Springe nei ynhâld

Westlik griis iikhoarntsje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 des 2023 om 22.09 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (minus flater yn ynfoboks)
westlik griis iikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai beamiikhoarntsjes (Sciurus)
soarte
Sciurus griseus
Ord, 1818
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It westlike grize iikhoarntsje (Latynske namme: Sciurus griseus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e beamiikhoarntsjes (Sciurus), wêrbinnen oft it it monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e westlike grize iikhoarntsjes (Hesperosciurus) foarmet. Dizze soarte komt inkeld foar oan 'e westkust fan Noard-Amearika, en waard foar it earst yn 1818 beskreaun troch de soölooch George Ord, op grûn fan oantekenings dy't makke wiene troch de leden fan 'e ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark. It westlike grize iikhoarntsje moat net betize wurde mei it grize iikhoarntsje (of eastlike grize iikhoarntsje) (Sciurus carolinensis).

Fersprieding

It westlike grize iikhoarntsje komt foar yn 'e Cascades fan 'e Amerikaanske steaten Washington en Oregon, al is syn areaal yn Washington fersnipele rekke, mei trije gebieten: ien yn it noardlik-sintrale diel fan 'e steat; ien besuden Seattle en ien yn it middensuden, tsjin 'e grins mei Oregon oan. Fierder súdlik wreidet it ferspriedingsgebiet fan it westlike grize iikhoarntsje him út oer grutte dielen fan Kalifornje, útsein de noardeastlike hoeke fan dy steat, it te woastinige súdeastlike binnenlân, en de kriten om San Fransisko en Los Angeles hinne en yn 'e Sintrale Delling, dêr't konkurrearjende eksoatyske iikhoarntsjesoarten yntrodusearre binne, nammentlik it (eastlike) grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis) en it swarte iikhoarntsje (Sciurus niger). Fierders komt it westlike grize iikhoarntsje ek foar yn it uterste westlike puntsje fan 'e steat Nevada (yn 'e Sierra Nevada) en yn it noarden fan it Kalifornysk Skiereilân, yn noardwestlik Meksiko.

Uterlike skaaimerken

It westlike grize iikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 23-30 sm, mei in sturtlingte fan 22-30 sm en in gewicht fan 0,4-1 kg. Dêrmei is it de grutste iikhoarntsjesoarte oan 'e Noardamerikaanske westkust. De pels is op 'e rêch is griis en op 'e bealch wyt oant krêmkleurich, wylst de wangen gauris wat brunich binne. Der bestiet gjin skerpe demarkaasjeline tusken it griis en it wyt. De sturt, dy't rûchwei like lang is as de rest fan it lichem, is griis mei mooglik hjir en dêr in pear swartige plakjes. De earen binne oan 'e grutte kant, mar hawwe gjin toefen.

Biotoop

Westlike grize iikhoarntsjes komme benammen foar yn bercheftige kriten en yn it heuvelige foarlân fan sokke berchgebieten, dêr't se sawol yn leafwâld as nullewâld libje. Se binne oantroffen oant op in hichte fan 2.000 m.

Hâlden en dragen

Westlike grize iikhoarntsjes binne útslutend by deiljocht aktyf. Se foerazjearje wol op 'e grûn, mar weagje har nea fier fan beammen ôf, en ferpleatse har it leafst fan beam nei beam. Yn ferhâlding mei it (eastlike) grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis) is it westlike grize iikhoarntsje in tige skou bistke, dat beskûl siket yn in beam sadree't er fersteurd wurdt, en dêrwei dan utering jout oan syn ûnfernoegen mei heaze sjirpende skellûden. By sokke gelegenheden spriedt er syn plomsturt noch wider út as dat er oars al docht, sadat it wol liket as sit er ûnder in paraplu. Mooglik dat soks helpt om him tsjin rôffûgels te beskermjen. Hy harket skerp nei de alaarmroppen fan soartgenoaten, oarsoartige iikhoarntsjes en sjongfûgels, en as er sa'n warskôgingsgjalp hearre, jout er dy sels ek troch, wat in rêstich bosk feroarje kin yn in tsjotterjend en sjirpend leven fan komsa.

In westlik griis iikhoarntsje op in beamtûke.

Westlike grize iikhoarntsjes hâlde gjin wintersliep, mar se binne winterdeis wol minder aktyf as yn oare jiertiden. Se bouwe twa soarten in nêsten: in ienfâldich sliepplatfoarm dat se it grutste part fan it jier brûke, en in rûn nêst om 'e winter yn troch te bringen en jongen yn it smiten. Beide nêstfoarmen wurde makke fan stokjes en twiichjes, blêden, moas, koarstmoas, stikjes skors en soms hier. Jongere bisten, en ek wol âldere eksimplaren dy't ûnderweis binne of lêst hawwe fan it waarme waar, sliepe soms ek wol sa op 'e keale beamtûke.

De peartiid duorret by it westlike grize iikhoarntsje fan desimber oant juny. De pearing is faak in agressyf barren, wêrby't de beide partners inoar bite en ferwûnje kinne. Nei in draachtiid fan likernôch 44 dagen smyt it wyfke dan 1-5 jongen, dy't mear as in healjier yn it nêst bliuwe, wat lang is foar iikhoarntsjes. Jonge eksimplaren ûntwikkelje pas in útgroeide plomsturt as se folwoeksenens berikke (mei likernôch in jier). Drachtige wyfkes en wyfkes mei jongen binne tige territoariaal; se fjochtsje geregeldwei ûnderling en jeie oare soartgenoaten fuort. De wichtichste natuerlike fijannen fan westlike grize iikhoarntsjes binne de reade lynks, prêrjewolf, poema, hûskat en ferskate soarten hauken en earnen. Ek de minske makket wol jacht op it westlike grize iikhoarntsje.

Fretten

Westlike grize iikhoarntsjes binne omnivoaren, dy't benammen beien, nuten en sieden frette en ek wol skimmels, fûgelaaien en ynsekten. It menu bestiet lykwols foar it grutste part út ikels en dinne-apels. Hjerstmis lizze se itensfoarrieden oan troch nuten op in ferskaat fan plakken te bedobjen, en hoewol't se in tigen ûnthâld foar sokke plakken hawwe, brûke se net altyd de hiele foarrie op en ferjitte se ek wolris in pear, dy't dan by 't maityd útgroeie ta nije beammen. Op dy manear ferfollet it westlike grize iikhoarntsje in wichtige rol yn it ekosysteem fan 'e biotopen dêr't er libbet.

In westlik griis iikhoarntsje oan it miel.

Status

It westlike grize iikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en mei't syn populaasje oer it gehiel nommen stabyl liket te wêzen. Yn 'e steat Washington stiet er lykwols sûnt 1993 oanmurken foar in bedrige bistesoart, wylst er yn beskate kontreien yn Kalifornje (bygelyks de Sintrale Delling en de omkriten fan Los Angeles) beskôge wurdt as útstoarn. De wichtichste bedrigings foar westlike grize iikhoarntsjes binne habitatferlies troch de oanhâldende urbanisaasje en ûntginning fan boskgebieten foar de lânbou, it hege oantal eksimplaren dat omkomt yn it ferkear, ferskate sykten (lykas rude, dat hast epidemyske proporsjes oannommen hat) en de yntroduksje fan rivalisearjende soarten beamiikhoarntsjes yn syn ferspriedingsgebiet.

It swarte iikhoarntsje (Sciurus niger) waard om 1904 hinne yn Los Angeles yntrodusearre troch de feteranen út 'e Amerikaanske Boargeroarloch en/of de Spaansk-Amerikaanske Oarloch, dy't taholden yn it Sawtelle Feteranetehûs, op 'e hoeke fan Sepulveda Boulevard en Wilshire Boulevard. Party fan harren brocht dêr nammentlik swarte iikhoarntsjes dy't se thús, yn 'e Delling fan 'e Mississippy (mooglik yn Tennessee) as húsdier holden. Ienris yn súdlik Kalifornje ûntsnapten guon fan 'e bisten, dy't doe yn 'e omkriten fan Los Angeles in wylde populaasje fêstigen. Is soe kinne dat dy populaasje letter noch oanfolle is troch nije yntroduksjes, mar dêroer is gjin ynformaasje foarhâns. Wol is bekend dat swarte iikhoarntsjes ek by San Fransisko en Portland mei opsetsin of by fersin yn it wyld útset binne.

It (eastlike) grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis) is yn 'e tweintichste iuw krektlyk yntrodusearre yn 'e omkriten fan San Fransisko, Los Angeles, Portland, Seattle, Tacoma, Spokane en oare plakken. It westlike grize iikhoarntsje koe it tsjin dizze agressivere soarten út it easten net bolwurkje, en is sadwaande fral yn Kalifornje en Washington út 'e grutte stedske sintra en it leechlân ferdwûn, en hat him weromlutsen yn 'e bergen, dêr't de konkurrinsje minder grut wie.

Undersoarten

Der binne trije erkende ûndersoarten fan it westlike grize iikhoarntsje:

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.