Steatsline H
Steatsline H Utert - Boxtel | |
---|---|
Totale lingte | 60,3 km |
Spoarwiidte | normaalspoar 1435 mm |
Oanlein troch | Steat fan de Nederlannen |
Iepene Utert SS - Waardenburg: 1 novimber 1868 Waardenburg - Hedel: 1 novimber 1869 Hedel - De Bosk: 15 septimber 1870 De Bosk - Vught: 1 novimber 1868 Vught - Boxtel: 1 jannewaris 1868 | |
hjoeddeistige status | Yn gebrûk |
Elektrifisearre | 1938 |
Tal spoaren Utert - Houten Castellum: 4 Houten Castellum - De Bosk: 2 De Bosk - Vught aansluiting: 3 Vught aansluiting - Boxtel: 2 | |
Baanfakfaasje Utert - Houten: 130 Houten - Houten Castellum: 140 Houten Castellum - Boxtel: 130 | |
Befeiliging of treinbeynfloeding | ATB EG |
omgrinzingsprofyl Utert - Houten: OPS-NL Houten - Houten Castellum: OPS-GC Houten Castellum - Boxtel: OPS-NL | |
Beladingsklasse | D4 (bij 100 km/h) |
Treintsjinst troch | NS |
Traject | |
Steatsline H is de neffens "Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen" fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei tusken Utert en Boxtel, dêr't dizze oanslút op de Steatsline E, de spoarline fan Breda nei Maastricht. De spoarline makket diel út fan de earste Steatsoanlis fan spoarwegen yn Nederlân. It trasee krúst trije grutte rivieren en wie in pear jier de iennige ferbinende skeakel tusken de twa, troch dizze rivieren skieden, parten fan it Nederlânske spoarnetwurk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De spoarline waard oanlein om in ferbining te foarmjen tusken de spoarnetwurk noardlik en besuden fan de grutte rivieren fan Nederlân. Troch de kostbere brêgen dy't nedich wiene, ûntbruts in ferbining tusken noard en súd. Yn earste ynstânsje soe de spoarline by Maarsbergen fan de Rhijnspoorweg ôfsplitse en fia Amerongen en Tiel nei De Bosk en Boxtel rinne. Letter waard besletten de line fia Culemborg en Sâltbommel oan te lizzen.
De spoarline waard yn fiif fazen iepene:
Datum | Traject | Tuskenstasjons |
---|---|---|
1 novimber 1868 | Utert SS - Waardenburg | Utert Vaartsche Rijn, Utert Lunetten, Houten, Houten Castellum, Culemborg, Geldermalsen |
1 novimber 1869 | Waardenburg - Hedel | Sâltbommel |
15 septimber 1870 | Hedel - De Bosk | |
1 novimber 1868 | De Bosk - Vught | |
1 jannewaris 1868 | Vught - Boxtel: |
Yn Boxtel slút de line oan op de inkelde jierren earder iepene Steatsline E, de spoarline fan Breda oer Eindhoven en Venlo nei Maastricht.
De spoarbrêgen oer grutte rivieren kamen oer de Lek by Culemborg (1868), oer de Waal by Sâltbommel (1869) en oer de Maas by Hedel (1870). De brêge oer de Lek hie by de iepening de langste oerspanning yn Europa.
Tegearre mei de Steatsline E foarme de spoarline sûnt de iepening de wichtige spoarferbining tusken de Rânestêd en Súd-Nederlân. De eksploitaasje op dy steatslinen waard dien troch de Maatschappij tot Exploitatie van Staatsspoorwegen, koartwei Steatsspoarwegen (SS). Oant 1885 wie der sprake fan inkeldspoar. Dêrnei waard it grutste part fan de line dûbeldspoar. Yn 1938 waard de spoarline, as ûnderdiel fan it saneamde Middennet, elektrifisearre.
Yn 2001 waard de Tramwei Houten - Houten Castellum parallel oan de Steatsline oanlein. Mei de oanlis fan de tramline krige de nijbouwyk Houten Súd in spoarferbining. De kar foar in tramline waard ynjûn trochdat der troch de drokke tsjinstregeling op de Staatslijn gjin ekstra stop yn te plannen wie. Yn 2007 waard úteinset mei de ferdûbeling fan it spoar tusken Utert en Houten Castellum yn it ramt fan it projekt Rânestêdspoar. Fanwege de wurksumheden waard de tramwei Houten - Castellum ein 2008 al wer ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de ferdûbeling fan it spoar.
Stasjonsgebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de earste steatslinen ferskine tusken 1860 en 1865 de standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, trochdat Steatsline H in pear jier letter oanlein wurdt, ferskine hjir fernijde typen standert gebouwen. Yn Houten, Schalkwijk, Kuilenburg, Geldermalsen en Waardenburg ferskine yn 1867 en 1868 gebouwen dy't as in fernijd type fiifde klasse sjoen wurde kinne. Hedel en Vught krije in stasjonsgebou dat beskôge wurde kin as de nije útfiering fan it type fjirde klasse. Yn Sâltbommel ferskynt in gruttere útfiering fan dit type.
Yn Utert wurd op Stasjon Utert Steatsspoar yn 1866 in relatyf lyts stasjonsgebou boud. Yn 1874 wurdt dit gebou alwer sletten en ride de treinen nei it mienskiplike stasjon fan de NRM en de NCS, it lettere Sintraal Stasjon. It gebou fan Utert Steatsspoar bleau yn gebrûk, ûnder oare as magazyn. Mar yn desimber 1944 brânt it ôf en wurde de restanten sloopt. Yn De Bosk wurdt in leech stasjonsgebou fan hout en semint boud fanwegen de beheiningen fan de Festingwet. Yn Boxtel stie al in stasjon fan it type fjirde klasse.
Boxtel krijt al yn 1872 in nij stasjonsgebou. Geldermalsen krijt yn 1884 in nij stasjonsgebou. Om wille fan oanpassingen oan it spoar troch de krusing mei de Betuweline.
Yn 1896 wurdt it stasjonsgebou fan De Bosk ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt Cuypers. It gebou wurdt in pear hûndert meter súdliker boud, en de spoaren waarden wat ferlein. Wichtichste reden fan de ferpleatsing wie it oansicht fan it gebou út de binnenstêd fan de Bosk wei.
Troch de ekonomyske situaasje, de yntroduksje fan nije ferfiermiddels en fersnelling fan de treintsjinsten wurdt yn de jierren 30 fan de 20e iuw in grut tal stasjons sletten. By Steatsline H del bliuwe ein jierren 30 allinnich de stasjons Culemborg, Geldermalsen, Saltbommel, De Bosk en Vught yn gebrûk. De stasjonsgebouwen fan Schalkwijk, Waardenburg en Hedel wurde nei de Twadde Wrâldkriich ôfbrutsen. It gebou fan Houten bliuwt bewarre. Mar om't it gebou by de ferdûbeling fan it spoar yn de wei stie, waard it yn 2007] ferpleatst nei in plak 150 meter súdliker lâns it spoar.
Nei 't it twadde stasjon fan De Bosk yn de Twadde Wrâldkriich slim skansearre rekke wie, waard it net mear wersteld. Yn 1951 wurde de restanten fan it stasjon ferfongen troch in beskieden, modern gebou nei ûntwerp fan arsjitekt Sybold van Ravesteyn. Yn 1998 wurdt dit gebou alwer ferfongen troch nijbou. De oarspronklike oerkaping fan de perrons en in pear karakteristike keunstwurken fan it twadde stasjonsgebou út 1893 binne bewarre bleaun.
Underwilens krijt Culemborg yn 1974 in nij stasjonsgebou fan twa ferdjippingen, datselde jier wurdt it âlde gebou ôfbrutsen. Yn 1982 krige Houten in nij stasjon dat ûnderdiel útmakke fan it nije sintrum dat Houten doe boude, dit stasjon is om 2007 hinne wer ferfongen troch in grutter en heger lizzend stasjon. Yn 1984 kriget ek Sâltbommel in nij stasjonsgebou. It nije gebou komt 700 meter tichter by de stêd te lizzen. Yn 1998 wurdt ek it stasjonsgebou fan Boxtel ôfbrutsen. It gebou makket plak foar de útwreidingen dy't te krijen hawwe mei de ferdûbeling fan it spoar. Yn 2000 wurd der in lyts stasjonsgebou op it foarplein boud en komt der in glêzen loftbrêge oer de spoaren. Yn 1980 wurdt de Stasjon Utert Lunetten iepene.
Stasjon | Type gebou | Opmerkingen | |
---|---|---|---|
Sintraal Stasjon | Unyk ûntwerp | 1e stasjonsgebou yn 1938 troch brân ferlern gien en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt S. van Ravesteyn. 2e stasjonsgebou yn 1975 ôfbrutsen troch ferfongen troch in unyk ûntwerp fan K. van der Gaast. 3e stasjonsgebou yn 2012 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan Benthem Crouwel Architecten en Movares. | |
Utert Steatsspoar | Unyk ûntwerp | gebou yn 1944 troch brân ferlern gien, stasjon sletten yn 1874. | |
Utert Vaartsche Rijn | Unyk ûntwerp | ||
Utert Lunetten | Lyts gebouke | 1e stasjonsgebou yn 1978 ôfbrutsen, 1e stasjon sletten yn 1932. Stasjon yn 1980 weriepene mar 1 km súdlik fan it eardere stasjon. | |
Mereveldseweg | Gjin | stasjon sletten yn 1928. | |
Houten | Type Houten | 1e stasjonsgebou yn 2007 150 meter ferpeatst. Stasjon sletten yn 1934. Stasjon yn 1982 weriepene. | |
Houten Castellum | type Rânestêdspoarhalte | ||
Schalkwijk | Type Houten | gebou ôfbrutsen yn 1964, stasjon sletten yn 1935. | |
Culemborg | Type Houten | 1e stasjonsgebou yn 1974 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt Douma. | |
Tricht | Stasjon sletten | ||
Geldermalsen | Type Houten | 1e stasjonsgebou yn 1884 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt M.A. van Wadenoyen. | |
Waardenburg | Type Houten | gebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1935. | |
Sâltbommel | Type Sâltbommel | 1e gebou yn 1984 ofbrútsen. Hja wiene fan miening dat it âlde stasjonsgebou te fier bûten it sintrum fan 'e stêd lei, it is 700 meter ferpleatst it nije stasjonsgebou is in unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast. | |
Hedel | Type Sâltbommel | gebou ôfbrutsen yn 1950, stasjon sletten yn 1935. | |
De Bosk | laach en lang stasjonsgebou | 1e stasjonsgebou yn 1893 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt E. Cuypers. 2e stasjonsgebou slim skansearre rekke yn de twadde wrâldkriich en yn 1950 ôfbrutsen, yn 1952 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan S. van Ravesteyn. 3e stasjons gebou yn 1996 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan R.M.J.A. Steenhuis. | |
Vught | Type Sâltbommel | ||
Esch | Lyts gebouke | gebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1935. | |
Boxtel | type SS fjirde klasse | 1e stasjonsgebou yn 1872 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp. 2e stasjonsgebou yn 1998 ôfbrutsen en yn 2000 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekte E.G. Scheltens. |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Steatslinen | ||
---|---|---|
Steatsline A (Arnhim - Ljouwert) | Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns) | Steatsline C (Meppel - Grins) | Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) | Steatsline E (Breda - Maastricht) | Steatsline F (Roosendaal - Flissingen) | Steatsline G (Venlo - Kaldenkirchen) | Steatsline H (Utert Sintraal - Boxtel) | Steatsline I (Breda - Rotterdam DP/Sintraal) | Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal) | ||
· · |