Springe nei ynhâld

Wrâldjongereindagen

Ut Wikipedy
Wrâldjongereindagen
Wrâldjongereindagen yn Lissabon (2023)
Wrâldjongereindagen yn Lissabon (2023)
plak en tiid
plakwikseljend
tiid fan it jierfaak juny, augustus
bysûnderheden
besteansûnt 1984
oprjochterJehannes Paulus II
org. trochRoomsk-Katolike Tsjerke
offisjele webside
Side Wrâldjongereindagen

De Wrâldjongereindagen (WJD) is in ynternasjonaal barren dat om de trije jier troch de Roomsk-Katolike Tsjerke organisearre wurdt. De dagen wurde earne yn of by in grutte stêd holden en wurde yn 'e regel troch hunderttûzenen katolike jonge minsken bywenne.

De Wrâldjongereindagen is in inisjatyf út de tiid fan it pontifikaat fan paus Jehannes Paulus II. Doel is om jonge katoliken tusken de 16 en 35 jier sterker te meitsjen yn harren leauwen en om nei te tinken oer de rol fan God yn it libben.

Yn 2000 waarden de wrâldjongereindagen yn Rome holden om't dat jier in jubeljier wie.

Ornaris wurde de dagen om de trije jier organisearre. It tal dielnimmers fan de dagen hinget sterk ôf fan de lokaasje dêr't de dagen holden wurde en kin fariearje fan in pear hûnderttûzend oant in pear miljoen.

Yn 'e jierren dat der gjin ynternasjonaal barren is, wurdt in wrâldjongereindei (iental) organisearre per lân of bisdom. Dy dei fynt altiten plak op Palmpeaske en sûnt 2021 op Kristus-Kening, de lêste snein fan it tsjerklik jier.

It Fatikaan publisearre yn it ramt fan de Wrâldjongereindagen in dekreet, dêr't yn fêstlein waard dat dielnimmers in ôflaat krije kinne. Dan moat der wol foldien wurde oan de folgjende betingsten:

  • net yn de steat fan de sûnde ferkeare en dielnimme oan de bycht,
  • nei de kommuny gean,
  • bidde foar de paus.

Jiertallen en plakken Wrâldjongereindagen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
JierPlakTal dielnimmersTal dagen
(data)
Tema
1984Fatikaanstêd300.0001
(15 april)
Hillich Jier fan 'e Ferlossing
1985Fatikaanstêd300.0001
(31 maart)
Ynternasjonaal Jier fan 'e Jongerein
1987flagge fan Argentynje Buenos Aires, Argentinië1.000.0002
(11-12 april)
Wy kenne en leauwe de leafde dy't God foar ús hat. (1 Jehannes 4:16)
1989flagge fan Spanje Santiago de Compostella, Spanje600.0006
(15-20 augustus)
Ik bin de Wei, de Wierheid en it Libben. (Jehannes 14:6)
1991flagge fan Poalen Czestochowa, Poalen1.600.0006
(10-15 augustus)
Jimme hawwe de Geast krige. dy't bern fan God fan jim makket. (Romeinen 8:15)
1993flagge fan de Feriene Steaten Denver, Feriene Steaten700.0006
(10-15 augustus)
Ik bin kommen dat se libben en oerfloed hawwe meie. (Jehannes 10:10)
1995flagge fan de Filipinen Manilla, Filipinen5.000.0006
(10-15 augustus)
Lykas myn Heit My útstjoerd hat, stjoer Ik jimme út. (Jehannes 20:21)
1997flagge fan Frankryk Parys, Frankryk1.200.0006
(19-24 augustus)
Rabby, wêr wenje jo? - Kom mei dan sille jimme it sjen. (Jehannes 1:38-39)
2000Fatikaanstêd2.000.0006
(15-20 augustus)
En it Wurd is minske wurden en Hy hat ûnder ús wenne. (Jehannes 1:14)
2002 Toronto, Kanada800.0006
(23-28 july)
Jimme binne it sâlt fan 'e ierde. Jimme binne it ljocht fan 'e wrâld. (Mattéus 5:13-14)
2005flagge fan Dútslân Keulen, Dútslân1.000.0006
(16-21 augustus)
Wy binne kommen om Him hulde te dwaan. (Mattéus 2:2)
2008flagge fan Austraalje Sydney, Austraalje400.0006
(15-20 july)
Mar jimme sille fersterke wurde troch de Hillige Geast dy't oer jimme komt. (Hannelingen 1:8)
2011flagge fan Spanje Madrid, Spanje2.000.0006
(16-21 augustus)
Bliuw fêst bewoartele yn Him, lit jimme op Him bouwe en wurd befêstige yn it leauwen. (Kolossers 2:7)
2013flagge fan Brazylje Rio de Janeiro, Brazylje3.700.0006
(23-28 july)
Gean der op út en meitsje alle folken learlingen fan My. (Mattéus 28:19)
2016flagge fan Poalen Krakau, Poalen3.500.0007
(25-31 july)
Sillich de barmhertigen, want hja sille barmhertichheid ûnderfine (Mattéus 5:7)
2019flagge fan Panama Panama-Stêd, Panama700.0006
(22-27 jannewaris)
Ik stean ta jo tsjinst, Hear, dat it my neffens jo wurden gean mei (Lukas 1:38)
2023flagge fan Portegal Lissabon, Portugal1.500.000[1]6
(01-06 augustus)
Marije gie hastich op reis (Lukas 1:39)
2027 Seoel, Súd-Koreä
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De dielnimmeroantallen fan de dagen yn 1984 oant en mei 2019 binne ôfkomstich fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch en:World Youth Day