Springe nei ynhâld

Souvenir Henri Desgrange

Ut Wikipedy
Souvenir Henri Desgrange
Monumint foar Henri Desgrange op de Col du Galibier
Monumint foar Henri Desgrange op de Col du Galibier
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frânsk
útrikt foar de hurdfytser dy't as earste (yn de etappe) in foarôf bepaald punt yn de omgong berikt
útrikt troch Omgong fan Frankryk
frekwinsje Jierliks
ynsteld 1947

De Souvenir Henri Desgrange is in spesjale priis yn de Omgong fan Frankryk dy't sûnt 1947 jierliks útrikt wurdt en neamd is nei Henri Desgrange, de earste direkteur fan de omgong. De priis wurdt útrikt oan de hurdfytser dy't as earste (yn de etappe) in foarôf bepaald punt yn de omgong berikt. Yn 1947, yn de earste Tour nei it ferstjerren fan Henri Desgrange yn 1940, wie dit Desgrange's lêste residinsje, "Villa Mia" yn Beauvallon, Grimaud, oan de Côte d'Azur. Yn de earste etappe fan de 1948 Omgong, wie dit de top fan de Côte de Picardie yn Versailles by Parys.

Yn 1949 is der in monumint foar Henri Desgrange oprjochte by de súdlike tagong fan de tunnel by de Col du Galibier yn de Alpen, syn favorite en ien fan de meast ikoanyske beklimmingn yn de Omgong fan Frankryk. Fan 1952 ôf en alle jierren sûnt 1965 is it markearingspunt foar de priis by it monumint op de Galibier as dy diel útmakket fan de omgong, yn oare gefallen meastal it "dak fan de Omgong": it heechste punt (boppe seenivo) dat berikt wurdt.

Yn de Omgong fan 1963 waard der gjin award útrikt, mar oan de ein fan de Ronde wie der in spesjale "Desgrange-priis" foar de hurdfytser dy't it bêste riden hie mei "de holle en de fuotten".

Jier Plak/berch Winner
1947 Beauvallon[1] flagge fan Belgje Raymond Impanis
1948 Versailles flagge fan Belgje Roger Lambrecht
1949 Beauvallon[1] flagge fan Frankryk Paul Giguet
1950 Lautaret flagge fan Frankryk Jean-Apotre Lazarides
1951 Lautaret flagge fan Frankryk Gino Sciardis
1952 Galibier flagge fan Itaalje Fausto Coppi
1953 Beauvallon[1] flagge fan Frankryk Claude Colette
1954 Galibier flagge fan Spanje Federico Bahamontes
1955 Beauvallon[1] flagge fan Frankryk André Darrigade
1956 Cysoing[2] flagge fan Frankryk Pierre Pardoen
1957 Beauvallon[1] flagge fan Frankryk Jean Stablinski
1958 Lautaret flagge fan Nederlân Piet van Est
1959 Galibier flagge fan Lúksemboarch Charly Gaul
1960 Lautaret flagge fan Frankryk Jean Graczyk
1961 Ballon d'Alsace flagge fan Belgje Joseph Planckaert
1962 Lautaret flagge fan Spanje Juan Campillo
1963 [3]
1964 Beauvallon[1] flagge fan Frankryk André Darrigade
1965 Lautaret flagge fan Spanje Francisco Gabica
1966 Galibier flagge fan Spanje Julio Jimenez
1967 Galibier flagge fan Spanje Julio Jimenez
1968 Aravis flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Barry Hoban
1969 Lautaret flagge fan Belgje Eddy Merckx
1970 Aubisque[4] flagge fan Frankryk Raymond Delisle
1971 Côte de Dourdan flagge fan Itaalje Wilmo Francioni
1972 Galibier flagge fan Nederlân Joop Zoetemelk
1973 Galibier flagge fan Spanje Luis Ocaña
1974 Galibier flagge fan Spanje Vicente López Carril
1975 Télégraphe flagge fan Spanje Luis Balage
1976 Lautaret flagge fan Itaalje Luciano Coniati
1977 Tourmalet flagge fan Belgje Lucien Van Impe
1978 Sainte-Marie-de-Campan flagge fan Frankryk Christian Seznec
1979 Galibier flagge fan Belgje Lucien Van Impe
1980 Galibier flagge fan Belgje Johan de Muynck
1981 Landes[5] flagge fan Nederlân Theo de Rooij
1982 Aubisque flagge fan Switserlân   Beat Breu
1983 Tourmalet flagge fan Kolombia José Patrocinio Jiménez
1984 Galibier flagge fan Kolombia Francisco Rodríguez
1985 Tourmalet flagge fan Spanje Pello Ruiz Cabestany
1986 Galibier flagge fan Kolombia Luis Herrera
1987 Galibier flagge fan Spanje Federico Muñoz
1988 Tourmalet flagge fan Spanje Laudelino Cubino
1989 Galibier flagge fan Nederlân Gert-Jan Theunisse
1990 Tourmalet flagge fan Spanje Miguel Angel Martinez
1991 Tourmalet flagge fan Itaalje Claudio Chiappucci
1992 Galibier flagge fan Itaalje Franco Chioccioli
1993 Galibier flagge fan Switserlân   Tony Rominger
1994 Tourmalet flagge fan Frankryk Richard Virenque
1995 Tourmalet flagge fan Frankryk Richard Virenque
1996 Aubisque[6] flagge fan Austraalje Neil Stephens
1997 Port d'Envalira flagge fan Frankryk Richard Virenque
1998 Galibier flagge fan Itaalje Marco Pantani
1999 Galibier flagge fan Spanje José Luis Arrieta
2000 Galibier flagge fan Frankryk Pascal Hervé
2001 Madeleine flagge fan Frankryk Laurent Roux
2002 Galibier flagge fan Kolombia Santiago Botero
2003 Galibier flagge fan Itaalje Stefano Garzelli
2004 Madeleine flagge fan Itaalje Gilberto Simoni
2005 Galibier flagge fan Kazachstan Alexander Vinokourov
2006 Galibier flagge fan Denemark Michael Rasmussen
2007 Galibier flagge fan Kolombia Mauricio Soler
2008 Galibier [7]
2009 Grutte Sint-Bernard [8]
2010 Tourmalet flagge fan Lúksemboarch Andy Schleck
2011 Galibier flagge fan Lúksemboarch Andy Schleck
2012 Croix de Fer Flagge fan Sweden Fredrik Kessiakoff
2013 Port de Pailhères flagge fan Kolombia Nairo Quintana
2014 Izoard flagge fan Spanje Joaquim Rodríguez
2015 Col d'Allos flagge fan Dútslân Simon Geschke
2016 Port d'Envalira flagge fan Portegal Rui Costa
2017 Galibier flagge fan Sloveenje Primož Roglič
2018 Col de Portet flagge fan Kolombia Nairo Quintana
2019 Col de l'Iseran flagge fan Kolombia Egan Bernal
2020 Col de la Loze flagge fan Kolombia Miguel Ángel López
2021 Port d'Envalira flagge fan Kolombia Nairo Quintana
2022 Galibier flagge fan Frankryk Warren Barguil
2023 Col de la Loze flagge fan Eastenryk Felix Gall
2024 Galibier flagge fan Sloveenje Tadej Pogačar

Meafâldige winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In tal hurdfytsers ha de Souvenir Henri Desgrange 2x as faker wûn.

Namme Totaal Jierren
Flagge fan Frankryk FRA Richard Virenque 3 1994, 1995, 1997
Flagge fan Kolombia COL Nairo Quintana 3 2013, 2018, 2021
Flagge fan Frankryk FRA André Darrigade 2 1955, 1964
Flagge fan Spanje ESP Julio Jimenez 2 1966, 1967
Flagge fan Belgje BEL Lucien Van Impe 2 1977, 1979
Flagge fan Lúksemboarch LUX Andy Schleck 2 2010, 2011

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Hûs fan nammejouwer Henri Desgrange
  2. Op it punt dêr 't de 200.000 kilometer berikt waard yn alle Omgongen mei-inoar.
  3. Oan 'e ein fan de Omgong waard in spesjale Desgrange-priis takend oan de foar de hurdfytser dy't it bêste riden hie mei "de holle en de fuotten", te witten Jacques Anquetil
  4. Neffens oare boarnen de Soulor, letter yn deselde etappe
  5. Fanwege stellerij fan de banner op it markearpunt yn etappe 1 a yn Nice waard de lokaasje ferpleatst nei etappe 7 yn de bosk fan Landes
  6. De Souvenir Henri Desgrange soe oarspronklik op de Galibier lizze moatte, mar de bewuste etappe waard ynkoarte, wêrtroch 't de Galibier net oandien waard, en de priis waard nei de folgjende etappe ferpleatst.
  7. De winner fan de priis de Dútske hurdfytser Stefan Schumacher, waard posityf befûn op it brûken fan doping, syn resultaten en prizen fan 2008 waarden skrast.
  8. De winner fan de priis de Italjaanske hurdfytser Franco Pellizotti, waard posityf befûn op it brûken fan doping, syn resultaten en prizen fan 2009 waarden skrast.
Omgong fan Frankryk
Giele trui · Griene trui · Boltsjestrui · Wite trui · Giel rêchnûmer · Read rêchnûmer
Fryske dielnimmers · froulju
Ferneamde bergen · Souvenir Henri Desgrange · Souvenir Jacques Goddet
1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025
wizigje