Geastedûnsoarloch
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Geastedûnsoarloch wie in wapene konflikt yn desimber 1890 en jannewaris 1891 tusken de Feriene Steaten en de Lakota, in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hoewol't it in oarloch neamd wurdt, foldocht dy namme mar amperoan, om't it konflikt der eins te lyts en te iensidich foar wie. It draaide om 'e ûnderdrukking troch it Amerikaanske Leger fan 'e geastedûnsbeweging, dy't beskôge waard as in opstannige organisaasje. De Geastedûnsoarloch omfieme trije wapene konfrontaasjes, wêrfan't it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee fierwei it bekendst wurden is.
Foarskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tritich jier dy't foarôfgiene oan 'e Geastedûnsoarloch wiene de Lakota en de oare Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten almar mear yn 'e ferdrukking kommen fanwegen de kolonisaasje fan harren lân troch de Amerikanen. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wiene de Lakota úteinlik definityf troch de Amerikanen ferslein. Hja wiene yn reservaten stoppe dy't yn 'e regel mar in fraksje fan harren oarspronklike territoarium besloegen, en de bizon, dy't in essinsjeel plak yn harren kultuer ynnaam, wie frijwol útrûge, wat mei opsetsin dien wie om 'e Yndianen harren foarnaamste itensboarne en dêrmei har ûnôfhinklikheid te ûntnimmen.
Yn 'e reservaten, dêr't it iten troch de Amerikaanske autoriteiten levere waard, moasten de Lakota gauris op heale of twatrêde rantsoenen libje, en boppedat wie it iten dat harren ferskaft waard faak fan minne kwaliteit. Dat waard noch nammenste slimmer makke trochdat oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren de rispingen fan 'e Yndianen (en trouwens ek dy fan 'e blanke kolonisten op 'e Grutte Flakten) ferskate jierren efterinoar mislearren. Tsjin dy eftergrûn moat de opkomst fan 'e geastedûns sjoen wurde, in synkretistyske religy dy't it troch de misjonarissen brochte kristendom fermong mei de lânseigen leauwensoertsjûgings fan 'e Yndianen, en dy't fanút Nevada ferspraat waard troch de Pajût-profeet Wovoka.
Ferskate Lakota-Yndianen, wêrûnder Skoppende Bear, reizgen ôf nei Nevada om it boadskip fan 'e profeet te hearren, en nei't se weromkamen, begûnen se de nije religy ûnder har eigen folk te fersprieden. De oanhingers fan 'e pasifistyske geastedûns leauden dat se de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje koene. As se gjin alkohol mear dronken, harsels ritueel wosken en mar fûlernôch leauden, soene se werberne wurde yn in wrâld sûnder blanken, mar mei al har ferstoarne freonen en famyljeleden. It wie feitliks net mear as it lêste, patetyske besykjen fan in ferrinnewearre kultuer om mei himsels yn it reine te kommen, mar it Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast.
Konflikt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Geastedûnsoarloch begûn op 15 desimber 1890, doe't de Amerikaansk autoriteiten de arrestaasje beoarderen fan it ferneamde opperhaad Sittende Bolle, dy't de Lakota fjirtjin jier earder ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 oanfierd hie. De âldman hie noch altyd in withoegrutte ynfloed ûnder syn folk, en de Amerikanen beskôgen him as in ûnrêststokelder. Hja wiene bang dat de hikke fan 'e daam wêze soe as hy syn gewicht efter de geastedûnsbeweging smiet. De arrestaasje rûn lykwols út op in sjitpartij, wêrby't de âldman mei syn jonge soan Kraaiepoat en seis oare folgelingen omkaam, wylst fan 'e Yndiaanske plysjes dy't de arrestaasje útfierden acht man sneuvelen.
Nei de dea fan Sittende Bolle ûntflechten sa'n twahûndert leden fan syn Hûnkpapa-stamme, dy't fierdere repressaillemaatregels fan 'e Amerikanen frezen, it Standing Rock Reservaat nei it oangrinzgjende Cheyenne River Reservaat. Dêr joegen hja har by it Minnikonzjû-opperhaad Bûnte Wapity, in foaroanman fan 'e geastedûnsbeweging dy't letter better bekend wurde soe ûnder de namme Grutte Foet (Big Foot). Bûnte Wapity sette op syn beurt op 23 desimber ôf nei it Pine Ridge Reservaat, dêr't er beskûl hope te finen by it âlde Oglala-opperhaad Reade Wolk. Mei him giene syn rom trijehûndert minsken tellende Minnikonzjû-troep en 38 fan 'e Hûnkpapa. Om't it Cheyenne River Reservaat net grinzge oan it Pine Ridge Reservaat, en de Yndianen dus troch lân tsjen moasten dat al troch blanken kolonisearre wie, waard dit troch de Amerikanen beskôge as in útbraak út it reservaat.
Op 28 desimber 1890 waard de troep fan Bûnte Wapity yn it Pine Ridge Reservaat ûnderskept troch in detasjemint fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, ûnder lieding fan majoar Samuel M. Whitside. De Lakota waarden ûnder barre winterske omstannichheden nei in plak oan 'e Wounded Knee Creek eskortearre, dêr't se de nacht trochbrochten, en dêr't kolonel James W. Forsyth him mei de rest fan 'e 7de Kavalery by harren joech. Op 'e moarn fan 29 desimber waard it Yndiaanske kamp besingele troch de soldaten, mei as doel om 'e Yndianen te ûntwapenjen. Unbegryp en wantrouwen laten ta in spande sitewaasje, en doe't der by in wrakseling om in gewear in skot foel, iepenen de soldaten fan alle kanten it fjoer op 'e al ûntwapene geastedûnsers, in barren dat de skiednis yngie as it Bloedbad fan Wounded Knee. Dêrby foelen oan Yndiaanske kant 290 deaden, wêrûnder 90 manlju en 200 froulju en bern. Ek wiene der 51 ferwûnen, dêr't letter noch 7 fan kamen te ferstjerren. Oan 'e kant fan 'e Amerikanen wiene 25 soldaten sneuvele (foar in grut part troch freonlik fjoer), wylst der 39 ferwûnen wiene, wêrfan't neitiid noch 6 stoaren. Under de deaden wie ek Bûnte Wapity.
De deis nei it bloedbad, 30 desimber, fûn it lêste wapene treffen fan 'e Geastedûnsoarloch plak, it saneamde Gefjocht by Drexel Mission. Dat barde doe't kolonel Forsyth mei syn 7e Kavalery opteach nei in roomske missypost yn it Pine Ridge Reservaat nei't er berjocht krigen hie dat de gebouwen dêre troch de Lakota yn 'e brân stutsen wiene. Doe't de Amerikaanske troepen troch in bedelte rieden, kamen se ûnder fjoer te lizzen fan Brulee-krigers ûnder lieding fan Slacht-Twa. De 7e Kavalery waard raar yn 'e pine set en koe foar- noch efterút, en moast ûntset wurde troch majoar Guy V. Henry en in bataljon fan it 9e Kavaleryrezjimint, dat folslein út Afro-Amerikanen (saneamde Buffalo Soldiers) bestie. De Geastedûnsoarloch einige mei de oerjefte fan 'e Lakota-lieder Skoppende Bear, op 15 jannewaris.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |