Alberik I fan Utert
(Sint-) Alberik I, Albrik, Alfric of Albricus (? - 21 augustus 784) wie biskop fan Utert fan om 776 hinne oant 784. Hy waard hillich ferklearre; syn hjeldei is 14 novimber.
Alberik wie ynearsten wierskynlik ferbûn oan it Karolingysk hof. Ut in gedicht fan Alcuinus kin yn alle gefallen ôflaat wurde dat er goede kontakten mei it hof ûnderhold. Nei de dea fan syn omke, abt Gregorius fan Utert, folge er dyn op as haad fan it katedrale kleaster yn Utert ea as bestjoerder fan it bisdom. Hy beselskippe Karel de Grutte yn 776 nei Rome en fermoedlik waard er yn 777 yn Keulen ta biskop wijd. Mei syn beneaming wurdt it bisdom Utert in fêste sit mei in festige organisaasje. Neffens oerlevering waard er yn de abdij fan Susteren beïerdige, dêr't noch altyd reliken fan him bewarre wurde.
Alberik syn betinkdei is op 27 of 29 novimber.