespyljen wie. Oan it begjin fan de jierren 1980 brocht Bakker & Timmenga it oargel wer yn oarder. Ek krige it mei fykwurk fersierde front de orizjinele wite kleur werom. De oargelkreake linet op twa doryske pylders.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kerk van Doezum