Rynlân-Palts
Rynlân-Palts | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Dútslân | |
Basisgegevens | |
Lân | Dútslân |
Haadstêd | Mainz |
Oerflakte | 19.853,44 km² |
Befolking | 4.093.903 (31 desimber 2019) |
Befolkingstichtens | 206 ynw./km² |
Distrikten | |
Rynlân-Palts (Dútsk: Rheinland-Pfalz) is ien fan de 16 bûnslannen (federale steaten) fan Dútslân. It is 19,846 km² grut en hat likernôch fjouwer miljoen ynwenners. De haadstêd is Mainz. Rynlân-Palts waard oprjochte yn 1946 as de Rynpalts (Rheinpfalz); de namme 'Rynlân-Palts' waard yn 1947 ynfierd.
Geografy
De Rynlân-Palts grinzet oan Noardryn-Westfalen, Hessen, Baden-Wuertemberch, Frankryk, Saarlân, Lúksemboarch en Belgje.
De Ryn rivier is in wichtich part fan it lânskip, it foarmet in natoerlike grins mei Baden-Wuertemberch en Hessen en streamt fierder troch it noarden fan de Rynlân-Palts. Oan beide kanten fan de Ryn binne geberchtes mei in protte histoaryske plakken.
Yn it noarden binne lofts fan de Ryn it Eifel- en Hunsrück-geberchte, en rjochts fan de Ryn leit it Westerwâld en Taunusberchte. It gloaiende lânskip mei syn boskgebiet yn it suden wurdt ek wol it Paltserwâld neamd.
De twadde yn grutte is de wichtige rivier de Mûzel. By de Mûzel en benammen yn it súd-easten binne [[wyn (drank)|wynbergen, de wyngerds yn it súd-easten wurde meiïnoar ek wol de Dútske-Wynrûte neamd.
Bestjoerlike yndieling
Oant 1 jannewaris 2000 wie Rynlân-Palts te ferdielen yn trije Regierungsbezirken: Koblenz, Trier en Rynhessen-Palts. Dy bestjoerslaach is doe opheft en sûnt is it bûnslân bestjoerlik allinne noch ûnder te ferdielen yn lânkringen en kringfrije stêden.
Op de kaart stean 12 stêdekloften ôfbylde:
- Frankenthal
- Kaiserslautern
- Koblenz
- Landau
- Ludwigshafen
- Mainz
- Neustadt (Weinstraße)
- Pirmasens
- Speyer
- Trier
- Worms
- Zweibrücken
Keppeling om utens
Rynlân-Palts | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
· · |
Dútslân | ||
---|---|---|
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen | ||
· · |