Súdlike wetterrôt
súdlike wetterrôt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Arvicola sapidus | ||||||||||||
Miller, 1908 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De súdlike wetterrôt of súdlike wrotrôt (Latynske namme: Arvicola sapidus), ek wol de Westjeropeeske wetterrôt (of Westjeropeeske wrotrôt) neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e wetterrotten (Arvicola), dat foarkomt yn súdwestlik Jeropa. Hoewol't it oarspronklik faak as in ûndersoarte fan 'e noardlike wetterrôt Arvicola amphibius sjoen waard, die út ûndersyk yn 2005 definityf bliken dat der genôch ûnderskie tusken de súdlike en de noardlike wetterrôt bestiet om se as ferskillende soarten te beskôgjen.
Fersprieding
It ferspriedingsgebiet fan 'e súdlike wetterrôt beslacht frijwol hiele Frankryk (wêrby't er yn 'e eastlike helte fan it lân foarkomt njonken de noardlike wetterrôt), en fierders grinskriten fan Dútslân, Switserlân en Itaalje, in súdlik puntsje fan Walloanje en Lúksemboarch, en it hiele Ibearysk Skiereilân, útsein dêr't it yn it binnenlân te drûch is.
Uterlike skaaimerken
De súdlike wetterrôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 16½-22 sm, mei in sturtlingte fan 10-14 sm en in gewicht fan 150-300 g. Yn 'e regel is er justjes lytser as de noardlike wetterrôt Arvicola amphibius, behalven, opmerklikernôch, op plakken dêr't it ferspriedingsgebiet fan 'e beide soarten inoar oerlapet. Dêr is de súdlike wetterrôt krekt eefkes grutter, wat him ta de grutste lânseigen wrotmûs fan Jeropa makket. Op grûn fan uterlike skaaimerken is er fierders lykwols dreech fan 'e noardlike wetterrôt te ûnderskieden, al hat er in sturt dy't trochinoar wat langer is en in snút dy't wat spitser is. Mei wissichheid binne de beide soarten lykwols inkeld te skiftsjen troch it opmjitten fan 'e plasse.
De pels fan 'e súdlike wetterrôt is op 'e rêch fariabel fan kleur, fan bêzje oant dûnkergriisbrún. Ek befettet er fersprate langere, útstekkende hierren, dy't swartich binne, wat de súdlike wetterrôt in bytsje in streekt oansjen jout. Op 'e bealch is de pels grizich en kin er wat út 'en readens skine. De sturt, dy't likernôch ⅔ fan 'e lichemslingte útmakket, is koart behierre en krekt as it liif twakleurich (fan ûnderen ljochter as fan boppen). De earen fan 'e súdlike wetterrôt sitte ferburgen yn 'e pels.
Biotoop
Súdlike wetterrotten libje altiten yn 'e neite fan wetter, by foarkar stadich streamend wetter mei net al te steile wâlen dy't ticht begroeid binne. Hy komt foar by beken, rivieren, sleatten, fearten en kanalen lâns, en yn mindere mjitte oan puollen en marren. Soms libbet er yn moerassen en yn brak wetter. Op it drûge set er him ek wol (yn 'e neite fan wetter) nei wenjen yn greidlân en tunen. Yn 'e Frânske Alpen komt er foar oant op in hichte fan 1.600 m, yn 'e Pyreneeën oant op 2.000 m en yn 'e Spaanke Sierra Nevada oant op 2.300 m.
Hâlden en dragen
De súdlike wetterrôt is sawol deis as nachts aktyf. Hy graaft yn wâlen gongestelsels mei ferskate nêst- en foarrieromten, wêrby't de yngong him almeast ûnder wetter befynt. De nêsten binne makke fan drûge gers. As de wâlen net gaadlik binne, leit er ek wol boppegrûnsk nêsten oan op driuwtillen (driuwende wetterplanten of in fan 'e oere losrekke gersseadde) of yn holle beammen. Sa't by sa'n akwatyske bistesoarte te ferwachtsjen is, binne súdlike wetterrotten treflike swimmers en dûkers, dy't by 't winter ek ûnder it iis goed út 'e fuotten kinne.
De peartiid rint by de súdlike wetterrôt fan april oant oktober, wêrby't de mantsjes en wyfkes inoar efterneisitte troch it wetter en lytse gjalpkes útbringe. De eigentlike pearing fynt almeast oan 'e wetterkant plak, mar soms ek yn it wetter. Nei in draachtiid fan 3 wiken wurdt der 3-4 kear jiers in nêst fan 2-8 jongen smiten. Oer de populaasjetichtheden fan súdlike wetterrotten is net sa'n soad bekend, al kinne der by geunstige omstannichheden 5 eksimplaren op in stik wâl fan 100 m lingte libje. Predaasje bart û.m. troch de murd, de harmeling, de Jeropeeske nerts, de Amerikaanske nerts, de otter en de goudûle. Súdlike wetterrotten libje yn it wyld ornaris mar in moanne as 5, mei in maksimum fan 2 jier.
Fretten
It menu fan 'e súdlike wetterrôt bestiet fral út wetterplanten, gerzen, krûden en lânbougewaaksen. Hy follet syn fegetaryske dieet soms oan mei ynsekten, kreefteftigen, fisken en sels amfibyen. By wetterplanten wurde soms dielen fan 'e plant ûnder wetter ôfbiten om dan oan it wetteroerflak bepluze te wurden. Súdlike wetterrotten lizze itensfoarrieden oan yn har hoalen.
Status
De súdlike wetterrôt hat de IUCN-status fan "kwetsber", om't er bedrige wurdt troch in kombinaasje fan ûngaadlike lânboumetoaden en wetterhúshâldingstechniken, en de yntroduksje fan eksoaten lykas de Amerikaanske nerts (Neovison vison), dy't him ferkringe. Ek mei de muskusrôt (Ondatra zibethicus), in oare eksoat, liket der in beskate konkurrinsje te bestean dy't foar de súdlike wetterrôt (folle mear as foar de noardlike wetterrôt) neidielich útpakt. Sadwaande is der no in kampanje geande om 'e súdlike wetterrôt yn Frankryk en Spanje sawol op nasjonaal as Jeropeesk nivo ta in beskerme bistesoarte ferklearje te litten. Yn Spanje wie de súdlike wetterrôt fan âlds ien fan 'e wichtichste yngrediïnten fan 'e Falinsiaaanske paella.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.
|
- Siden mei misse bestânskeppelings
- Sûchdieresoarte
- Kjifdier
- Wrotmûseftige
- Bedrige sûchdier
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Gibraltar