Omgong fan Frankryk 2007
Omgong fan Frankryk 2007 | ||||
94ste edysje | ||||
Rûtekaart fan de Omgong fan Frankryk 2007 | ||||
Tiidrek | 7 - 29 july 2007 | |||
Startplak | Londen | |||
Finishplak | Parys | |||
Totale ôfstân | 3.570 km | |||
Gem. faasje | 39,223 km/o | |||
Dielnimmers | 189 | |||
Klasseminten nei 20e etappe | ||||
Giele trui | ESP Alberto Contador | |||
Griene trui | BEL Tom Boonen | |||
Boltsjestrui | COL Mauricio Soler | |||
Wite trui | ESP Alberto Contador | |||
Ploegen | USA Discovery Channel | |||
Striidberens | ESP Amets Txurruka | |||
foarrige edysje | Omgong fan Frankryk 2006 | |||
folgjende edysje | Omgong fan Frankryk 2008 | |||
|
De 94ste edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 7 oant en mei 29 july 2006.
Dielnimmende ploegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Startplak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De start wie yn Londen, de haadstêd en grutste stêd fan Grut-Brittanje en fan Ingelân. It wie de earste kear dat de omgong úteinsette yn Ingelân. De prolooch en de earste etappe hiene yn dit lân plak foar't de omgong fierder gie op de fêste wâl fan Europa.
Ferbliuwplak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 19 july 2007 makke it Deenske hurdfytsbûn bekend dat Michael Rasmussen, dy't op dat momint al trije dagen yn de giele trui fytste, út de Deenske nasjonale ploech set wie. Dêrtroch koe er net meidwaan oan it WK hurdfytsen 2007 yn Stuttgart, noch oan de Olympyske Simmerspelen 2008 yn Peking. Neffens it Deenske hurdfytsbûn krige Rasmussen twa warskôgings om't er net op tiid melde wêr't er op ferskillende tiidstippen ferbleau, en dêrtroch mooglik dopingkontrôles omsylde. Trije warskôgings waarden beskôge as in positive dopingkontrôle. Rasmussen mocht lykwols gewoan fan start gean yn de alfde etappe, sa besleat Tour-baas Christian Prudhomme, dy't de timing fan it bekend meitsjen fan it foarfal troch it Deenske hurdfytsbûn fertocht fûn.
Yn de 16e etappe, op 25 july, wûn Rasmussen mei in foarsprong fan 20 sekonden op Levi Leipheimer en 35 sekonden op syn foarnaamste konkurrint Alberto Contador. Dêrmei wie er de favoryt foar de toeroerwinning. Lykwols, dy jûns waard Rasmussen, dy't noch altyd yn de giele trui fytste, troch de direksje fan de Rabobank-ploech út de Tour helle en op steande foet ûntslein fanwegen it oertrêdzjen fan ynterne regels. Rasmussen soe op 13 en 14 juny 2007 yn de Dolomiten traind hawwe en net, sa't hysels bewearde, yn Meksiko. Dêrtroch soe er twa dopingkontrôles yn it foarseizoen mist hawwe. Rasmussen soe neffens syn ploechlieding tajûn hawwe yndied yn Itaalje traind te hawwen. Troch it ûntslach fan Rasmussen fytste Alberto Contador yn de 17e etappe yn de giele trui. Hy soe de Omgong fan 2007 ek winne.
Etappe-oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Datum | Etappe | Start – Finish |
Ofstân (yn km) |
Type | Winner | Klassemintslieder |
---|---|---|---|---|---|---|
7 july | P | Londen | 8 km | Prolooch | SUI Fabian Cancellara | SUI Fabian Cancellara |
8 july | 1 | Londen - Canterbury |
203 km | Flakke etappe | AUS Robbie McEwen | |
9 july | 2 | Dúntsjerk - Gint |
167 km | Flakke etappe | BEL Gert Steegmans | |
10 july | 3 | Waregem - Compiègne |
236 km | Flakke etappe | SUI Fabian Cancellara | |
11 july | 4 | Villers-Cotterêts - Joigny |
190 km | Flakke etappe | NOR Thor Hushovd | |
12 july | 5 | Chablis - Autun |
184 km | Heuveletappe | ITA Filippo Pozzato | |
13 july | 6 | Semur-en-Auxois - Bourg-en-Bresse |
200 km | Flakke etappe | BEL Tom Boonen | |
14 july | 7 | Bourg-en-Bresse - Le Grand-Bornand |
197 km | Berchetappe | GER Linus Gerdemann | GER Linus Gerdemann |
15 july | 8 | Le Grand-Bornand - Tignes |
165 km | Berchetappe | DEN Michael Rasmussen | DEN Michael Rasmussen |
16 july | Rêstdei yn Tignes | |||||
17 july | 9 | Val-d'Isère - Briançon |
161 km | Berchetappe | COL Mauricio Soler | DEN Michael Rasmussen |
18 july | 10 | Tallard - Marseille |
229 km | Flakke etappe | FRA Cédric Vasseur | |
19 july | 11 | Marseille - Montpellier |
180 km | Flakke etappe | RSA Robert Hunter | |
20 july | 12 | Montpellier - Castres |
179 km | Heuveletappe | BEL Tom Boonen | |
21 july | 13 | Albi - Albi |
54 km | Yndividuele tiidrit | AUS Cadel Evans | |
22 july | 14 | Mazamet - Plateau de Beille |
197 km | Berchetappe | ESP Alberto Contador | |
23 july | 15 | Foix - Loudenvielle-Le Louron |
196 km | Berchetappe | LUX Kim Kirchen | |
24 july | Rêstdei yn Pau | |||||
25 july | 16 | Orthez - Col d'Aubisque |
218 km | Berchetappe | DEN Michael Rasmussen | DEN Michael Rasmussen |
26 july | 17 | Pau - Castelsarrasin |
188 km | Flakke etappe | ITA Daniele Bennati | ESP Alberto Contador |
27 july | 18 | Cahors - Angoulême |
210 km | Flakke etappe | FRA Sandy Casar | |
28 july | 19 | Cognac - Angoulême |
55 km | Yndividuele tiidrit | ||
29 july | 20 | Marcoussis - Parys (Champs-Élysées) |
130 km | Flakke etappe | ITA Daniele Bennati | |
Datum | Etappe | Start – Finish |
Ofstân (yn km) |
Type | Winner | Klassemintslieder |
Klassemintslieders nei eltse etappe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Omgong fan Frankryk |
---|
Giele trui · Griene trui · Boltsjestrui · Wite trui · Giel rêchnûmer · Read rêchnûmer |
Fryske dielnimmers · froulju |
Ferneamde bergen · Souvenir Henri Desgrange · Souvenir Jacques Goddet |
1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025 |
· · |