Springe nei ynhâld

Sint-Amelbergabasilyk

Ut Wikipedy
Sint-Amelbergabasilyk
Lokaasje
provinsje Limburch
gemeente Echt-Susteren
plak Susteren
adres Salvatorplein 1
koördinaten 51° 3' N 5° 51' Ekerk tege
Tsjerklike gegevens
bisdom Bisdom Roermond
status basilica minor
Arsjitektuer
boujier 11e iuw
boustyl romaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 34947
Webside
Parochy Kristus Salvator
Kaart
Sint-Amelbergabasilyk (Limburch)
Sint-Amelbergabasilyk

De Sint-Amelbergabasilyk' is in romaank tsjerkegebou yn it Limburchske plakje Susteren. Ea wie it de kleastertsjerke fan 'e abdij fan Susteren. Hjoed-de-dei is it in roomske parochytsjerke en in beafeartsplak, dêr't alle sân jier in prosesje holden wurdt. Yn 'e goed bewarre bleaune 11e-iuwske tsjerke is it grêf fan de hillige Amelberga fan Susteren.

De tsjerke krige yn 2007 de status fan basilyk.

Willibrord

Op it plak fan 'e hjoeddeiske basilyk waard yn 714 op it lângoed Suestra troch Willibrord, Pepyn fan Herstal en syn frou Plectrudis in abdij stifte. Mooglik is dat de earste kleasterstifting fan Nederlân. De tsjerke waard doe oan Kristus Salvator en de hillige apostels Petrus en Paulus wijd. De abdijtsjerke wie in Karolingyske eigentsjerke en waard de grêftsjerke fan in pear foarname famyljeleden fan Plectrudis (û.o. de hillige Vastrada, Gregoarius fan Utert en Alberik fan Utert).

Wytsings soene de abdij yn 882 ferneatige ha en by argeologysk ûndersyk yn 'e jierren 1991-1993 troch de Rykstsjinst fan Aldheidkundich Boaiemûndersyk binne op it plein noardlik fan 'e tsjerke resten fan dat âldste kleaster fûn.

Rillegau dêrnei waard it manljuskleaster omset yn in benediktynsk nonnekleaster ûnder lieding fan 'e earste abdis Amelberga fan Susteren. Hja waard yn 'e abdijtsjerke begroeven en wurdt as hillige fereare. Amelberga soarge der foar dat de abdij op 'e nij in keninklike glâns krige. Kening Swentibold fan Loateringen waard der yn it jier 900 begroeven en syn dochters Benedikta en Secilia waarden dêr abdis. Fan har binne yn 'e skatkeamer fan 'e tsjerke reliken oanwêzich.

Yn 'e 11e iuw waard de âlde abdijtsjerke ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke yn ier-romaanske, Ottoanske styl. Yn 'e 12e iuw waard in foars westwurk tafoege.

Foarstelling fan it stift Susteren.

It nonnekleaster ûntwikkele him yn 'e 12e of 13e iuw ta in stift, in sekulier kapittel fan aadlike froulju. Al gau nei de oermastering fan 'e Sudlike Nederlannen troch de Frânske Republyk yn 1794 waard it kapittel opheft. De measte stiftsfroulju wiene doe al flechte en de abdijgebouwen waarden, op de tsjerke nei, yn 'e rin fan 'e 19e iuw ôfbrutsen.

Oer de earste parochytsjerke fan Susteren is net in soad bekend, útsein dat dy oan Us-Leaffrou wijd wie en dat dy oan it ein fan 'e 18e iuw fanwegen brekfalligens ôfbrutsen waard. Sûnt die de âlde abdijtsjerke, dus noch foar de opheffing fan it kapittel, ek tsjinst as parochytsjerke. Yn 'e 19e iuw krige de tsjerke de namme Sint-Amelbergatsjerke.

Yn 'e jierren 1885-1891 waard de tsjerke neffens plannen fan Pierre Cuypers restaurearre. It hjoeddeiske westwurk, wêrfan dielen net mear bestiene, datearret fan dy restauraasje. Nei de swiere skea yn 'e oarloch waard de tsjerke yn 1948 renovearre.

Fanwegen de reliken fan Sint-Apollonia, dy't by pine yn 'e mûle oanroppen wurdt, waard Susteren sûnt de 19e iuw oant 1940 drok besocht. Op in bôge tusken it middenskip en it sydskip stie eartiids in skilderij fan 'e hillige, mar dy ferdwûn by de renovaasje fan 1971-1972. Yn 'e skatkeamer is in 18e-iuwske relykhâlder mei in tosk. Net wis is it oft de tosk feitlik fan 'e hillige Apollonia west hat. Oare wichtige reliken binne dy fan de Utertske hilligen Gregoarius fan Utert en Alberik I.

Ienris yn 'e sân jier wurdt de tradisjonele 'Hillichdomsfeart' (Heilidomsvaart) fan Susteren holden. By dat religieuze barren wurde û.o. de reliken fan 'e hilligen troch Susteren droegen. Soartgelikense eveneminsten wurde ek holden yn Maastricht, de Belgyske stêden Tongeren en Hasselt en it Dútke Aken.

Yn it ramt fan de Hillichdomsfeart fan 2007 joech de paus de Sint-Amelbergatsjerke de titel basilica minor.

Beskriuwing tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plattegrûn fan 'e tsjerke

De Sint-Amelbergatsjerke is in ier-romaanske krúsbasilyk mei in westwurk en in krypte. Foar de út likernôch 1060 datearjende tsjerke wiene in pear tsjerken út de krite Essen-Werden it foarbyld. Ek de romaanske kapitelen yn 'e tsjerke hawwe oerienkomsten mei dy fan Essen en Werden. De 11e-iuwske, útwindige krypte is foar Nederlân tige bysûnder, mar waard yn 'e 19e iuw swier restaurearre.

Westwurk

It westwurk fan 'e tsjerke waard yn 'e 12e iuw boud en wie eartiids allyk oan dat fan de stiftstsjerke fan Essen mei in middenbou mei in achtsidige toer en twa legere treptuorren oan wjerskanten. Dy opset is net bewarre bleaun. Al foar de restauraasje fan 'e tsjerke yn 1885-1891 wie de middenbou ferdwûn en ien fan de tuorren heger makke. It oansjen fan it hjoeddeiske westwurk datearret fan dy restauraasje neffens Frânske foarbylden: de tsjerke hat hjoed-de-dei twa tuorren oan wjerskanten fan 'e gevel. Dêryn hingje in pear âlde klokken: de grutste klok hat in diameter fan 1 meter en waard yn 1309 getten troch P. van Sittert; de lytsere klok waard yn 1608 troch Hans Falck getten.

Ynterieur tsjerke en krypte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ynterieur

It trijeskippige skip hat in flak plafond, dat droegen wurdt fan swiere romaanske pylders, dy't mei inoar ferbûn wurde troch alternearjende steunbôgen. De tsjerke hat twa krypten, in krypte ûnder de westbou en in útwindige krypte by it koer.

Yn 'e tsjerke binne û.o. in stiennen sarkofaach mei deksel (mooglik 10e-iuwsk), tolve grêfsarken fan abdissen en kanunniken (15e-18e iuw), in doopfont út 1200, in 18e-iuwske bychtstoel en in oargel fan healwei de 19e iuw mei 18e-iuwsk piipwurk.

Yn 'e tsjerke steane 16e-iuwske houten bylden fan û.o. Marije, Sint-Katarina en Sint-Sebastiaan.

Evangeliarium fan Jehannes.

Tige kostber is it saneamde Evangeliarium fan Susteren, in 11e- of 12e-iuwsk evangeeljeboek mei miniatueren, dat yn in 1174 (?) troch de abdis Imago van Loon oan it kleaster skonken waard. Yn it Evangeliarium is in yn 1174 opmakke ynventarislist opnommen, dy't 17 relykhâlders neamd mei reliken fan it Hillige Krús en de Susterenske hilligen Amelberga, Gregorius en Alberik. In list fan 1688 is grutter en neamd reliken fan û.o. Gregoarius en Alberik, in gouden relykhâlder mei in relyk fan Swentibold, twa stikken klean fan Swentibold en reliken fan syn dochters Benedikta en Sesilia, in tal reliken fan Amelberga, wêrûnder har drinkskaal, in sulveren krús mei in krúsrelikwy, it salvedoaske fan Marije Magdalena, in stik klean fan Sint-Jehannes en reliken fan Walburga. In net mear folsleine 18e-iuwske list neamt boppedat ek reliken fan de apostel Mattias en Sint-Joaris, in sulveren doaske mei de tosk fan Swentibold en in fjouwerkant, in mei sulveren plaatsjes beklaaide relykdoaze mei reliken fan ferskillende hilligen. De measte relykhâlders mei de reliken binne yn 'e Frânske tiid ferdwûn.

De 12e-iuwske ikehouten relykskryn fan Amelberga hat de tiid wol trochstien. De 52 x 36 x 41 sm grutte skryn hat de foarm fan in hûs en wie ynearsten mei sulveren platen beklaaid mei foarstellings fan 'e deugden en de patroanhilligen fan 'e tsjerke. Yn 'e 14e iuw rekke de skryn by it ynstoarten fan it westwurk skansearre. De sulveren platen binne yn 1890 op 'e nij brûkt by in nije skryn, dy't oan trije kanten beklaaid is. Op de foarkant stiet Kristus as Majestas Domini en Amelberga mei it opskrift sors illorum est ('dit is harren diel'). Op de lange kant steane de apostels Petrus (12e iuw), Paulus (1890), Andréas (12e iuw), Jakobus (12e iuw), Jehannes (1890) en Bartoloméus (1890). Op it sealtek fan 'e skryn binne seis allegoarieën fan deugden te sjen, op ien nei allegear 12e-iuwsk.

De relykbuste fan Amelberga fan Susteren; hjir droegen yn Maastricht.

Oare oantinkens oan Amelberga yn 'e skatkeamer binne in relykbuste fan nutehout (16e iuw), in 19e iuwske skryn fan ferguld koper en glês mei bonkjes fan Amelberga, Benedikta, Seselia en Gregoarius en in lytse, 19e-iuwske relykhâlder fan Amelberga en Sesilia. De op eardere listen neamde sulveren 'bokaal fan Amelberga' is sûnt it begjin fan 'e 20e iuw nearne mear te finen.

Fan 'e yn Susteren begroeven abt Gregoarius en syn neef, de Utertske biskop Alberik, binne yn 'e skatkeamer ferskillende oantinkens te sjen, lykas twa mei ealstiennen fersierde relykbustes út 1890, mei dêryn de plasse fan Gregoarius en Alberik en twa houten kistjes út 1885 mei oare bonkereliken. Ek is der noch in koperen monstrâns út 1886 en in ienfâldige koperen skryn út 1898 fan dy hilligen. It saneamde kleed fan Alberik komt út Noard-Dútslân en is 15e-iuwsk, dat nei alle gedachten brûkt waard om reliken yn te bewarjen. In yn 1688 opskreaun sulveren krús mei reliken fan Gregoarius is net mear yn 'e skatkeamer oanwêzich .

De plasse fan Swentibold wurdt yn 'e skatkeamer bewarre yn in 17e of 18e-iuwske wytfarve relykhâlder. Ek de plasse fan syn frou Oda wurdt yn in soartegelikense relykhâlder bewarre. It saneamde kleed fan Swentibold is in 14e of 15e iuwske wapenrok fan grien fluwiel mei borduerwurk. It beknipte kleed waard yn 'e 19e iuw werom fûn as oertrek fan in kessen yn in bychtstoel. De tosk fan Swentibold op 'e list fan 'e 18e iuw is net mear oanwêzich, mar kin likegoed doe betiizge wêze mei de tosk fan Appolonia.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint-Amelbergabasiliek (ferzje 20 desimber 2023)