Springe nei ynhâld

Petrustsjerke (Lichtaard)

Ut Wikipedy
Petrustsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Lichtaard
adres Noardermieddyk 3
koördinaten 53° 19' N 5° 54' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Sint-Piter
Arsjitektuer
boujier 16e iuw
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15633 [1]
Webside
Stifting Alde Fryske Tsjerken
Kaart
Petrustsjerke (Fryslân)
Petrustsjerke

De Petrustsjerke is in eardere herfoarme tsjerke yn Lichtaard. It gebou docht net mear as tsjerke tsjinst en is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Piskina

Yn de katolike tiid wie de tsjerke wijd oan de apostel Petrus. Guon boarnen fermelde de hillige Gertrudis as patroanhillige fan de tsjerke, mar dat is in misfetting. De oarsaak dêrfan leit yn de 19e iuw, doe't der yn de literatuer in ferwikseling west hat mei de Gertrudistsjerke fan Lytsewierrum.

It 16e iuwske ienskepige gebou, dat yn syn gehiel oplutsen is sûnder fierdere spoaren fan grutte ferbouwings, hat segmintbôgefinsters en in ûnregelmjittich fiifsidich sletten koer. De tsjerke kaam yn it plak fan in âldere foargonger en stiet op in hege terprest, in archeologysk monumint út de izertiid dêr't de ûnbeboude dielen fan ôfgroeven binne.

Sûnt 1941 wurdt de tsjerke net mear alle sneinen brûkt foar tsjinsten.

In tekening út 1754 fan Piter Idserts jout de tsjerke noch wer mei in foar de westlike gevel steande sealtektoer, dy't letter (mooglik yn 1785) ôfbrutsen is en troch in ynboude sealtektoer ferfongen waard. By in restauraasje ûnder lieding fan J.G. Rolsma waard de westlike gevel healwei de 19e iuw ommitsele mei in oare stiensoarte.

Oersjoch ynterieur

De romte fan de tsjerke is oerdutsen mei in tonferwulft. Trekbalken hâlde de muorren op har plak.

De preekstoel en it doophek stamme út 1642. De kûp fan de preekstoel is dekorearre mei 19e iuwske ornaminten fan getten izer, dy't nei alle gedachten tagelyk mei de restauraasje fan 1851 oanbrocht binne. Rjochts fan de preekstoel is út de roomske tiid noch in piskina bewarre bleaun. Fan de reade bân mei beskildere wite foegen om de piskina bleau neat oer.

Ek út de roomske tiid binne de twa âlde liedklokken út 1370 en 1404. De âldste klok hat it opskrift Sanctus Petrus XIV, de jongste A.D.M. CCCC IIII O Rex Gloriae Criste veni cum pace ('Kristus kening fan de Hearlikheid, kom mei frede'). It oerwurk yn de toer is 18e-iuwsk.

De tsjerke hat gjin oargel en sûnt de restauraasje yn de jierren 1970 binne der ek hast gjin banken mear oanwêzich.

Oant 1 july 2004 waarden der noch earetsjinsten fierd troch de 'Oecumenische Ontmoetingsplaats Lichtaard'. Om't it tal leden fan de mienskip te lyts waard en de hier net mear op te bringen wie, waard de groep opheft.[2]

De tsjerke wurdt sûnt 2022 hierd troch argyfburo Ruerd de Vries, dy't de tsjerke brûkt foar syn bedriuw en der ek útstallings organisearje wol. Mei de nije hierder bliuwt de tsjerke ek in plak fan besinning.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Noordelijk Oostergo Ferwerderadeel, M. van den Berg
  • Stifting Alde Fryske Tsjerken