Springe nei ynhâld

Aartsbisdom Keulen

Ut Wikipedy
Aartsbisdom Keulen

Erzbistum Köln

Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Biskopssit Keulen
Katedraal Dom fan Keulen
Patroanhillige Marije (men fan Jezus)
Hiemside www.erzbistum-koeln.de
Skiednis
Oprjochting 313
Hierargy
Aartsbiskop Rainer Maria Woelki
Statistyk
Oerflak 6.181 km²
Befolking 5.490.036 (2018)
Wêrfan katolyk 1.738.011 (31,7 %)
Dekenaten 15 (2018)
Parochy's 514 (2022)
Lokaasje aartsbisdom Keulen (donkerbrún) en de suffragane bisdommen (ljochtbrún).
Lokaasje aartsbisdom Keulen (donkerbrún) en de suffragane bisdommen (ljochtbrún).

It aartsbisdom Keulen (Dútsk: Erzbistum Köln; Latyn: Archidioecesis Coloniensis) is in roomsk aartsbisdom mei de sit yn 'e stêd Keulen. It bisdom leit yn it midden en suden fan 'e dielsteat Noardryn-Westfalen.

Skiednis

It kristendom kaam mei Romeinske sodaten en hannelslju al ier nei Keulen. Sint-Maternus wie mei wissichheid de earste biskop fan Keulen. Biskop Hildebold krige yn 794 fan Karel de Grutte as beleaning foar syn tsjinsten oan it hôf de titel fan aartsbiskop. Sûnt is Keulen in aartsbisdom. De earste Keulske dom waard yn it jier 870 ynwijd. Oarspronklik stie de residinsje fan de Keulske aartsbiskoppen njonken de dom.

De skryn mei de reliken fan 'e Trije keningen.

Foar de spirituele betsjutting fan it bisdom wie de komst fan 'e reliken fan 'e hillige Trije Keningen yn 1164 ûnder Rainald fan Dassel tige wichtich. Dêrmei waard Keulen ien fan 'e grutste beafeartplakken fan 'e Kristenheid. Mei troch it grutte tal reliken fan oare hilligen, lykas de hillige Ursula en de hillige Gereon, hat Keulen it te tankjen dat it de titel Sancta (hillich) yn 'e stedsnamme droech. De folle titel fan Keulen wie Sancta Colonia Dei Gratia Romanae Ecclesiae Fidelis Filia , Hillich Keulen, troch de genede fan God de trouwe dochter fan 'e Roomske Tsjerke.

It grutte tal pylgers makke dat de Karolingyske dom te lyts woarn wie en dêrom lei aartsbiskop Koenraad fan Hochstaden yn 1248 de earste stien foar in nije goatyske domtsjerke.

Sûnt healwei de 13e iuw wie it aartsbisdom in karfoarstedom en sels ien fan 'e wichtichste tsjerklike foarstedommen yn it Hillige Roomske Ryk. Tagelyk stribbe de stêd ek nei mear autonomy en yn 1288 ferlearen de aartsbiskoppen mei de Slach by Worringen de wrâldske macht oer Keulen en grutte dielen fan Westfalen, mar de aartsbiskoppen holden in hege jurisdiksje oer de stêd. It duorre nocht oant 1475 dat de stêd de aartsbiskoplike hearskippij hielendal fan him ôf wist te skodzjen.

Oant it Reichsdeputationshauptschluss yn 1803 bleaune de Keuler aartsbiskoppen karfoarsten fan it Hillige Roomske Ryk.

Reformaasje

Yn 'e tiid fan 'e reformaasje bleau it aartsbisdom foar it grutste part katolyk. Yn 1559 oertsjûge kening Filips II, hear fan 'e Nederlannen, de paus om de struktuer fan 'e bisdommen yn it gebiet te reorganisearjen. Doel dêrfan wie it protestantisme mei tsjerkpolitike middelen te bestriden. Troch it opsplitsen en nije stiftingen waard it tal bisdommen yn 'e Nederlannen ferhege nei 19. It bisdom Ljouwert (dat oant 1580 bestie) wie ien fan dy nije bisdommen. Dêrnjonken ferhûzen parochy's fan it aartsbisdom Keulen nei it bisdom Nijmegen en dy oan 'e Maas nei it bisdom Roermond. It suffragane bisdom Utert waard lytser makke en hielendal fan 'e tsjerkeprovinsje Keulen losmakke. Ek oare suffragane bisdommen fan Keulen ferlearen parochy's yn 1559.

Revolúsje

It gebiet fan it aartsbisdom foar 1802 (read) en nei 1821 (blau)

De besetting fan it hiele lofter diel fan 'e Ryn troch de Frânske troepen yn 'e hjerst 1794 bestjutte foar it aartsbisdom in ramp. De katolike kultus waard yn 'e besette gebieten lykas yn Frankryk massyf ûnderdrukt. Earst ûnder Napoleon Bonaparte kaam der in ein oan 'e striid tsjin de Kristenheid.

Fan Napoleon hie it aartsbisdom lykwols net in soad te ferwachtsjen. Nei de Frede fan Lunéville op 9 febrewaris 1801 waard it hiele gebiet lofts fan 'e Ryn troch Frankryk anneksearre. Troch in reorganisaasje fan 'e bisdommen ûnder Napoleon rekke it aartsbisdom Keulen it hiele diel lofts fan 'e Ryn kwyt. Dêrmei kaam in ein oan 'e mear as 1000 jier âlde tsjerkehistoaryske tradysje fan it Rynlân. As ferfanging foar Keulen waard it bisdom Aken stifte, dat as suffragaan bisdom by it aartsbisdom Mechelen waard yndield. Aken wie ek de haadstêd fan it Département de la Roer.

Prusen

Yn 1815 waarden de tsjerkelike ferhâldings op 'e nij reorganisearre. Mei it yn 1821 sletten ferdrach tusken de kury en Prusen, dat op it Kongres fan Wenen hast it hiele Rynlân tawiisd krige, en de bul De salute animarum waard it bisdom Aken wer opheft en krige it aartsbisdom Keulen it lofter diel fan 'e Ryn werom. De gebieten fan it bisdom Aken waarden no sa tusken Keulen en Múnster ferdield, dat it mear de Prusyske bestjoerlike belangen yn 'e mjitte kaam as de tradisjonele tsjerketradysje. It aartsbisdom Keulen omfieme de Regierungsbezirke Keulen, Aken en Düsseldorf en wiene dus neffens de overheidsgrinzen oardene. It gebiet yn it noarden fan de Nederryn, dat tradisjoneel altiten by Keulen hearde, lykas bygelyks Xanten en Kempen, waarden no mei it Regierungsbezirk Kleef by it bisdom Múnster foege. De dekenaten Kleef, Wesel, Recklinghausen en Warendorf foarmje ek tsjintwurdich noch de grins mei it aartsbisdom Keulen, it yn 1957 stifte bisdom Essen en it letter ta aartsbisdom opwurdearre Paderborn yn it easten.

Ynearsten wurke Prusen mei de kury gear mar it soe net lang duorje dat der in grut konflikt ûnstie tusken de oerheid en de Roomsk-Katolike Tsjerke. Sintraal dêrby wiene de saneamde Kölner Wirren (Keulske gaos), dy't gie oer de konfesjonele status fan bern yn konfesjoneel mingde houliken. Neffens in Prusyske (en dus protestantske) bepaling út 1803 moasten bern yn houliken fan ferskillende denominaasjes grutbrocht wurde yn it leauwe fan 'e heit. In kabinetsbeslút fan 17 augustus 1825 brocht dy bepaling ek oer nei de sûnt 1815 oan Prusen tawiisde katolike gebieten yn it westen, dêr't houliken tusken Prusyske protestantske militêren of amtners mei katolike Rynlanners faker foarkamen. It waard katolike preesters ferbean om as betingst foar de katolike ynsegening fan sa'n mingd houlik in ûnthjit te freegjen om de út it houlik berne bern katolyk grut te bringen. Sokke houliken waarden neffens it nije rjocht ûnjildich. De roomske befolking, dy't dochs al net folle op hie mei de protestantske Prusen, seach yn dy bepaling in bewust besykjen fan Prusen om de befolking it protestantisme op te lizzen. It skeel waard sa heech opspile dat de Prusyske oerheid de Keulske aartsbiskop Clemens August yn 1837 oppakte en twa jier fêst sette. In soad skiedkundigen beskôgje dat as it begjin fan 'e Kulturkampf yn it lettere Dútske Keizerryk.

20e en 21e iuw

Yn 'e 20e iuw waard it aartsbisdom Keulen oant trije kear lytser makke. Nei de Earste Wrâldkriich waarden Eupen en Malmedy oan Belgje oerdroegen en dêrmei ek fan it aartsbisdom Keulen ôfskieden (ynearsten as selstannich bisdom, dêrnei as ûnderdiel fan it bisdom Luik). Yn 1930 waard it bisdom Aken op 'e nij stifte, folge troch it bisdom Essen yn 1957-1958.

Untwikkeling

De demografyske feroarings en tsjerkeferlitting hawwe de lêste tiid der oan bydroegen dat it tradisjoneel katolike Rynlân in stikhinne minder katolyk woarn is.

Wrâldjongereindagen

It aartsbisdom Keulen organisearre yn 2005 de 20e edysje fan 'e Wrâldjongereindagen. Ek paus Benediktus XVI besocht de Wrâldjongereindagen.

Katedraal

Domtsjerke fan Keulen

De katedraal fan it aartsbisdom is de oan Petrus en Marije wijde domtsjerke fan Keulen.

Patroanhilligen

Patroanhilligen fan it bisdom binne Marije (mei as bysûndere betinking it heechfeest fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije op 8 desimber) en Joazef fan Nazareth (19 maart).

De Hillige Trije Keningen binne patroanhilligen fan 'e stêd Keulen, net fan it aartsbisdom. It feest fan 'e oerdracht fan 'e reliken yn 'e Keuler Dom wurdt lykwols yn it hiele bisdom op 23 july fierd.

Suffragane bisdommen

De aartsbiskop fan Keulen is metropolyt fan 'e tsjerkeprovinsje mei de folgjende suffrane bisdommen:

  1. Bisdom Aken
  2. Bisdom Essen
  3. Bisdom Limburch
  4. Bisdom Múnster
  5. Bisdom Trier


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Erzbistum Köln (ferzje 7 febrewaris 2024)