Botmar
Appearance
Botmar | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Aldeboarn | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 45 ha | |
stifting | 1954 | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Botmar of ek wol Soarremoarster Mar of Sodumermar is in marke tusken Aldeboarn, Nes, Goaiïngahuzen en Grou, yn de buert fan Soarremoarre, op de grins fan de gemeente It Hearrenfean mei Smellingerlân. It wetter is sawat 45 bunder en stie earder yn ferbining mei it boezemwetter. Nei de bediking fan it wetterskip waard it peil in pear desimeter ferlege. It foel doe binnen it wetterskip De Swette. Sûnt 1954 is de Botmar eigendom fan It Fryske Gea.